Meidogger oerlis:Theun/Argyf3
Earder argyf, neikommend argyf
stavering
[boarne bewurkje]Hoi Teun (=Theun fansels),
As sto in artikel fan mei by del rinst foar de stavering dan bin ik altyd nijsgjirrich wat sto der wer fan makkest hast. Want der stek ik wer wat fan op, mar soms past ek wurden oan, dy neffens mien (=myn) wurdboek goed staverd (stavere) binne en dan bringst mei oan it twivelje (=twifeljen).--Geoffrey 23 feb 2007, 23.17 (CET)
- Kinst ek oanjaan hokker wurden, kin ik it miskien útlizze en ik kin fansels ek flaters meitsje. Ik lear ek hieltiten noch by.
- Ik bin fan hús út in wâldpyk dus it kin ek wêze dat ik somtiden in wurd dêrom miskien oars staverje at jo dien hawwe. Ik pak net by elts wurd it wurdboek derby.
- Foarbylden binne misken bruorren (of broers), hieltyd (of hieltiten)?? Dat hie ik miskien dan better net oanpasse kint, is mear wat ik moaier stean fûn yn dy sin. Bruorren moat ik nochris opsykje hoe at dit sit, broers stiet yn myn wurdboek. Bruorren wurdt wol in protte brûkt, googelje dêr mar ris op?
- Hokker wurdboek brûke jo, ik haw hjir thús it Frysk wurdboek (yn twa dielen) fan de Fryske Akademy út 1985.
- Ik haw it idee dat jo noch wol wat wrakselje mei de tiidswurdsfoarmen. Wat dan wol nijsgjirrich is http://www.digischool.nl/fry/ (de side is fernijt, sjoch by Ferskaat/Twadde Faze foar it âlde part wat ik wol ris troch naam haw. Benammen de tiidwurden en dan ek de list fan ûnregelmjittige tiidwurden is wol oan te riden om ris troch te nimmen. Theun 25 feb 2007, 10.29 (CET)
Wat dat bruke (brûke) fan tiidwurden klopt (=kloppet). Neffens mei komt dat ik frysk op syn leewadders praat. Ik brûk as wurdboek Van Goors' klein Fries woordenboek út 1980. It skriuwe (skriuwen) gjit (giet) mei (my) hieltiid beter (=better) ôf, haw'k it idee, mar ik moat der noch wol in soad foar dwan (=dwaan). Wat mei hjir wol wat opfalt is dat op uses wikipedia ferskaat frysk skreaun wurd. Ik kin it ferkeard sjen, mar neffens mei skriuwt net eltsenien de wurden op deselde wize. Mar dat kin ik noch net goed beoardele (=beoardiele). It falt mei op.--Geoffrey 28 feb 2007, 23.23 (CET)
- Ik tink dat eltsenien dy't hjir op it stuit bot aktyf is net sûnder flaters skriuwt. Ik betraapje my der sels ek wol ris op. Ik haw de lêste dagen ek alwêr leart dat ik net hiet brûke mat mar hjit, en hân ynstee fan hawn.
At jo eat net dúdlik is of jo binne it earne net mei iens, efkes in berjochtje op in oerlis side, dêr leare wy dan ek wêr fan.
It falt my ek op dat jo hieltiten mei skriuwe ynstee fan my. No sizze wy yn de wâlden altiten mie, hie en sie ensfh. dus fyn ik it logysk om it mei in y te staverjen, ik kin my yntinke dat at je went binne mei, hei en sei te sizzen dat je it ek sa skriuwe wolle mar dat is net just. Theun 1 mar 2007, 21.29 (CET)
Lisinsje foar ôfbylden
[boarne bewurkje]Bêste Theun,
Der stean no gjin yllegale ôfbylden mear op 'e Fryske wiky fan Kening Aldgilles. Ik ha trije ôfbylden wiskje:
De oare ôfbylden binne foarsjen fan in logo. Dy ôfbylden ha ik fan de Ingelske wiky ôfhelle. Dêr stiet ommers ek in frij om te kopieare logo.
