Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 15

Ut Wikipedy
Finske skymanskippen yn Noard-Finlân op 12 jannewaris 1940.

De Winterkriich, ek wol de Sovjet-Finske Oarloch of de Russysk-Finske Oarloch, is in koarte oarloch tusken Finlân en de Sovjet-Uny dy’t útein sette op 30 novimber 1939 en einige op 13 maart 1940 mei de ûndertekening fan de Frede fan Moskou. As gefolch fan dizze kriich waard de Sovjet-Uny op 14 desimber 1939 út it Folkebûn skopt.

By de ynfal hie Sovjetlieder Josef Stalin de ferwachting dat Finlân oan de ein fan it jier hielendal oermastere wie, mar de Finske wjerstân hat de Sovjets, dy’t de Finnen trije tsjin ien yn mannichten oertrof, tige ferrast. Finlân hat it út witten te hâlden oant it stuit dat der in fredesferdrach tekene waard yn maart 1940. Hjirby ferlear Finlân 10% fan har grûngebiet en 20% fan har yndustry oan de Sovjets.

Lês mear ...