Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 47

Ut Wikipedy

Baruch Despinoza (Amsterdam, 24 novimber 1632De Haach, 21 febrewaris 1677) wie in Nederlânske filosoof en linzensliper, soan fan Portegeesk-joadske ymmigranten. Hy wie ien fan de rasjonalisten fan de iere moderne filosofy tegearre mei René Descartes en Gottfried Leibniz. Syn ferneamdste wurk de Ethica, waard nei syn dea útjûn. Baruch de Spinoza wurdt meastentiids “Spinoza” neamd, mar somtiden ek wol Benedictus de Spinoza, Bento de Espinosa of Bento d'Espiñoza.

Spinoza is sûnder mis ien fan de ferneamdste en wichtichste filosofen fan Nederlânske boaiem. Hy hearde ta it lytse selskip fan klassike filosofen dy’t byldbepalend achte wurdt foar de skiednis fan it westerske tinken. Oer syn libben witte we mar in bytsje mei wissichheid te sizzen. De boarnen dêrfoar binne inkele dokuminten en Spinoza’s briefwikselingen. Fierder lêze...