Mei freonlike groetnis, Kening Aldgilles 26 feb 07
Anneboer
[boarne bewurkje]Hoi Teun, klopt ik hjit der Anneboer, wiskje it oerlis mar--Geoffrey 26 feb 2007, 19.38 (CET)
Sjabloon
[boarne bewurkje]Hoi, ik wol ris in sjabloon besike te meitsje, mar kin op use helpside hear neat oer fine. Ik nim oan dat it net folle ferskilt mei de nederlânske wikipedia. Mar hokker wurd brûke wy hear foar. Fieder woe ik dei fregje of ik it wol goad dien haw mei it oanbeane fan de foto op de side oer Eastsee, sjoch Ofbyld:Oostzee.jpg, want dizze stie net op commons. Groetnis--Geoffrey 27 feb 2007, 21.14 (CET)
Teun dizze redirect kin fuoart. Ik wie wat te bolstjoerig.--Geoffrey 4 mar 2007, 22.42 (CET)
Koördinaten
[boarne bewurkje]Ik wit net krekt hoe't ik de koördinaten boppe yn it skerm krije kin. Miskien moatte wy immen fan de Ingelske wiky freegje?
Kening Aldgilles 5 mar 2007, 18.59 (CET)
GTA print
[boarne bewurkje]Goeie Theun,
Ik sil de ôfbyld fan ús wikipedy helje, do hast gelyk. Ik soe dat as moderator ek witte moatte. Tige tank foar dyn skerpe ûnderboude krityk ;-)
Freonlike groetnis, Kening Aldgilles 18 maart 07 18:20 CET
Click
[boarne bewurkje]Eala Theun,
Sil der ris nei sjen, mar soe it berjocht:click wol behâlde wolle.
Mei golle groetnis, Kening Aldgilles 28 maart 07 19:25 CET
snap ik net
[boarne bewurkje]Hoi Theun, haw krekt dien opmerkings lezzen: ik nim sy terharte mar dizze begriip ik net:
Kinst ek ast fan fanút :nl in side oersets de interwiki nei nl der ek fuort bysette, yn plak fan dy fryske ;). groetnis, --Geoffrey 29 mar 2007, 20.49 (CEST)
kursus Frysk
[boarne bewurkje]Theun, ik tink dat ik my takommet jier mar es in kear opjou foar in kursus frysk, oant dy tiid, sastet doen mutte met mien tekstflaters.--Geoffrey 29 mar 2007, 21.01 (CEST)
kategorisaasje
[boarne bewurkje]Theun, ik sil foar my sels in opsetsje meitsje op hokker wiize ik de kategory dy't de Romeinen oanbelanget sjoch en it dei of oaren foarlizze en dan moate wy it mar renovearje --Geoffrey 29 mar 2007, 21.17 (CEST)
Siden wiskje
[boarne bewurkje]Bêste Theun,
Sil der om tinke as ik wer in side wiskje moat.
Groetnis Kening Aldgilles 01 apr 07 10:12 CET
Tonger
[boarne bewurkje]Hoi Teun,
De wiisheid hawwe ik út in boek helle fan D. Kalma, Skiednis fan Fryslan, side 41. Dit hie ik der miskien better bysetten kennen.
Ik wol it artikel noch wol fjider útwreide. Mar de moeilikheid sit him deryn dat der wol wat bekend is oer de Germaanske goden, mar oer de Fryske goden in bietjse. Faaks wienen de Fryske goden deselde as de Germaanske goden. Ik feroare de namme fan de side wol yn "Tonger (god)", mei in trochferwizingside.--Geoffrey 7 apr 2007, 20.48 (CEST)
- Teun, ik bin goad op de hichte fan de perikels oer auteursrjocht. En ik fien it ommers folle leuker om sels in ferhaal derfan te meitsjen. Mar in side moat wol op wierheid baseare weze, fandere de boarneferwizings. Sit der mar net oerien.--Geoffrey 7 apr 2007, 21.00 (CEST)
Net betrouber
[boarne bewurkje]Hawwe wy al sa berjocht? Net betrouwber --Geoffrey 9 apr 2007, 23.09 (CEST)
parte
[boarne bewurkje]Bêste Theun,
De útgongen wienen my bekend, no wit ik net oft partsje al of net in regelmjittich tiidwurd is. Mar parte sil neffens deistich taalbrûkme it foarneamste wêze.
