Springe nei ynhâld

Sirkulaasjefollybal

Ut Wikipedy

Sirkulaasjefollybal is in fariant op it "gewoane" follybal, ûntwikkele om jonge bern stapsgewiis it follybaljen by te bringen. De 6 ferskillende nivo's wêrop sirkulaasjefollybal oanbean wurdt, slute oan op de motoaryske ûntjouwingen fan de bern. Elts nivo hat spesifike leardoelen. Sirkulaasjefollybal wurdt benammen yn Nederlân, Belgje en Denemark beoefene. Grûnlizzer fan it sirkulaasjefollybal is trener Adrie Noij.

It haadleardoel foar dit nivo is it goaien en fangen fan de bal, benammen it op 'e tiid werkennen fan de baan fan de bal en dêrhinne te bewegen.

Begjinleeftyd: 6-7 jier
Tal spilers: 4 yn elts team
Fjild ôfmjittings: 6 x 4,5 meter
Nethichte: 2 meter
  1. As in spiler de bal oer it net goait, dan draait de hiele ploech fan it team fan dy spiler in plak troch (mei de klok mei).
  2. Spilers meie net mei de bal rinne.
  3. As de ôfstân nei it net sa grut is dat de spiler de bal der net oerhinne goaie kin, dan mei dy de bal nei in oare spiler oergoaie.
  4. De bal mei it net reitsje.
  5. As in spiler de bal falle lit, de bal útgoait, de bal yn it net goait of de bal oanrekket foardat er út giet, dan moat dy spiler it fjild ferlitte en lâns it fjild by it net stean gean.
  6. Wurdt de bal troch in tsjinstanner op de grûn goait, dan ferlit de spiler dy't it tichtst by de bal stiet it fjild.
  7. In spiler mei wer yn it fjild komme as ien fan syn teamgenoaten in bal fangt. De spiler dy't it langst bûten it fjild stiet mei der as earste wer yn.
  8. As der noch mar twa spilers yn it fjild steane, dan wikselje dy spiler eltse kear as de bal troch ien fan harren oer it net goaid is fan plak.
  9. As it fjild fan de tsjinstanner leech is, dan krijt it team in punt en wurdt it spul ferfolge mei oan beide kanten wer fjouwer spilers yn it fjild.