Wikipedy:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2011
Siden fan de wike yn 2011
[boarne bewurkje]Wike 1
In wolkekliuwer is in bysûnder heech gebou dat brûkt wurdt om yn te wurkjen en te wenjen. Bouwurken sa as de Eiffeltoer en de CN Tower binne dus gjin wolkekliuwers. Fanâlds is de Feriene Steaten om syn stêden mei wolkekliuwers, mar yn Aazje wurde ek hieltyd mear boud, bygelyks yn Hong Kong, Singapore en Peking, binne ferskate hege gebouwen te finen. Yn Jeropa is Frankfurt am Main ferneamd om syn wolkekliuwers. Yn Moskou, Parys en Londen stean ek aardich wat hege bouwurken. Rotterdam stiet yn Nederlân bekend as stêd mei in soad heechbou.
Wike 2
Edzard I of Edzard de Grutte (Greetsiel, jannewaris 1462 - Emden, 14 febrewaris 1528), út it haadlingelaach Cirksena, wie greve fan East-Fryslân fan 1491 oant syn dea yn 1528. Yn syn libben hat er besocht nei de ein fan de Fryske frijheid safolle mooglik Fryske lannen ûnder ien gesach te bringen. Yn de Kanon fan de Fryske Skiednis wurdt er de Bouwer fan in Fryske steat neamd.
Wike 3
Afrikaansk is in Westgermaanske taal, basearre op it Nederlânsk fan de 17e iuw. De taal waard pas op 8 maaie 1925 offisjeel erkend. It Afrikaansk wurdt it meast sprutsen yn Súd-Afrika dêr't it ien fan de alve offisjele talen is. Dêrnjonken is it ek in wichtige taal yn Namybje dêr't it as lingua franca brûkt wurdt. Yn totaal wurdt de taal troch likernôch 6,4 miljoen minsken as memmetaal brûkt.
Afrikaansk en Nederlânsk binne noch foar in grut part ûnderling fersteanber. Ek foar Frysk-sprekkers is it Afrikaansk goed oan te learen. De útspraak en grammatika fan it Afrikaansk is mear analytysk en simpeler as oare Germaanske talen. Neist it Nederlânsk, de wurdskat fan it Afrikaansk bestiet foar 85% út Nederlânske wurden, hawwe ek in protte oare talen it Afrikaansk beynfloede, bygelyks Maleisk, Portegeesk, Frânsk, Dútsk, Ingelsk en oare Afrikaanske talen.
Wike 4
De Noardlike Marianen, folút Mienebest fan de Noardlike Marianen is in eilannekloft yn Oseaanje. De kloft is in apart territoarium mei in politike bân mei de Feriene Steaten mar is net ûnôfhinklik.
Haadstêd fan de Noardlike Marianen is Saipan, dat op it eilân mei deselde namme leit. It totale oerflak fan de eilannen is likernôch 477 km². Op de Noardlike Marianen wenje, neffens de lêste offisjele folkstelling yn 2000, 69.221. Oan de telling is ek te sjen dat hast eltsenien op Saipan, Tinian en Rota wennet. De ienige útsûndering wienen seis minsken op Alamagan.
Wike 5
De Tynje is in doarp yn de gemeente Opsterlân, noardwest fan De Gordyk. It leit sawat 16 kilometer noardeast fan It Hearrenfean. Yn 2008 wennen der 1.500 minsken.
Wike 6
It syndroam fan Asperger, ek wol aspergersyndroam, is in pervasive ûntwikkelingssteurnis. It syndroam is neamd nei de Weenske bernedokter dr. Hans Asperger. Skaaimerken fan it syndroam binne beheiningen op it mêd fan sosjale ynteraksje en kommunikaasje. Dêrneist is it tal ynteresses en aktiviteiten beheind. Oars as by de klassike autistyske steurnis is der gjin sprake fan fertraging yn de ûntwikkeling fan de taalfeardigens op jonge leeftyd. Der is in normale of bytiden hege yntelliginsje en it stribjen om kontakt te meitsjen leit op in trochsneed nivo.
Ornaris wurdt it aspergersyndroam sjoen as in syndroam dat de minske by de berte meikriget en net te genêzen is. It syndroam oppenearret him sa likernôch op in leeftyd fan fjouwer jier. De krekte oarsaak fan it syndroam is net bekend.
Wike 7
In tropysk reinwâld is in wâld dat yn de Tropen leit, dêr't it relatyf waarm en fochtich is en libje in protte plant- en bistesoarten. It reinwâld hat it grutste en rykste ekosysteem fan de wrâld. Sommige Aziatyke bestean al mear as 100 miljoen jier en stamje dêrmei út de tiid fan de dinosaurussen. De lêste hûndert jier wurdt it tropysk reinwâld bedrige mei houtkap en oare minsklike aktiviteiten.
Wike 8
Abe Lenstra (It Hearrenfean, 27 novimber 1920 - It Hearrenfean, 2 septimber 1985), ek wol ús Abe, is in Fryske fuotballeginde. Lenstra wurdt wol sjoen as ien fan de bêste Nederlânske fuotballers ea. Om syn persoan binne tal fan ferhalen en sêgen ûntstien. Hy wurdt sjoen as ien fan de meast ferneamde Friezen allertiden en is opnaam yn de Kanon fan de Fryske skiednis. Nei syn dea is it fuotbalstadion fan SK It Hearrenfean nei Lenstra ferneamd, it Abe Lenstra Stadion.
Wike 9
De Feriene Steaten fan Amearika (FS, USA) is in Noardamerikaansk lân, besteande út in federaasje fan 50 steaten dêr't 48 fan byelkoar lizze en yn it noarden grinzet oan Kanada, yn it easten oan de Atlantyske Oseaan, yn it suden oan Meksiko en oan de See fan Meksiko, en yn it westen oan de Stille Oseaan.