Kening Aldgilles 2 maaie 2007, 17.25 (CET)
Wiskje
[boarne bewurkje]Hoi Theun,
Ik haw in fraach, wat moat ik dwaan as ik in side stjit kom der't ûnsin op tsjit en dy't neffens my wiskje moat wurden. Hawwe wy der ek in wiskje-berjocht foar, krekt as op'e Nederlanske wikipedy? Groetnis --Geoffrey 6 mai 2007, 22.44 (CEST)
- Ik bin wol wat ferslingerd rekke oant wikipey, en no benammen oan´e fryske, mar ik foel my noch net roppen omt behearder te wurden. Moat earst mar res sjen oft ik hingje bleau, want ik haw sjoen dat in soad fanatyk beginne en dan ynienen ophalde. En oer myn fryske stavering bin ik ek noch net tefreden. Mar werom hawwe wy net krekt as op´e nederlanske wikipedy san berjocht, dat as ik in side tsjin komt dy´t net kloppet, san berjocht tafoege kin sadat wy dy siden byien krije. Moat ik oars besikje om soks te meitsjen? Groetnis--Geoffrey 7 mai 2007, 22.15 (CEST)
Opbaarne meidoggers
[boarne bewurkje]Wy soenen by it wolkom daalks sizze kinne dat hja it stadichoan dwaan moatte, mar dy kearen dat ik dat dien haw, wie de reaksje dat de lju der op achtsje soenen, mar dochs wol alle ditofdats beskriuwe woenen. Dat kinne wy fansels ek net tsjinhâlde, dat fy: giet wat mei skokken foarút. Mar goed, dat is normaal foar in reau at der gjin bestjoerder mei ûnderfining yn sit. At it ding mar yn beweging bliuwt nimt de faasje fan de skokken ta, en op den djoer komt de gong der yn. Aliter 8 mai 2007, 23.25 (CEST)
Douwe
[boarne bewurkje]Prima, dog mar --Geoffrey 10 mai 2007, 22.23 (CEST)
- At Douwe allinnich mar in synonym wie foar D., dan hie it ek mûglik wêze moatten om sûnder wiskjen te werneamen. Wa wit komt dat nochris te pas. Aliter 10 mai 2007, 23.23 (CEST)
Goeie Theun, ik haw in fraachje oer de searje Dankert & Dankert, ik kin der net gauris oer fine (sels net op de Fryske Wikipedy, wat in skamte haha), wol in lyts artikeltsje op omropfryslan.nl, mar ik haw lêze dat er foar it program in twijde rige maket wurdt, ik wit allinne net of dat al wêst is, witsto of it now noch op tv te sjen is, of wolst der faaks in artikel oer skriuwe? Groeten Servien 21 mai 2007, 13.55 (CEST)
http:// www.yamour stip com/evolution/wikipedia.html
[boarne bewurkje]Hallo Theun,
It is moai dat http:// www.yamour stip com/evolution/wikipedia.html op de wite list stiet, mar it hie net krekt dy tekst wêze moatten. Ik hie der in " stip " ynsetten op it stee fan in ".", om't it spamfilter it my oars net skriuwe liet, en doe haw ik noch in spaasje efter "http://" set om't ik oars in nuver slach keppeling krige. No't ik der nochris oernei tink hie dat lêste faaks genôch west. Kinne dy wizigings op de wite list weromtocht wurde om der wer in gewoane eksterne keppeling fan de meitsjen? Ik woe graach de keppeling ferfryskje op dy side, mar oars wol dat net. Mysha
oermasterre of oermastere
[boarne bewurkje]Teun op hokker wize moat it wurd oermasteren skreaun wurde yn de doe tiid, wurdt it dan oermasterre of bliuwt it oermastere. Groetnis --Geoffrey 14 jun 2007, 22.43 (CEST)
- "Oermasterje"? Mysha
It tiidwurd is Oermasterje (oermasteren is doe-tiid meartal)
digiskoalle (A4. Bûging fan regelmjittige tiidwurden op -je)
Oermasterje dus Stam = Oermaster
Neffens my wurdt it op it plak wêr't ik it yn Sassaniden oanpast haw brûkt as doetiid tredde persoan.
Dus Stam + e = oermastere. Theun 15 jun 2007, 12.56 (CEST)
P.S. By it foarbyld op digiskoalle stiet krekt dizze foarm ferkeard oanjoen (wurket).
