Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 9

Ut Wikipedy
It Wite Hûs is it wen- en wurkstee fan de presidint fan de Feriene Steaten.

De Feriene Steaten fan Amearika (FS, USA) is in Noardamerikaansk lân, besteande út in federaasje fan 50 steaten dêr't 48 fan byelkoar lizze en yn it noarden grinzet oan Kanada, yn it easten oan de Atlantyske Oseaan, yn it suden oan Meksiko en oan de See fan Meksiko, en yn it westen oan de Stille Oseaan.

De steat Alaska leit apart fan de oare steaten en grinzet oan de Noardpoalsee yn it Noarden, oan Kanada yn it easten, oan de Stille Oseaan yn it suden en oan Ruslân yn it westen. Yn de Stille Oseaan leit de steat Hawaï. Fierder hat it lân nog wat oare gebieten dy't der fia in ferskaat oan regels oan keppele binne.

De presidint fan de Feriene Steaten is sûnt 2008 Barack Obama.

Lês mear ...