De steat Alaska leit apart fan de oare steaten en grinzet oan de Noardpoalsee yn it Noarden, oan Kanada yn it easten, oan de Stille Oseaan yn it suden en oan Ruslân yn it westen. Yn de Stille Oseaan leit de steat Hawaï. Fierder hat it lân nog wat oare gebieten dy't der fia in ferskaat oan regels oan keppele binne.
De presidint fan de Feriene Steaten is sûnt 2008 Barack Obama.
Wike 10
Sutfen (Nederlânsk: Zutphen, Nedersaksysk: Zutfent) is in stêd en gemeente yn de provinsje Gelderlân oan de rivier de Isel. De gemeente hat 46.724 ynwenners (2006) en in oerflak fan 42,26 km², wêrfan 1,79 km² wetter.
De skiednis fan Sutfen bestrykt mear as 1700 jier. Yn dy tiid is it útgroeid fan de Germaanske delsetting nei in middelgrutte stêd. De stêd krige stedsrjochten yn de 12e iuw en waard lid fan de Hânze. It Wapen fan Sutfen draacht noch altiten de symboalen fan in Hânzestêd.
Yn 2005 is de eardere oanswettende gemeente Warnsveld fusearre mei Sutfen.
Wike 11
Doeke fan Martena of Duco Martena (? 1530 - Ljouwert, 11 novimber 1605 ) wie lid fan de Steaten Generaal fan Fryslân, earste admiraal Fryslân en fan de wettergeuzen op de Sudersee en kommandant fan Hasselt. Hy is de lêste manlike ôfstammeling fan in âld geslacht fan Koarnjum, dat op Martenastate wenne.
Syn komôf en houlik leverje Doeke in flugge karriêre op. Al ier wurdt er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en letter ek fan Deputearre Steaten. Hy ferset him fûl tsjin de strange maatregels fan lânfâd Alva en steedhâlder Caspar de Robles. Op syn stee Martena State hâldt er geheime gearkomsten ...
Wike 12
Man is in eilân yn ’e Ierske See, yn it geografyske mulpunt fan ’e Britske Eilannen, op likernôch gelikense ôfstân fan noardlik Ingelân, yn it easten, Noard-Ierlân, yn it westen, en Skotlân, yn it noarden, ôf. Wales, yn it suden, en Ierlân, yn it súdwesten, lizze der wat fierder fanôf. Man is in selsbestjoerend gebiet dat ôfhinklik is fan ’e Britske Kroan, mar gjin diel útmakket fan it Feriene Keninkryk. Ek sit Man net by de Jeropeeske Uny.
Wike 13
Tuberkuloaze is in slimme, bytiden besmetlike baktearjele ynfeksjesykte meast feroarsake troch Mycobacterium tuberculosis. Dizze baktearje is yn 1882 ûntdekt troch Robert Koch. Troch brûken fan meardere dêrta geskikte antibiotika tagelyk is tuberkuloaze tsjintwurdich goed te behanneljen.
Wike 14
It Westerkertiersk, inkeld ek wol Westgrinslânsk neamd, is in Nedersaksysk dialekt dat sprutsen wurdt yn it saneamde Westerkertier, it súdwestlike part fan 'e provinsje Grinslân, en yn it easten fan 'e Fryske gemeente Kollumerlân.
It Westerkertiersk wurdt tsjintwurdich noch sprutsen troch likernôch 23.000 minsken. Dêrfan wenje goed 22.000 yn Grinslân en likernôch 800 yn eastlik Kollumerlân. In grut part fan 'e sprekkers heart lykwols ta de âlderein en sadwaande nimt harren oantal ôf.
Op guon kaarten dêr't de dialekten fan Nederlân op oanjûn steane, wurdt in grut part fan it Westerkertierske taalgebiet omskreaun as "Kollumerlânsk", dat in Nedersaksysk dialekt wêze soe. In dialekt mei dy namme bestiet lykwols net en boppedat klopje de oanjûne grinzen net mei dy fan it Westerkertiersk. Mooglik komt dizze flater fuort út in betizing fan it Westerkertiersk mei it Pompstersk fan Kollumerpomp, dat in Nedersaksysk dialekt is, of mei it Stedske dialekt fan Kollum sels.
Wike 15
De Winterkriich, ek wol de Sovjet-Finske Oarloch of de Russysk-Finske Oarloch, is in koarte oarloch tusken Finlân en de Sovjet-Uny dy’t útein sette op 30 novimber 1939 en einige op 13 maart 1940 mei de ûndertekening fan de Frede fan Moskou. As gefolch fan dizze kriich waard de Sovjet-Uny op 14 desimber 1939 út it Folkebûn skopt.
By de ynfal hie Sovjetlieder Josef Stalin de ferwachting dat Finlân oan de ein fan it jier hielendal oermastere wie, mar de Finske wjerstân hat de Sovjets, dy’t de Finnen trije tsjin ien yn mannichten oertrof, tige ferrast. Finlân hat it út witten te hâlden oant it stuit dat der in fredesferdrach tekene waard yn maart 1940. Hjirby ferlear Finlân 10% fan har grûngebiet en 20% fan har yndustry oan de Sovjets.
Wike 16
Mei de term jazz wurdt in op ymprovisaasje basearre muzykstyl bedoeld dy't ûntstien is yn New Orleans út in krúsbestowing fan folk, blues, negro spirituals, ragtime, en klassike muzyk (It wurd jazz hat dêrby ek noch de bybetsjutting: hiel enerzjike dûns).