Ynterwiki
[boarne bewurkje]Goeie(e) Theun,
Ik leau net dat Ynterwiki op himsels net wurket, al binne der fansels bettere systemen te betinken, mar der binne lju dy't tinke dat der altiten in menear wêze moat om artikels yn ferskate talen lyk te stellen. Dat is fansels net sa; dat kin noch net iens at men besyket om de talen lyk te hâlden, dus wis ek net at eltse taal gewoan syn eigen siden skriuwt. Mar at dat net kin, dan moat in ynterwiki-bot dus in foarsjenning hawwe foar in sitewaasje dêr't twa artikels mei deselde side yn in oare taal keppele binne. Dat is no net sa, haw ik it idee, mar de bestjoerders sjogge dat skynber as problemen fan de wikipedia, yn stee fan fan de bots.
Nee, ik woe Goeiee net spesjaal hâlde; it wie allinnich dat er ek gjin kwea koe. It liket my net dat immen der noch wat mei dwaan sil, of it moat ferkeard stavere wêze foar it eilân Goeree. Mysha
Ferpartsje
[boarne bewurkje]Bêste Theun,
Is al klear, it stiet no goed op 'e beide siden.
Groetnis Kening Aldgilles 23 jun 07 9:49 CET
Moast dyn mail noch wer even leze.
Teun, ast noch tyd hast, soe sto dan de side fan Afrika tebeksette wolle nei de eardere situaasje. Neffens mei hienen wy dit op de oerlisside ôfprate om it krekt sa te dwaan as mei Sina en oant no ta is net bart en ik wit net krekt hoe't moat. Ik winsk dy alfast by dizze in goeie fakânsje--Geoffrey 3 jul 2007, 19.24 (CEST)
keppeling om utens
[boarne bewurkje]Hoi Teun, sorry mar ik hie net troch dat er syn eigen side oan it promoate wie en ik wit ek net hokker belied wy hjir fiere. Ik wie benammen fertocht op flauwe kul. Groetnis--Geoffrey 4 jul 2007, 21.33 (CEST)
Tetris op Ynternet op de swarte list?
[boarne bewurkje]Ik seach foar de wite list "beide mar derby" dat ik tocht dat Tetris ek besjoen wie. Mar it docht bliken dat dy "beide" beide fan de ISBN-check binne. Is de sjury noch yn diskusje oer it spyljen fan Tetris op it ynternet, of is dat ôfkard? Mysha
- Hm.., in sjuery hawwe we net?? Gewoan hielendal fergetten. Theun 5 jul 2007, 12.30 (CEST)
- Tank. Mysha
Argeology en Gouden ieu
[boarne bewurkje]Twa antwurden:
- Ik sil siden werneame as der twa betsjutting binne foar ien begryp. Lykas Grut-Brittanje of it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân. Archeology is net in Frysk wurd, en neffens my wie dat allinnich mar fersmoarging fan de W-Fryske Wikipedy.
- Do hast gelyk wat de oare meidoggers oanbelanget, eltsenien moat fansels wol motivearre wêze om in stikje foar de Frysk Wikipedy te skriuwen. Mar dit is de Fryske Wikipedia, net de Nederlânske. Dat Fryslân no opdiele is troch Nederlân, Dútslân en Denemark is in feit. Mar dat betsjut net dat ik út Nederlânsk eachpunt wei skriuwe sil. Foar Fryslân wie de 17e ieu ferskriklik, de Friezen fjochten foar en ûnder in frjemde hearskappij. De 7e ieu wie foar ús de gouden ieu, sjoch mar ris yn Fryslâns ferline, ISBN 90-6273-598-3 side 43). Dit boek is útjûn troch de AFûK en is nei alle gedachten it bêste skiednisboek wat rjocht docht oan 'e skiednis fan 'e Friezen. Alle Nederlanners of oare net Friezen meie om my wol skriuwe yn dizze wikipedy. Dat is rykdom foar ús taal. Mar ik ferwachtsje wol achting fan harren foar ús skiednis, dat is net tefolle frege tinkt my. Kening Aldgilles 5 jul 2007, 18.09 (CEST)
- Ok, ik haw de siden frijjûn, no kin eltsenien de siden bewurkje. Ik hoopje al dat nimmen in flater makket. Sjoch mar ris yn it boek, en noch in noflike fakânsje tawinske. Wannear silst der wer wêze? Dyn bydragen op wikipedy hawwe altyd goed west. Hoopje dy gau wer te sjen. Groetnis Kening Aldgilles 5 jul 2007, 23.30 (CEST)
Patrolled edits
[boarne bewurkje]Om patrolled edits aan te zetten, zul je een developer moeten contacteren. Ik denk dat http://bugzilla.wikimedia.org de plaats is waar je het moet opvragen, maar helemaal zeker weet ik dat niet. Ik heb een verzoek gedaan op http://bugzilla.wikimedia.org/show_bug.cgi?id=10584, laten we hopen dat dat werkt. - André Engels 14 jul 2007, 21.47 (CEST)
Tebekset
[boarne bewurkje]Goeie Theun, Ik seach datst dwaande bist mei de berjochten. Ik tink dat de term tebekset(te)(n) faaks better ferfongen wurde kin troch in fariant út de kompjûter wurdlist.
