Springe nei ynhâld

Sitfollybal

Ut Wikipedy
Sitfollybal

Sitfollybal is in fariant fan de sealsport follybal. Sitfollybal mei yn Nederlân troch eltsenien spile wurde, it wurdt benammen spile troch minsken dy't yn in rolstoel sitte, mar minksen dy’t net beheind binne en wol in blessuere hawwe, meie ek meidwaan.

Sitfollybal is nasjonaal sûnt 1996 in ûnderdiel fan de NeVeBo en is ynternasjonaal oansletten by de WOVD (World Organisation Volleyball for Disabled). Sûnt 1980 is sitfollybal in offisjele Paralympyske sport foar manlju, sûnt 2004 jildt dat ek foar de froulju.

It rolstoelfollybal

De earste tekens oer follybal foar minsken mei in beheining begjint yn 1953 yn Nederlân. By it Militair Revalidatiecentrum Aardenburg wie ien fan de sportaktiviteiten rolstoelfollybal. De spilers wiene saneamde "dwarslaesies" en oarlochslachtoffers. In ploech bestie út fjouwer spiler en in set duorre maksimaal 12 minuten. Rolstoelfollybal wie de tsjinhinger fan it populêre rolstoelbasketbal. Yn Nederlân, en ek yn oare Europeeske lannen, waarden ferskate balsporten sittend spile. De bekendste wiene Sitball en Faustball, dy't fral yn East-Dútslân, West-Dútslân, Eastenryk, Skandinaavje en Lúksemboarch spile waarden. Yn Nederlân waard al gau fûn dat dat saaie en statyske spullen wiene. Yn 1955 ûntwikkelen twa mannen út Beverwyk, de manlju Tammo van der Scheer en Anton Albers, it sitfollybal. Yn dy tiid wiene hja lid fan it sportkomittee fan Militair Revalidatiecentrum Aardenberg. De spulregels fan it sealfollybal waarden oanpast om it sittend te spiljen om it lytser fjild. De kompetysjes dy't opset waarden wiene net langer allinne mear iepen foar oarlochslachtoffers, mar ek foar boargers mei in beheining. Dat de beide manlju in goed trochtocht spul makke hiene die wol bliken út it feit, dat oant no ta allinne yn 2006 de nethichte feroare is mei 5 sm. Yn 1956 rjochten de twa manlju de earste sitfollybalklup op: de Zitvolleybalclub Kennemer Invaliden Sportclup (KIS). Dêrnei waard der in demonstraasje jûn yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam. Yn Nederlân sloech dizze sport goed oan: in protte nije ferienings waarden oprjochte, dy't meidiene oan de lanlike kompetysjes. Yn oare lannen fan Europa bleau men trou oan it Sitzbal en Faustbal, wat by ynternasjonale útwiksels altyd problemen joech wannear't der spile wurde moast. Yn 1979 naam sportbestjoerder Pieter Joon it inisjatyf ta it organisearjen fan in Pre-Olympysk sitfollybal toernoai yn Haarlim.

De bedoeling dêrfan wie om de lannen dy't meidwaan soene oan de Paralympyske Spullen fan 1980 yn Arnhim bekend te meitsjen mei de spulregels fan it sitfollybal, sadat problemen by de Spullen foarkomme wurde koenen. By de Spullen yn Arnhim naam hy wer it yn inisjatyf om in ynternasjonale organisaasje om te rjochtsjen en hy nûge alle Europeeske lannen út om op te hâlden mei it spijen fan Sitz/Faustbal en allinne te kiezen foar it sitfollybal. Yn de jierren dêrnei hat er him as Presidint fan de World Organisation Volleyball for Disabled (WOVD) ynset foar it sitfollybal.

It sitfollybal yn Amearika

De spulregels fan it sealfollybal binne de basis foar de spulregels fan it sitfollybal. Sitfollybal wurdt spile neffens de ynternasjonale spulregels fan de WOVD. It ûnderhâns en boppehâns spiljen binne, krekt as yn it sealfollybal, wichtige technyske ûnderdielen.