De skiednis fan wat wy no (2007) jazz neame giet lykwols fierder tebek as de krekt neamde muzykstilen. De wichtichste boarne foar de jazz leit nei alle gedachten yn Afrika. De Afrikanen dy't as slaven nei Amearika brocht waarden, namen ha tradisjonele, sterk ritmyske muzyk mei.
Wike 17
It Russysk (русский язык,) is ien fan de grutste talen fan’e wrâld en de grutste kultuertaal yn Jeropa. It Russysk heart ta de Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Binnen dizze taalfamylje heart it ta de Slavyske talen. It Russysk foarmet tegearre mei it Oekraynsk en it Wyt-Russysk de East-Slavyske taalgroep.
It Russysk is de offisjele taal fan de Russyske Federaasje en ien fan de wurktalen fan de FN. Neist it Russysk wurdt yn Ruslân noch in hûnderttal oare talen sprutsen, wêrûnder Tsjetsjeensk, Tataarsk, Kirgizysk, Basjkiersk. Yn de Sovjet-Uny waard it Russysk as lingua franca brûkt; yn guon eardere Sovjetrepubliken hat de taal dy status noch altyd, mar net mear sa bot as doe.
Wike 18
De skiednis fan Fryslân rint lykop mei de skiednis fan de Friezen. De Friezen teagen sa likernôch yn de 4e iuw f.Kr. nei it kustgebiet oan de súdlike igge fan de Noardsee. Geakundich sjoen in bysûnder lânskip troch de ynfloed fan de see en it terpelân.
Om 700 hinne is Fryslân in heidensk lân. Yn de 8e en 11e iuw wurdt Noard-Fryslân fan Friezen befolke, mar ûntjout himsels frij fan de oare Fryslannen. Yn de lette midsiuwen ferienigje de frije Fryske lannen (Fryske frijheid) har yn it Upstalbeambûn. Troch ûntwikkelingen yn de 15e en 16e iuw falle de Fryske gebieten útinoar: Westfryslân en de provinsjes Fryslân en Grinslân komme yn Nederlânsk steatsferbân. East-Fryslân bliuwt oant 1744 in greefskip yn it Hillige Roomske Ryk, dat as de foarrinder sjoen wurde kin fan Dútslân, dat as nasjonale steat yn 1871 oprjochte waard. Noard-Fryslân dat hiel lang ûnder Denemark foel, komt yn de 19e iuw foarfêst by Dútslân.
Wike 19
De Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging yn Nederlân (ôfkoarte NSB) wie in Nederlânske politike partij dy't fan 1931 oant 1945 bestien hat. De NSB wie in partij op nasjonaalsosjalistyske grûnslach en fungearre yn de Twadde Wrâldkriich as kollaboraasjepartij.
De NSB wie fan begjin oan in anti-parlemintêr en autoritêr en sy kende in grutte wearde oan in sterke lieder ta. Earst letter soe de partij ûnder ynfloed fan de ûntjouwings yn it Dútslân fan Adolf Hitler hieltyd mear radikalisearje, wêrby't ek hieltyd faker antisemityske stânpunten ynnaam waarden. It troch Mussert skreaune Program wie foar it grutste part in oersetting fan Hitlers NSDAP, mar rasselear en antisemitisme kaam der yn't earstoan net yn foar.
Wike 20
Pieter Jelles Troelstra (20 april 1860, Ljouwert - 12 maaie 1930, De Haach) is bekend wurden as sosjalistysk politikus dy't yn 1918, yn neifolging fan de Russyske revolúsje, yn Nederlân de sosjalistyske revolúsje útrôp. Mei in tal oaren ('de tolve apostels') stie hy yn 1894 oan de widze fan de Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij (SDAP) en yn 1897 kaam hy foar dy partij yn de Twadde Keamer. Net allinne troch syn politike aktiviteiten, mar ek troch syn rol as advokaat fan de bruorren Hogerhuis (de Hogerhuissaak) waard Troelstra nei 1897 ferneamd yn hiel Nederlân. Troelstra hat dêrnjonken yn Fryslân as Piter Jelles namme makke as dichter en skriuwer.
Wike 21
De Oriïnt Ekspres is de namme fan in ferneamde lúksetrein fan de Compagnie Internationale des Wagons-Lits (CIWL) dy’t fan Parys (mei oansluting op de trein fan Londen) nei Istanbûl ried. De rûte fan de trein is mear as iens wizige.
Op it heden rydt de trein net mear fan Parys nei Istanbûl. In trein hat oant 8 juny 2007 noch wol tusken Parys en Wenen riden, mar is dêrnei ophâlden. No rydt der in trein mei de Oriïnt Ekspres as namme tusken Strjitsboarch en Wenen. De trein giet alle dagen om 22.20 oere fuort, krekt nei de oankomst fan de LGV Est út Parys. De trein wurdt yn Karslrûhe oan de nachttrein fan Amsterdam nei Wenen fêstmakke.
Dêrneist wurde ûnder de namme Oriïnt Ekspres spesjale nostalgyske ritten organisearre.
Wike 22
Dimter (Nederlânsk: Deventer, Nedersaksysk: Deaventer, Dèventer yn IJA-stavering of Demter) is in stêd en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 89.142 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in oerflak fan 110,00 km² (wêrfan 2,58 km² wetter). De stêd leit oan de Isel. Yn it súdwesten van de gemeente rint de Schipbeek út yn de Isel. It haadplak fan de gemeente is de stêd Dimter, de oare plakken yn de gemeente binne: Colmschate, Diepenveen, Lettele, Okkenbroek en Schalkhaar.