- reverse omkeare / eat ûngedien meitsje
- revert weromfalle / weromkeare / werom sette / (of werom draaie)
Tebekset(ter) wurdt meast brûkt foar "tegenslag"
Groetnis, B. 17 jul 2007, 11.51 (CEST)
- Hoi Bauke,
- Ik pas sa no en dan wat berjochten oan at ik wêr ris in skerm tsjinkom mei wat ingelske teksten, tebeksette haw ik lykhâlden oan de tekst dy't op dat plak ek brûkt waard. It wie my al opfallen dat op in oar plak (foar it werom setten fan siden) werom sette brûkt waard. Ik sil de list ris neirinne en oeral wêr't tebeksette brûkt wurdt dit feroarje yn werom sette, of at jo ek nocht hawwe meie jo fansels ek wol.
- Wiene jo ek noch fan doel om nei de PC ta, ik gean sa at it no stiet al wêr hinne. We hawwe noch gjin kaarten dus ik sil wol meastentiids stean moatte. At jo ek hinne geane stjoer ik wol efkes in meeltsje mei in foto, dan komme wy mekoar fêst wol tsjin. Theun 17 jul 2007, 12.35 (CEST)
- As heal kin gean ik al eefkes nei de PC, faaks allinne de middeis want myn knyntsjedagen sitte der sawat op. As der fan'e wike nochris in reinige dei tusken sit, rin ik ek wol eefkes wat berjochten bylâns. Groetnis, B. 17 jul 2007, 13.12 (CEST)
- Ik bin de berjochten al bylâns west, wie samar klear.
- Ik stjoer koart fan tefoaren wol een meeltsje, meast stean ik mei de finale achter it perk, dêr kinst it altiten it bêste sjen fyn ik sels. Theun 17 jul 2007, 13.40 (CEST)
- As heal kin gean ik al eefkes nei de PC, faaks allinne de middeis want myn knyntsjedagen sitte der sawat op. As der fan'e wike nochris in reinige dei tusken sit, rin ik ek wol eefkes wat berjochten bylâns. Groetnis, B. 17 jul 2007, 13.12 (CEST)
List fan wichtige artikels
[boarne bewurkje]Hoi Theun, Ik wit it eins sels net wat ik der mei oan it dwaan bin. Ik tink dat ik it leuk fien om it oan te fulje, mar ast sto dy der wat oan eargerst dan hâld ik der wol mei op. Groetnis--Geoffrey 20 jul 2007, 19.54 (CEST)
zij
[boarne bewurkje]Theun fraagje, wurdt zij no skrean as sy of is it se. Groetnis--Geoffrey 21 jul 2007, 23.31 (CEST)
- Sy, (meist ek hja brûke). Se kin yn sommige gefallen ek wol, mar dan op plakken wêr't yn it nederlânsk ze brûkt wurdt. Bygelyks, ik haw se warskôge.
- Sy wurdt ek op ferskillende wizen útsprutsen. Yn de wâlden wurdt ít Sie, op de klaai is it Sij.
- Miskien is it yn detail net hielendal goed wat ik hjir fertel, mar ik haw dan ek gjin frysk skriuwen leart op skoalle. Theun 22 jul 2007, 10.11 (CEST)