Lins (optyk)

Ut Wikipedy
lins mei golfbewegingen

In lins is in transparant, meastentiids glêzen foarwerp dêr't ljochtstrielen mei konvergearre dan wol divergearre wurde kinne. De measte linzen binne saneamde sfearyske linzen, linzen mei twa bolfoarmige oerflakken. Dêrneist binne der ek noch silindryske en oarsfoarmige linzen.

Linzen nei foarm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Linzen kinne ûnderskieden wurde nei uterlike foarm (bol of hol), en nei de wiskundige foarm (al as net sfearysk) fan it bolle of holle oerflak.

Bolle en holle lenzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskillende lisnfoarmen

In bolle (konvekse) of positive lins is oan beide siden bol (no. 1 yn it ôfbyld hjirneist), oan ién side bol en oan de oare side flak (2), of oan ién side bol en oan de oare sadanich hol dat de kromming oan de bolle side grutter is as dy oan de holle side (3). Oer it algemien dus in lins dy't yn 'e midden dikker is as oan de râne.

In holle (konkave) of negative lins is oan beide siden hol (4), oan ién side hol en oan de oare flak (5), of oan ién side hol en oan de oar sadanich bol dat de kromming oan de holle side grutter is as dy oan de bolle side (6). Yn it algemien dus in lins dy't yn 'e midden tinner is as oan de râne.

Yn de folksmûle wurdt in holle (dus negative) lins faak in ferlytsjende lins neamd. Neffens datselde spraakgebrûk soe in bolle (positive) lins altiten fergrutsje, mar dat kloppet net altitem.

Sfearyske linzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei sfearyske linzen, dy't troch twa bolfoarmige oerflakken (of ién bolfoarmich en ien flak oerflak) begrinze wurde, kinne bylden fergrutte of ferlytse wurde. Foar in soad doeleinen wurde groepen fan linzen brûkt dy't neigeraden it tapassingsgebiet, meastal objektyf neamd wurde. Ek in okulêr fan in mikroscoop, teleskoop of oare optyske ynstruminten bestiet meastentiids út meardere linzen. It minsklik each hat ek in lins.

Foar tige grutte, sterke linzen, lykas yn fjoertuorren, skynsmiters en sa wurde meast saneamde Fresnellinzen brûkt. Dizzen leverje in grutte materiaalbesparring en dêrtroch ek gewichtsbesparring op. De measte Fresnellinzen binne yn begjinsel sfearysk fan foarm, mar der binne ek oare foarmen, lykas paraboalyske.

Asfearyske linzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ek linzen wêrfan ien of beide oerflakken net-sfearyskbinne, bygelyks silindryske linzen

Cilindrische loep

Dizzen binne makliker te meitsjen as paraboalyske. Yn de goedkeape foarm, faak fan keunststof, wurde se wol brûkt om skaalferdielingen better ôflêze te kinnen. Der besteane ek silindryske fergrutglêzen as lêslûp foar swaksjenden. Sommige rekkenlinialen hienen in loper yn de foarm fan in silindersegmint dat mei in yngenieuze konstruksje safier omheechlutsen wurde koe dat hy as in silindryske lûp wurke.

Brânpunten en brânpuntsôfstân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elke lens hat twa brânpunten
F1 = foarwerpsidich brânpunt; F2 = byldsidich brânpunt;
f1 = foarwerpssidige brânpuntsôfstân; f2 = byldsidige brânpuntsôfstân

Elke lins hat twa brânpunten of fokussen. By in positive lins binne dat

  1. it punt dêr't lykstrekich ynfallende strielen nei trochgong troch de lins gearkomme (of gearkomme soenen as se ûndrweis gjin oare lins of obstakel tsjinkomd wêze soenen) (sjocch read yn it ôfbyld hjir njonken), en
  2. it punt dêr't strielen fanút komme moasten om nei trocchgong troch de lins in lykstrekige bondel te leverjen (blau).

Omdat de ljochtwei omkearber is, komme 1) en 2) op itselde del.

By in negative lins binne it

  1. it punt dêr't ynfallend strielen nei trochgong troch de lins wei lykje te kommen (read), en
  2. it punt dêr't it ferlingde fan de lykstrekich ynfallen de strielen gearkkomme soenen as se sa ynfalle dat se trochgong troch de lis in lykstrekige bondel foarmje soenen (blau). Omdat it by negatieve linzen giet om punten dêr't strielen wei "lykje"te kommen resp. gear "lykje"te kommen, wurdt hjir sprutsen fan firtuele brânpunten. Wer is de ljochtwei omkearber.

De brânpuntsôfstân is yn beide gefallen de ôfstân tusken de brânpunten en de midden fan de lins. Mits de brekkingsindices fan de stoffen oan beide kanten fan de symmetryske lins lyk binne, binne ek de brânpuntsôfstannen oan beide kanten lyk.

Brânpuntsôfstannen kinne útienrinne fan inkele milimeters (opnimlinske yn in cd-spiler, mikroskoopobjectiven, fisheye-objektyf fan in fototastel), oant inkele meters (by in teleskooplins). Yn ûndersteande figuer (links) wurdt de brânpuntsôfstân f oanjûn. Te sjen is dat it ljocht fan in fiere ljochtboarne ( de lykstrekige reade linen) na passaazje troch de lins yn it brânpunt gearkomme (konvergeearje).

Positive lins: strielegong skematysk
(A = optyske as; R1,2 = kromtestrielen; d = dikte;
F = brânpunt; f = brânpuntsôfstân)
Positive lins: demonstraasjeopstelling
 
 

Yn ûndersteande figuer (links) is te sjen dat it ljocht fan in fiere ljochtboarne, de redade lykstrekige linen oan de linkerkant fan de figuer, nei it passearen troch de lins út elkoar geane (divergearje). It firtuele brânpunt is it punt dêr't dizze divergearjende ljochtstrielen skynber wei komme.

Negative lins: strielegong skematysk Negative lins: demonstraasjeopstelling

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van Heel, A.C.S.: Inleiding in de optica, De Haach, 1964 (in klassyk stúdzjeboek fan de TU Delft)
  • Longhurst, R.S.: Geometrical and Physical Optics, 2e ed., London, 1967 (begjin jierren ’70 yn gebrûk oan ûnder oare de Universiteit Twinte)