Dimter is ien fan de fiif âldste stêden fan Nederlân en hat in lange skiednis. It plak wurdt al yn 9e iuwske boarnen fan it bisdom Utert neamd. Yn in oarkonde út 877 wurdt skreaun oer sân pleatsen yn Daventre (de haven Dimter). Yn 952 wurdt Dimter yn in skinkingsoarkonde fan keizer Otto I oan it Mauritskleaster yn Maagdeburg as stêd fermelden as urbs.
Wike 23
Dútslân (Bundesrepublik Deutschland) is in lân yn Sintraal-Jeropa. De haadstêd is Berlyn en de bûnskanselier fan de republyk is sûnt 2005 Angela Merkel.
Dútslân is in federale republyk mei sechstjin dielsteaten (Länder). Dútslân is lid fan de Feriene Naasjes, NAFO, de G8 en de G4 lannen. Dútslân hat it Kyoto protokol en Schengen akkoard tekene. Yn 2002 krige Dútslân de euro as munt. De ekonomy is de tredgrutste fan de wrâld neffens BYP en de grutste eksportearjende naasje yn 2007. Dútslân is kwa ynwennertal it grutste lân fan de Jeropeeske Uny en hat in oerflak fan 356.974 km².
Wike 24
De Fryske mytology beskriuwt de ferhalen fan eartiids en hawwe har oarsprong yn de foar-kristlike Germaanse tiid. Om-ende-by 1845 waard troch de bruorren Joast Halbertsma en Eeltsje Halbertsma en Waling Dykstra in begjin makke mei it sammeljen fan Fryske mearkes, sêgen en teltsjes. Fan it leauwen dêr't dy ferhalen mûglik in oarsprong yn hienen is mar summiere ynformaasje beskikber. Lykwols kinne de foarstellingen en opfettings fan de eardere Friezen wol rekonstruearre wurde.
Yn de saneamde Utertske doopsûnthjit binne de nammen oerlevere fan de Fryske goaden, dêr't de wichtichste fan Weda wie (by guon Germaanske stammen Wodan of Odin neamd). Hy bestjoerde de wrâld, wie de god fan de kriich, mar ek fan de wiisheid. Fan him krigen de Friezen it runeskrift. De woansdei is nei him neamd. Tonger wie de soan fan him. It dwaan fan minskeoffers troch de Friezen is bekend wurden fan de ferhalen oer de misjonarissen dy't it kristendom ferkundigen. Fan de sindeling Wulfram ...
Wike 25
De Nederlânske Tramwei Maatskippij (NTM) wie tusken 1880 en 1956 ferantwurdlik foar it oanlizzen, eksploitearjen en ûnderhâlden fan de tramlinen dy't yn Fryslân lein hawwe. Undanks de namme hat dit trambedriuw allinnich yn Fryslân en oanswettende dielen fan Grinslân, Drinte en Oerisel aktyf west.
De NTM waard oprjochte op 24 april 1880 yn Utert. Tusken 1907 en 1913 en nei 1930 wie de NTM fêstige op It Hearrenfean. Yn it earstoan wienen der ek plannen om ek op oare plakken yn Nederlân tramlinen oan te lizzen, mar úteinlik konsintrearde de NTM him op Fryslân.
Wat der yn 1956 noch oer wie fan de eardere NTM-tramlinen waard oerdroegen oan de NS, dy 't de lêste tramline (doe noch allinne foar frachtferfier) yn 1985 sluet. Mei autobussen is de NTM iepenbier ferfier fersoargjen bleaun oant 1 april 1971, doe't it bedriuw, tegearre mei NOF, LABO en LAB, opgien yn de FRAM.
Wike 26
Karel V (Gent, 24 febrewaris 1500 – San Yuste, 21 septimber 1558), foar syn mûlichferklearring Karel fan Lúksemburch neamd, út it Hûs Habsburch, wie sûnt 1506 foarst fan de measte Nederlânske gewesten, fan 1516 oant 1556 as Karel I kening fan Spanje en fan 1519 oant 1556 as Karel V keizer fan it Hillige Roomske Ryk, yn de Nederlannen algemien bekend as Keizer Karel.
Karel wie de soan fan Filips de Moaie en Johanna fan Kastylje, dy't de skiednis yngean soe as Johanna de Dwylsinnige. Hy waard grutbrocht yn de Nederlannen troch syn muoike Margareta fan Eastenryk en syn tutor, Adriaan fan Utert, de lettere Paus Adrianus VI. Yn 1506, doe't syn heit Filips de Moaie stoar, erfde hy de Nederlannen en it Frijgreefskip Bourgonje (Franche Comté). Syn pake Maksimiliaan I soe oant 1515 it regintskip waarnimme foar de minderjierrige Karel.
Wike 27
It ekspresjonisme (fan Latyn: expressio, útdrukking) is in streaming yn de Jeropeeske keunst en literatuer fan de 20e iuw, dy't him foaral oppenearre yn de jierren 1905 oant 1940. It ûntstie yn Dútslân as in reaksje op positivisme en oare keunstbewegings, sa as naturalisme en ympresjonisme. Yn it Ekspresjonisme besiket de keunstner syn fielen, syn ûnderfinings, út te drukken. Dizze subjektiviteit lit de waarnimmer in mear of mindere ferfoarming fan de fysike wurklikheid sjen.
Wichtich is dat de gefoelswearde, it ûnderbewuste, dy't de keunstner meimakket nei oanlieding fan it ûnderwerp de boppetoan hat. Dit yn tsjinstelling ta it ympresjonisme dêr't it stâl jaan fan de werklikheid, sa't de keunstner dy sjocht en fielt, foarop stiet. Sa ferdizenet yn it ekspresjonisme de bining mei de sinnen waarnimbere werklikheid faak, somtiden rekket dy hielendal fuort. Sa krije tal fan nije (keunst)foarmen harren kâns. It ekspresjonisme hat mar ien wet: der binne gjin wetten, en wetten meie net oplein wurde.
