Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 41

Ut Wikipedy
Stânbyld fan Titus Brandsma yn Oss.

Titus Brandsma (Oegekleaster, 23 febrewaris 1881Dachau, 26 july 1942) wie de kleasternamme fan de Fries Anno Sjoerd Brandsma, heechlearaar yn de filosofy, roomsk katolyk teolooch en karmelyt. Hy wie yn de Twadde Wrâldkriich aktyf as fersetsman. Yn novimber 1985 waard hy troch Paus Johannes Paulus II sillich ferklearre.

Titus Brandsma waard yn Wûnseradiel berne as soan fan feehâlder Titus Brandsma en Tjitje Postma. Brandsma gie nei skoalle yn Boalsert en dêrnei, yn 1892, nei it gymnasium by it Minderbruorrekleaster St. Antonius fan Padura yn Megen, Noard-Brabân. Hjir, by de karmeliten, krige hy de kleasternamme Titus. Yn 1905 waard hy as preester ynwijd. Fan 1906 oant 1909 studearre hy oan de Pontificia Università Gregoriana yn Rome, dêr’t hy nei in skritflik en mûnling eksamen promovearre ta doktor yn de wiisbegearte.

Lês mear ...