Autoritarisme (politikology)

Ut Wikipedy
Yndieling autoritêre steaten neffens de ngo Freedom House

Autoritarisme is in polityk systeem dat kenmerke wurdt troch de folgjende eleminten:

  • Der is gjin machtsdieling: de lieder of de liedende groep ferieniget alle machten yn ien hân. Der is gjin skieding fan (wetlike, útfierende en rjochterlike) machten neffens it begjinsel fan de "Trias politica".
  • De machtsútoefening wurdt ek net kontrolearre, útsein troch de machthawwers sels. De typyske manifestaasjes fan demokratyske kontrôle (polityk pluralisme mei respekt foar opposysje-partijen en foar in frije parse dy't opinys en analyzen ferkundiget dy't stridich binne mei dy fan it rezjym, respekt foar essinsjele boargerrjochten, û.o. fan frije mieningsutering) wurde net tolerearre.
  • De legitimaasje fan it gesach en de nommen beliedsbeslissings hawwe in autoritêr karakter: in beslissing moat akseptearre wurde omdat dy komt fan dejinge (dejingen) dy't de macht hat (hawwe) en net fanwegen in rasjonele útlis (goede reden jaan). Yn dat model is der sels romte foar de boarger om ynderlik net yn te stimmen mei de doelstellings fan it autoritêre rezjym, salang't men jin yn jins dieden mar konformearret oan de wil fan de lieding (d.w.s. dy syn 'wetten' neilibbet). Dat ûnderskiedt it autoritarisme fan it totalitarisme, wêrby't it rezjym net allinnich de dieden, mar ek de geast fan de befolking folslein behearskje wol troch it oplizzen fan in ideology dy't algemien akseptearre wurde moat.
  • It ôftwingen fan folchsumens bart net troch it besykjen om ynstimming fan de boargers te krijen, mar troch it nimmen fan ûnderdrukkende maatregels en troch geweld. Autoritêre rezjyms lizze sterk de klam op plysje en ynlânske ynljochtingetsjinsten.