Wike 28
Fokko Ukena wie in Eastfryske haadling yn it tiidrek fan de Fryske frijheid. Hy spile in wichtige rol yn de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers yn de provinsjes Grinslân en Fryslân. Dêrneist wie hy ien fan de liedende figueren yn it ferset tsjin it festigjen fan lânhearlik gesach troch de geslachten Tom Brok en Cirksena yn East-Fryslân. De troch Ukena opstelde willekeuren of wetten binne de lêste wetten dy't min of mear jild hawwe yn it hiele Fryske gebiet tusken Fly en Weser.
Wike 29
De Partij fan de Arbeid (Ned.: Partij van de Arbeid (PvdA)) is in politike partij. De partij is sosjaal-demokratysk. Fan de oprjochting ôf op 9 febrewaris 1946 hat de partij altyd fertsjintwurdige west yn de Earste Keamer en yn de Twadde Keamer.
De Partij fan de Arbeid waard oprjochte op 9 febrewaris 1946. Yn de nije partij gienen de foaroarlochske SDAP, VDB en CDU op. Fierder waarden ek guon lju fan de eardere CHU en RKSP en guon partijleazen lid fan de nije partij.
Wike 30
Saba is in Nederlânsk eilân yn de Karibyske See. It is it lytste bewenne eilân fan de eardere Nederlânske Antillen. Mei Sint Maarten en Sint Eustaasjes foarmet it de SSS-eilannen. Saba is sûnt 10 oktober 2010 in "bysûndere gemeente" fan Nederlân (formiel in iepenbier lichem). Tegearre mei Bonêre en Sint Eustaasjes foarmet it hjirmei de BES-eilannen. Der wenje likernôch 1.400 minsken op Saba, wêrfan de measten yn it haadplak The Bottom wenje. It eilân wurdt pleatslik ek wol De Unskansearre Keninginne (The Unspoiled Queen) neamd.
Wike 31
De Goaten wienen in East-Germaansk folk dat in wichtige rol spile yn de delgong fan it West-Romeinske Ryk.
De Goaten soenen neffens oerlevering út it suden fan Skandinaavje (Sweden) komd wêze. Neffens guon is it eilân Gotlân yn de Eastsee nei harren ferneamd. Skiedkundigen binne it hjir net oer iens. Guon geane derfan út dat dizze ferhalen yn wêzen klopje, ek om it foarkommen fan Goaten yn dizze krite. Oaren twifelje oan dizze ôfkomst, en tinke dat it oer twa ferskate folken giet mei nammen dy't tafallich op inoar lykje.
Mear wissens hawwe wy oer it tiidrek koart foar it begjin fan de jiertelling. De Goaten wennen doe oan wat no de Poalske kust is. Archeologen kinne har oerbliuwsels dêr as de Wielbark-kultuer. Yn de twadde en tredde ieu wreiden de Goaten har út nei it suden, oer Poalen, Wyt-Ruslân en Oekraïne.
Wike 32
Beieren, offisjeel de Frijsteat Beieren (Dútsk: Freistaat Bayern, Beiers: Baian, Latyn: Bavaria), is ien fan de sechtsjin dielsteaten fan Dútslân (Bundesland), it leit yn it súdeasten fan it lân. Mei in oerflak fan 70.548 kante kilometer, trettsjin kear sa grut as de provinsje Fryslân, en in ynwennertal fan hast 12,5 miljoen minsken, is it de grutste dielsteat fan Dútslân, hast 20% fan it oerflak fan Dútslân leit yn de dielsteat Beieren. Haadstêd fan de dielsteat is München yn it Regierungsbezirk Opperbeieren.
As ien fan de âldste steaten fan Jeropa waard Beieren stifte as hartochdom healwei it earste milennium. Yn de 17e iuw waard de hartoch fan Beieren in keurfoarst fan it Hillige Roomske Ryk. It Keninkryk Beieren bestie fan 1806 oant 1918, sûnt dy tiid is Beieren in frijsteat (republyk). It is de ienichste moderne steat fan Dútslân dy’t nea ta de Hânze heard hat.
Wike 33
De Wrâldhannelsorganisaasje (Ingelsk: World Trade Organization, WTO) is in yntergûvernemintele organisaasje dy’t tasjoch hâldt op it neilibjen fan ôfspraken oer hannel tusken lannen. In soad fan dy ôfspraken binne fan belang foar it ynternasjonale saken dwaan. De organisaasje waard op 1 jannewaris 1995 stifte en is fêstige yn Genêve, Switserlân. Op it stuit is Pascal Lamy de Direkteur-Generaal fan de WTO.
Nederlân is aktyf belutsen by it ûnderhanneljen. De steatssekretaris fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken is de ferantwurdlik bewâldspersoan.
Wike 34
De Súdlike Oseaan, ek wol de Antarktyske Oseaan, Súdpoalsee of Súdlike Iissee, is de wettermassa dy’t neffens guon geografyske en hydrografyske boarnen Antarktika omfiemet. De oseaan leit súdlik fan de 60 graden súderbreedtegraad. It is de fjird grutste oseaan fan de wrâld en de jongst definiearre nei dat dit yn 2000 nei in beslút fan de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje (IHO) oanfurde waard. De term is lykwols al lange tiid yn gebrûk yn de skipfeart. Geografen binne it noch net oer de noardlike grins fan de oseaan iens, guon beskôgje de oseaan sels as parten fan de Yndyske Oseaan, de Atlantyske Oseaan en de Stille Oseaan.