Oanpaste spulregels:

  • It spylfjild is lytser: 6 x 10 meter.
  • De nethichte foar manlju is 1,15 meter en foar froulju 1,05 meter.
  • By it sitfollybal is it sitflak bepalend by spulaksjes en net de stân fan de foet.
  • It sitflak moat kontakt hawwe mei de flier op it stuit dat de bal spile wurdt.
  • In opslachblok is tastien.
  • It is ferbean om mei de fûst te smashen.

Sûnt 1967 wurde der ynternasjonale kompetysjes spile. Nei it Pre-Olympyske toernoai yn 1979 waard it sitfollybal yn 1980 op de Paralympyske Spullen offisjeel akseptearre as Paralympyske sport. De ynternasjonale groei gie dêrnei tige hurd, oeral op de wrâld kamen lannen yn oanrekking mei it sitfollybal. Op dit stuit spilje goed 60 lannen oer de hiele wrâld it sitfollybal. Sûnt 1993 wurde der foar de nasjonale ploegen dan ek WK's en EK's sitfollybal organisearre. Sitfollybalferienings dogge mei oan de Europacupwedstriden.

Omdat it sitfollybal yn Nederlân begûn is, hat Nederlân altyd in sterk lân west yn it sitfollybal. Yn Nederlân wurdt der dan ek in protte oan sitfollybal dien, sawol rekreatyf as profesjoneel. De Nederlânske kompetysje hat trije klassen:

It heechste nivo is de Earedifyzje. De wedstriden yn dy klasse wurde op de sneon spile. Oan de ein fan de kompetysje stride de 4 bêste ploegen om it kampioenskip, dat wurdt ek wol it Nederlânsk kampioenskip sitfollybal neamd. De winner dêrfan mei him Nederlânsk kampioen neame. De kampioen hat dan it rjocht om meidwaan oan de Europacup. Yn it seizoen 2010-2011 dogge de folgjende 9 ploegen mei oan de Earedifyzje:

  • BVC Holyoke
  • VC Allvo
  • Volleer
  • Sudosa/S.C. Bartje
  • Netwerk
  • Mikro-Electro Roosendaal
  • V.a.s. F.D.S.
  • Apollo
  • Kindercentrum/ Alterno

Yn it seizoen 2010-2011 is der gjin earste klasse sitfollybal.

Yn de twadde klasse wurdt der spile yn in toernoaifoarm. Yn it seizoen 2010-2011 dogge de folgjende 4 ploegen mei oan de twadde klasse:

  • GSC Emmen
  • D.O.V. Leeuwarden
  • V.A.S. Breng
  • Zivo Noord-Holland

Nederlânske ploegen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nederlânske sitfollybalploech draait al jierren yn de wrâldtop mei, sa fiert de ploech al jierren de wrâldranglist oan. Doe't yn 2004 sitfollybal foar froulju in Paralympyske sport wurden is, hat de ploech op beide edysjes in medalje helle. Op de Paralympyske Spullen fan 2004 wie der sulver en yn Paralympyske Spullen fan 2008 wie der brûns. Ek hat de ploech op de WK's en EK's yndrukwekkende riges delset: op it WK waard yn 2000, 2002 en 2006 de wrâldtitel helle en op it EK waard de Europeeske titel helle yn 2001, 2003, 2005, 2007 en 2009. De bûnstrener fan de froulju is sûnt maaie 2009 Michiel de Ruyter. [1]

De earste kear dat sitfollybal foar manlju op it program fan de Paralympyske Spullen stie wie yn 1980, doe hat de Nederlânske sitfollybalploech fuortdaliks de gouden medalje wûn. De ploech waard yn 1984 op 'e nij Paralympysk kampioen. Yn 1983, 1989 waard der de wrâldtitel helle. Ek op it EK hat de ploech goed prestearre: yn 1981, 1985, 1987 en 1991 waard de Europeeske titel helle. De lêste jierren giet it mei it sitfollybal foar manlju wat minder, mar der wurdt hurd wurke om de ploech wer mei spilje te litten om de wichtichste prizen. De bûnstrener fan de manlju is sûnt 2010 Jan van de Wijngaard. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. NeVeBo oer de frouljusploech
  2. NeVeBo oer de manljusploech

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]