Wikipedy oerlis:Kandidaatsiden
Kandidaatsiden
[boarne bewurkje]Ik haw dizze side oanmakke yn it ramt fan de Topsiden. Der binne noch wat lytse dinkjes, sa soe der noch efkes ien sjen moatte nij de stavering fan dat wat ik skreaun ha. Ik ha wolkekliuwer no foardroegen as kandidaatside, mar efter it berjocht komt it net goed mei de ~, dy bedarret no yn in aparte boks, wylst it der gewoan efter komme moat. Dêrnjonken soe ik fansels graach hearre of't der noch op- en oanmerkings binne oer de side. Groetnis, J'88 3 jan 2011, 13.52 (CET)
- Ik fyn it in goed inisjatyf, wat mear struktuer deryn kin net kwea. --Geoffrey 3 jan 2011, 21.07 (CET)
- Ik tink ek dat der nog in beskate struktuer komme moat yn de oanfragen. Op de Afrikaanske wikipedy binne beskate regels wêroan foldien wurde moat. Sa moatte der yn elts gefal twa of trije minsken oan it stik skreaun hawwe. Ik wit dat oan myn stikken faaks in soad te feroarjen is, dat soks soe in goede eask wêze foardat de side hjir pleatst wurde mei. Ek de side Wikipedy:Artikelhifker kin hjirby belutsen wurde. J'88 3 jan 2011, 21.31 (CET)
- OK, dizze side ha ik wat útwreide en dizze side is nij. Groetnis --Kening Aldgilles 3 jan 2011, 23.21 (CET)
- Hawwe ek in wat fantasyfollere namme as topside? Mar ik leau, dit is myn ding net sa. Ik haw leaver dat in stobbe in side wurdt as dat in side in topside wurdt. At ik it oan tiid haw sil ik besykje en sjoch ris of der noch mear Hollanismen yn Melboarn sitte. Mysha
Tal stimmen
[boarne bewurkje]Hoefolle stimmen binne der nedich om fan in side in topside te meitsjen? Ik soe sizze in stik as trije. Dêrby hâld ik rekken mei it tal meidoggers dat hjir op 'e side komt en meistimd. Gr. Wolter
- Ik sit mear te tinken oan 2 op 1 , dus twa stimmen foar mear nedich op 1 stim tsjin sa ha je dus bygelyks 3 stimmen foar nedich om foar it predikaat topside yn oanmerking te kommen. En by twa tsjinstimmen ha je dus 6 stimmen foar nedich om der foar yn oanmerking te kommen. Wikiice 5 jan 2011, 13.20 (CET)
- Ik tink dat it foarstel fan Wikiice te dreech is op it stuit. Wy binne mei te min meidoggers om it sa te dwaan tink ik. Ik soe ek sizze in stik as trije stimmen. Litte wy it dan op fiif hâlde. Ik tink dat op it stuit der trije foar binne en twa tsjin, en de meidoggers dy't tsjin stimme goeie redenen dêrfoar hawwe elkenien dat hjir akseptearje kin. Neffens my is de sfear op ús Wikipedy sa goed dat der begrip is foar in oar syn miening en dat dy ek respektearre wurdt. Ik haw yn elts gefal it tiidrek fan twa wike oanhulden. J'88 5 jan 2011, 21.14 (CET)
- Dat is wier trije stimmen foar is foarlopig ek wol genôch. Wikiice 6 jan 2011, 10.36 (CET)
- Ik tink dat it foarstel fan Wikiice te dreech is op it stuit. Wy binne mei te min meidoggers om it sa te dwaan tink ik. Ik soe ek sizze in stik as trije stimmen. Litte wy it dan op fiif hâlde. Ik tink dat op it stuit der trije foar binne en twa tsjin, en de meidoggers dy't tsjin stimme goeie redenen dêrfoar hawwe elkenien dat hjir akseptearje kin. Neffens my is de sfear op ús Wikipedy sa goed dat der begrip is foar in oar syn miening en dat dy ek respektearre wurdt. Ik haw yn elts gefal it tiidrek fan twa wike oanhulden. J'88 5 jan 2011, 21.14 (CET)
Topsiden en side fan wike 2011
[boarne bewurkje]Einliks rinne we no al efter de feiten oan. Wylst wy dwaande binne mei it besprekke fan ien of twa topsiden sitte wy alwer healwei wike 1 en wike 2 sit der oan te komme. De side fan de wike 2011 hawwe al mei de haadside ferbûn en oant en mei wike 51 binne alle wiken al artikels. Kinne wy net better earst ús enerzjy dêroan bestede. Lit ús dizze list earst ris del rinne. Hawwe wy wol de goeie artikels selekteare. Sitte der wol genôch siden by dy't wat mei Fryslân of de Fryske kultuer te krijen hawwe. Is de ferhâlding 1:3 goed of moatte der just mear Fryske siden komme? --Geoffrey 5 jan 2011, 22.01 (CET)
- It ien hoecht op it stuit gjin ferbân mei it oare te hawwe. It doel is dat al fansels. Der moat ergens in begjin makke wurde, lit dat de begjin fan 2011 wêze. As it nedich is kinne ek inkele siden fan foarich jier op 'e nij Side fan de Wike wurde. J'88 5 jan 2011, 22.50 (CET)
- Dêr bin ik it folslein mei iens j'88. Wikiice 6 jan 2011, 10.35 (CET)