Wike 35
De goudene sneed is de ferdieling fan in linestik yn twa dielen yn in spesjale ferhâlding. By de goudene sneed ferhâldt it grutste fan de beide dielen him ta de lytste, lykas it it hiele linestik him ferhâldt ta de it grutste. Jouwe wy it grutste diel oan mei a en it lytste diel mei b, dan is de ferhâlding fan beide sa dat a : b = (a+b) : a.
De bedoelde ferhâlding a/b wurdt it goudene getal neamd en oantsjutten mei de Grykske φ (phi); lykas hjirûnder oantoand wurdt, jildt:
Hoewol't de wiskundige eigenskippen fan de goudene sneed al yn de âldheid bestudearre waarden, komt de term "goudene sneed" pas út de jierren 30 fan de 19e iuw.
Wike 36
It Frysk, is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. Troch taalkundigen wurdt it faak Westerlauwersk Frysk neamd. Yn it bûtenlân stiet it ornaris bekend as Westfrysk, mar yn Nederlân is Westfrysk in Nederlânsk dialekt mei in protte Fryske syntaksis.
It Frysk is nau besibbe oan 'e oare beide Fryske talen, it Sealterfrysk en it Noardfrysk. Fierders is it Frysk fan oarsprong ek nau besibbe oan 'e Angelsaksyske talen, it Ingelsk en it Skotsk. Mei de iuwenlange ôfsûnderlike ûntwikkeling - sawol dy fan 'e Angelsaksyske talen op 'e Britske Eilannen, hat it Frysk lykwols in protte stavering en grammatikale oerienkomsten mei it Ingelsk. It Frysk hat ûnder ynfloed fan it Nederlânsk in protte lienwurden ferfryske, sa hat it hjoeddeiske Frysk ek in soad Nederlânske elementen.
Wike 37
Melbourne is de haadstêd en grutste stêd fan de Australyske dielsteat Victoria. De Melbourne City Centre (ek bekend as it "Central Business District"; "CBD") is it midspunt fan it gruttere metropoalgebiet. Yn juny 2009 hie it metropoalgebiet likernôch fjouwer miljoen ynwenners.
De stêd leit oan de noardkante fan de grutte natuerlike Port Phillip-baai, mei it stêdssintrum oan de mûning fan de rivier de Yarra. It metropoalgebiet rekt him dan út nei it suden, lâns de east- en westkante fan Port Phillip en it ynlân yn. It stêdssintrum leit yn it stêdsdiel City Of Melbourne, de metropoal bestiet fierder út noch 30 stêdsdielen.
Melbourne waard stifte yn 1835 troch kolonisten dy’t fan Van Diemen’s Land kamen. De delsetting waard yn 1837 troch Richard Bourke nei William Lamb, 2nd Viscount Melbourne neamd. Melbourne waard offisjeel ta stêd ferklearre troch Keninginne Victoria yn 1847. Yn 1851 waard it de haadstêd fan de nije koloanje Victoria. Yn de tiid fan de Victoriaanske goudkoarts yn de 1850’er jierren feroare Melbourne nei ien fan de grutste en rykste stêden fan de wrâld. Nei de federaasje fan Austraalje yn 1901 waard Melbourne de haadstêd fan it lân en it thús fan de nasjonale oerheid, oant 1927.
Wike 38
Terkaple is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, noard fan De Jouwer. Eartiids hearde it doarp by Boarnsterhim en no by De Fryske Marren. It doarp hat likernôch 210 ynwenners. Terkaple leit flakby de Terkaplester Puollen en foarmet in twillingdoarp mei Eagmaryp.
It doarp krige syn namme troch in kapel by it doarp: ter kapelle. Dizze kapel hearde by it tsjerke fan Aldeboarn. Njonken it tsjerkje út 1845 stean in tal moai lizzende pleatsen en der is in karakteristike ophelbrêge (dy't okkerdeis meganisearre is). Hjir stiet ek de Oenemastins mei in byldhoude skou út begjin 17e iuw.
In bekend tongbrekkersechje is: De Terkaplester klok klept trije kear'
Wike 39
De Saksenkriich wie in rige oarloggen tusken it Frankyske ryk fan Karel de Grutte en de Saksen, dy't duorre fan 772 oant 804 en liede soe ta de pasifikaasje fan de Saksen. Yn dy kriich wie grutste tsjinstanner fan Karel, Widukind de oanfierder fan de Saksen. By de kriich wienen betiden ek Friezen belutsen. Sy kamen in oantal kear yn opstân en stipen de Saksen.
Wike 40
De Lege Lannen oftewol de Nederlannen is it leechlizzende gebiet yn West-Jeropa dêr't de steaten Nederlân en Belgje lizze. Soms wurdt ek Lúksemboarch ta de Lege Lannen rekkene. De beneaming wurdt fral brûkt troch de skiedskriuwerij om it gebiet mei oan te tsjutten doe't beide (of alle trije) steaten noch net bestiene.
De namme 'de Lege Lannen' is tige tapaslik omdat it gebiet in leechlizzende flakte is, dy't ûntstien is as delta fan in tal grutte rivieren, de Ryn, de Maas, de Isel en de Skelde. Dochs is dizze namme, likegoed as de namme Nederlân, histoarysk besjoen op oare grûnen ta stân kommen.
Wike 41
Titus Brandsma (Oegekleaster, 23 febrewaris 1881 – Dachau, 26 july 1942) wie de kleasternamme fan de Fries Anno Sjoerd Brandsma, heechlearaar yn de filosofy, roomsk katolyk teolooch en karmelyt. Hy wie yn de Twadde Wrâldkriich aktyf as fersetsman. Yn novimber 1985 waard hy troch Paus Johannes Paulus II sillich ferklearre.
