Meidogger oerlis:86.86.87.175

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Wolkom[boarne bewurkje]

Goeie,

Tank foar it ferbetterjen fan de fryske wikipedy. No hawwe jo lêsten op de side oer Ropta in fers fan Anders Minnes Wijbenga taheakke. No is it sa dat dêr auteursrjocht op sit. Op de wikipedy mei allinnich materiaal stean wat frij is om te brûken, en gjin wurk wêr't auteursrjocht op sit, dit om ynformaasje te jaan dy't foar elkenien foar elts te brûken is. No sil by it brûken fan wurk fan dizze skriuwer neffens my nea ien der oer folle, mar salang at dat wurk net frijjoen is troch âldens as troch tastimming fan deselde dy't it auteursrjocht hat (sil de bernsbern wol wêze) mei wy dat net brûke.
Ik hoopje dat dit jo net tsjinhâld om sa no en dan hjir wat flaters te ferbetterjen of gewoan wat rûn te sjen. Theun 14 okt 2007, 14.31 (CEST)

Achte Teun,
It is my dúdlik. Ut en troch strún ik wat troch jimme bydragen. Ik kom út de noard-east hoeke en wit dêrfandinne it ien en oar oer dy kriten. De namme is A. Kooi, weinje yn Drachten. Ik wie noch net fan doel om my as meidogger op te jaan, te min tiid foar ûndersyk.
Groetnis.
Te min tiid, dat jild foar de measten. Mar it moaiste fan de wikipedy is dat je nearne oan fêst sitte, jo kinne meidwaan wannear en hoe lang at je wolle. Dus as jo nocht hawwe fiel jo frij. Theun 14 okt 2007, 17.20 (CEST)

Eala, Tank dat jo op Fryske Wetters in ûntbrekkend wetter tafoegd hawwe. Ik kin de side dy't derby heart lykwols net skriuwe, om't ik net fine kin wêr't it wetter leit. Wie it mooglik en skriuw in pear wurden op de side Aldmear (Mitselwier)? It is oars sa dat ek minsken dy't net fan doel binne in protte te skriuwen, dochs meidogger wurde kinne. Dat is bygelyks makliker by it oerlis. Mysha

Stikjes[boarne bewurkje]

Achte Kooi, tank foar jo stikjes oer Worp fan Ropta en Aldmear (Mitselwier). Wat de lêste oanbelanget: dy is noch al wat oan de koarte kant. Kinne jo dêr noch wat mear oer fertelle? Tank yn it foar en groetenis, Wutsje 1 apr 2009, 01.49 (CEST)

Achte W. Jo moatte noch wat geduld dwaan. It komt der oan. Ek oer de bewenners en eigners fan Roptastate folget letter mear. Groetnis, Drewes.

Tank yn it foar dêrfoar. It wie oars net myn bedoeling jo oan te trunen hear. Gr, Wutsje 1 apr 2009, 13.00 (CEST)

Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.