Pascal Lamy
Pascal Lamy (Levallois-Perret, 8 april 1947) wie Europeesk Kommissaris foar Hannel tusken 1999 en 2004 en de direkteur-generaal fan de Wrâldhannelsorganisaasje tusken 2005 en 2013. Teffens is er polityk riejouwer en sakeman.
Lamy studearre oan de ferneamde École nationale d'administration yn Parys. Dêrneist hat er rjocht en politikology studearre. Hy hat ek in MBA fan de École des hautes études commerciales de Paris helle. Hy hat by ferskate Frânske ministearjes en politisy oan it wurk west. Fan 1985 oant en mei 1994 wie Lamy warber foar de sosjalistyske partij fan Frankryk, lykwols net as lid fan it parlemint of regear mar yn de kedizingsried fan de partij sels.
Op 26 maaie 2005 waard Lamy by in gearkomste fan de Wrâldhannelsorganisaasje yn Genêve foar fjouwer jier keazen as opfolger fan Supachai Panitchpakdi as Direkteur-Generaal fan dy organisaasje. Syn amtstiid begûn yn septimber 2005. Yn 2009 begûn Lamy syn twadde amtstermyn.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pascal Lamy fan Wikimedia Commons. |