Titus Brandsma waard yn Wûnseradiel berne as soan fan feehâlder Titus Brandsma en Tjitje Postma. Brandsma gie nei skoalle yn Boalsert en dêrnei, yn 1892, nei it gymnasium by it Minderbruorrekleaster St. Antonius fan Padura yn Megen, Noard-Brabân. Hjir, by de karmeliten, krige hy de kleasternamme Titus. Yn 1905 waard hy as preester ynwijd. Fan 1906 oant 1909 studearre hy oan de Pontificia Università Gregoriana yn Rome, dêr’t hy nei in skritflik en mûnling eksamen promovearre ta doktor yn de wiisbegearte.
Wike 42
De Súd-Afrikaanske Republyk wie in ûnôfhinklike republyk dy’t troch de Foartrekkers benoarden de Faalrivier stifte waard. It lân komt oerien mei de hjoeddeiske Súd-Afrikaanske provinsje Transfaal. De republyk hat noch gjin 50 jier bestien en kaam yn 1902 ta in ein nei dat Brittanje de republyk yn de Twadde Boerekriich ferslagge. Goud waard yn 1886 ûntdutsen yn Johannesburg en earder yn oare gebieten as Pelgrimsrus.
Yn 1888 waard it Nederlânsk as ienichste amtlike taal fan it lân erkend. Dit waard fêstlein yn Wet 10 fan 1888: “De Hollandsche taal is de officieele taal des lands. Alle andere talen zijn vreemde talen”. De wet hat fierder ek bepaald dat alle amtlike dokuminten, kennisjouwings, tsjinstbrieven “en andere schrifturen van ambtenaren” yn it Nederlânsk skreaun en opsteld wurde moasten. Ek alle merkemasters fan de feilings moasten Nederlânsk prate, alhoewol’t hja it rjocht hienen om nei dat it yn it Nederlânsk sein wie ek yn in oare taal te werheljen. It Nederlânsktalige “Volkslied van Transfaal” wie fan 1875 oant 1902 amtlik yn gebrûk.
Wike 43
De Spaanske gryp wie in gryppandemy dy’t oer de heule wrâld ferspraat rekke yn 1918 oant 1920. It is net wis wêr’t de sykte ûntstien is, al wurdt oannaam dat de boarne fan de Spaanske gryp yn Aazje leit. De measte slachtoffers wienen sûne jongfolwoeksenen, wat oars is as by oare grypútbraken, wêrby't de measte slachtoffers jonge bern, âlderen en swakke pasjinten binne.
De pandemy duorre fan maart 1918 oant juny 1920 en fersprate him sels nei de noardpoal en ôfhandige eilannen yn de Stille Oseaan. It totaal tal deaden nei oanlieding fan de sykte is net wis, rûzings rinne op oant 100 miljoen deaden, de meast hoedene rûzings lizze om en de by de 20 miljoen minsken. In rûze 500 miljoen minsken hawwe de sykte hân, wat delkomt op 1/3 fan de wrâldbefolking fan dy tiid.
Wike 44
It Fryske ryk (om 600 hinne oant 734) wie in ryk dat bestien hat yn de iere Midsiuwen. It ûntstie likernôch healwei de 7e iuw en einige mei de slach oan de Boarn yn 734 doe't de Friezen ferslein waarden troch de Franken. It ryk waard bestjoerd troch keningen en rûn fan It Swin (by Brugge yn Belgje) oant de Weser (yn Dútslân). De Latynske namme dêr't it gebiet ûnder bekend stie wie Fresia.
It sintrum fan de macht sil mooglik yn Dorestêd en Utert west ha, al wurdt de terp Tsjitsma by Winaam nei fynsten dy't dêr dien binne mei it Frisia-projekt ek wol de keningsterp neamd.
Wike 45
De Mont Ventoux (Oksitaansk: Mont Ventor) is in berch yn it departemint Vaucluse yn it suden fan Frankryk. De berch leit op likernôch 20 kilometer noardeastlik fan Carpentras. Oan de noardkante fan de berch foarmet it de grins mei it departemint Drôme. It is de heechste berch yn de omkriten en hat de bynamme “Reus fan de Provence” of “De Keale Berch”. De top fan de Mont Ventoux leit op 1912 meter hichte. It hichteferskil mei de foet fan de berch is 1614 meter. Op de top fan de berch stiet in waarstasjon mei in grutte stjoermêst.
Sa’t de Frânske namme al tinken docht, venteux betsjut wynderich yn it Frânsk, kin it bot waaie oan de top, benammen yn de tiid fan de mistral. Wynsnelheden sa heech as 320 kilometer it oere binne mjitten. De wyn waait 90+ km/oere op 240 dagen yn it jier. De wei oer de berch is faaks ticht fanwegen de hurde wyn. Benammen de “col de tempêtes” (stoarm pas) krekt foar de top is ferneamd om syn hurde winen.
Wike 46
Andrew Warhola (6 augustus 1928, Pittsburch — 22 febrewaris 1987, New York), better bekend as Andy Warhol, wie in Amerikaanske artyst dy’t de ferneamdste figuer is yn de streaming fan Pop Art. Nei in súksesfolle karriêre as kommersjeel tekener, is Warhole ferneamd wurden troch syn wurk as skilder, as filmmakker, as plateprodjûser en as auteur, en is er as publyk figuer bekend omdat hy mei tige ferskillende minsken om gie. Yn syn libben is er altyd beskôge as in wat frjemd figuer (syn wurk is faak troch kritisy útskolden as in grap). Nei syn dea is Warhol yn ferskillende boeken, films de sintrale figuer. Oer it algemien wurdt Andy Warhol sjoen as ien fan de meast ynfloedrike artysten fan de tweintichste iuw.
Wike 47
Baruch Despinoza (Amsterdam, 24 novimber 1632 – De Haach, 21 febrewaris 1677) wie in Nederlânske filosoof en linzensliper, soan fan Portegeesk-joadske ymmigranten. Hy wie ien fan de rasjonalisten fan de iere moderne filosofy tegearre mei René Descartes en Gottfried Leibniz. Syn ferneamdste wurk de Ethica, waard nei syn dea útjûn. Baruch de Spinoza wurdt meastentiids “Spinoza” neamd, mar somtiden ek wol Benedictus de Spinoza, Bento de Espinosa of Bento d'Espiñoza.
Spinoza is sûnder mis ien fan de ferneamdste en wichtichste filosofen fan Nederlânske boaiem. Hy hearde ta it lytse selskip fan klassike filosofen dy’t byldbepalend achte wurdt foar de skiednis fan it westerske tinken. Oer syn libben witte we mar in bytsje mei wissichheid te sizzen. De boarnen dêrfoar binne inkele dokuminten en Spinoza’s briefwikselingen. Fierder lêze...
besjen
Wike 48
Harry Potter is de namme fan in sândielich tige populêre rige fan fantasijboeken skreaun troch de Ingelske skriuwster J.K. Rowling. De fiktive haadpersoanen fan it boek binne tsjoendersbern Harry Potter en syn freonen.
Yn 'e boeken hinget de fantasij gear mei magy. Harry Potter is berne mei magyske krêften. Al gau sjocht er dat der mear lju binne mei sokke krêften, dy't anonym tusken de normale minsken libje. As er alve jier is, wurdt er útnoege foar in kostskoalle foar tsjoenders en tsjoensters, Swiniastate (Ingelsk: Hogwarts). Elts Harry Potter-boek fertelt likernôch in jier oer syn skoaltiid, oer it folk dêr't er mei yn 'e kunde komt, syn aventoeren en saken dy't er dêr leart. Yn sa likernôch alle boeken moat Harry yn it ein tsjin Voldemort (troch de measte tsjoenders út eangst "Dowitstwol" neamd) fjochtsje, of tsjin in tsjinner fan Voldemort. Dizze magyske striid is in wichtich motyf in it ferhaal.
Wike 49
Lângoed Stoutenburg is in lângoed en earder kastiel by Stoutenburg, deunby Amersfoort yn de gemeente Leusden, provinsje Utert.
De skiednis fan it Lângoed Stoutenburg giet werom oant yn de 13e iuw of earder. Yn 1259 bout Walter fan Amersfoort in kastiel. Dat wurdt in de 16e iuw sloopt. Yn de 17e iuw lit de famylje fan Beye in nij lânhûs bouwe, op it plak fan it âlde kastiel. Dat hûs leit op in omgrêfte heuvel. Foar it hûs leit in plein mei oan beide kanten bygebouwen. It gehiel wurdt omsluten troch in ovale bûtengrêft. De tagong nei it kastiel is fia de Stoutenburgerleane. Der rinne noch ferskillende oare leanen. Dit hûs wurdt yn de rin fan de tiid noch fergrutte. Yn 1833 wurdt it eigendom fan de famylje Luden. Johannes Luden lit tusken 1862 in neo-goatysk "paleis" bouwe, dat syn dochter al nei inkele jierren wer sloopt. Hja lit op in oar plak op it lângoed in nij lânhûs bouwe. Dat bestiet no noch, al is it yn de Twadde Wrâldoarloch slim beskeadige rekke. Nei de oarloch wurdt it in moetingssintrum fan de Fransiskanen. Oant hjoed de dei sit yn it lânhûs it Fransiskaans Miljeuprojekt.
Wike 50
Follybal is in symmetryske slachsport, mei it spylfjild ferdield yn twa likense helten skieden troch in net. De beide teams spylje elts op harren eigen helte en besykje troch slaan as tikjen de bal sa te spyljen dat it oare partoer dy net goed weromspylje kin. Wa't it earst it ôfsprutsen tal punten (tsjintwurdich meastentiids 25) hellet, hat de set wûn. Wa't it earste it ôfsprutsen tal sets wint, hat de wedstriid wûn.
By de meast gongbere fariant fan follybal, it gewoane sealfollybal, bestiet in team út 6 persoanen en is it fjild 9 by 18 meter. De nethichte hinget ôf fan de kategory dêr't yn spile wurdt. By jongerein jonger as 13 jier wurdt ek de grutte fan it fjild oanpast. Yn de rin fan de tiid binne der in tal farianten binnen de sport ûnststien, lykas sitfollybal, strânfollybal en foar de jongste spilerkes it sirkulaasjefollybal.
Sûnt 1964 is follybal in Olympyske sport.
Wike 51
Kurasau (Papiamintsk: Kòrsou) is in lân binnen it Keninkryk fan de Nederlannen. It wie it grutste eilân fan de eardere Nederlânske Antillen. It grutste plak op it eilân is Willemstêd. Kurasau hie yn 2008 mear as 140.000 ynwenners.
It eilân is ek nammejouwer foar de Kurasau-likeur, dy't fan oarsprong makke wurdt op it Karibyske eilân.
Wike 52
Willem Barents (± 1550 - 1597) wie in Fryske seefarder en ûntdekkingsreizger fan Skylge. Willem Barents makke trije ûntdekkingsreizen om de noardeastlike trochfeart te finen, wêrby't hy de kusten fan Nova Sembla ferkende en Beareëilân en Spitsbergen ûntdekke. Oer it libben fan Barents foar it begjin fan de ekspedysjes is net folle fan bekend. ...
Wike 53
Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 53
besjen