Springe nei ynhâld

Hogerhuis-saak

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hogerhuissaak)
De bruorren Hogerhuis

De Hogerhuis-saak wie in opskuor jaand justysjeel skandaal dat tusken 1897 en 1900 in soad omtinken krige yn Nederlân. It proses waard yn de sosjalistyske beweging sjoen as ûnsoarchfâldich en in kwestje fan klassejustysje.

Yn de nacht fan 5 op 6 desimber 1896 waard der ynbrutsen en sketten by de gernier Gabe Haitsma. It wie de hjitting dat dy in soad jild hie; syn spultsje wie op de hoeke fan de Skradyk-Hegedyk ûnder Britsum. De ynbrekkers rekken licht ferwûne en koenen nei Bitgum ûntkomme. De bruorren Wybren, Marten en Keimpe Hogerhuis, revolúsjonêr-sosjalistyske arbeiders út Bitgum, waarden arrestearre. Haitsma en syn húshâldster Ymke en har broer Sieds Jansma (dy't de bruorren earst net herkend hienen) tsjûgen tsjin de bruorren. Sy waarden feroardield foar deaslach en krigen finzenisstraffen fan respektivelik 12, 11 en 6 jier. Dêr wiene in soad minsken it net mei iens, ûnder oaren O. Stellingwerf, J. Hepkema en letter A. van der Heide en Pieter Jelles Troelstra. Bitgumers wiisden Sybolt Alberda, Paulus van Dijk en Allard Dijkstra as skuldigen oan. Dy hienen it der ek mei freonen oer hân. Dêr waard in troch de dieven efter littene dievelantearne fûn dy't in wichtich bewiisstik yn de saak foarme.

Wybren Hogerhuis fourtendaliks nei syn frijlitting foar de Blokhúspoarte, Ljouwert
(Foto fan Byldbank Ljouwert)

Der waard in nasjonaal Hogerhuiskomitee oprjochte dat stried foar de frijlitting fan de bruorren, dat lykwols yntern tige ferdield wie oer de oanpak. Der waard in soad publisearre en tsientallen gearkomsten oan de saak wijd. Der waard sprutsen fan klassejustysje en 'in politiek proses'. De rjochtbank soe de sosjalistyske beweging skea tabringe wolle. De autoriteiten beskôgen de Hogerhuisagitaasje as sosjalistyske propaganda en woene net oerjaan.

Yn 1897 luts de Hogerhuis-saak de oandacht fan de jurist Pieter Jelles Troelstra. Hy wie keazen as Twadde Keamerlid fan de SDAP yn it kiesdistrikt Ljouwert. Troelstra ûndersocht de saak yngeand holpen troch Pibo Antonius Pijnappel, en kaam mei nije feiten, dy't yn sosjalistyske blêden ûntfâlde waarden. Hy spriek fan 'eene gerechtelijke misdaad'. It die bliken dat in oergeunstige Ymkje sawol in ferhâlding mei Haitsma as mei Wybren hie, de tsjûgeferklearrings soene ûnder druk fan de plysje ôflein wêze. De rjochtbank soe ûntlêstende feiten negearre hawwe.

Hy krige it iepenbier ministearje lykwols net sa fier en iepenje de saak opnij, ek by de Hege Ried krige er dat net dien. Hy koe net genôch relevante feiten oandrage. Troelstra waard wol in moanne fêstsetten foar it mei opsetsin misledigjen fan de offisier fan justysje.

Troch aksjes fan 'revolúsjonêren' tsjin 'parlemintêren' yn it Hogerhuiskomitee komt it yn 1900 ta in refyzjeproses. Troelstra wurdt net beneamd as advokaat. De tawiisde neutrale advokaat Z. van den Bergh wie net fan harren ûnskuld oertsjûge, mei dêrtroch mislearret de refyzje. Wol komt der lang om let straffermindering: Keimpe kaam al in 1901 frij, Marten yn 1902 en Wybren op 28 septimber 1905.

Dizze affêre wurdt wol de "Nederlânske- of Fryske Dreyfus-affêre" neamd, mar wurdt dochs as minder wichtich beoardiele. Troelstra besocht in like grutte rol yn it iepenbier te spyljen as de Frânske skriuwer Emile Zola yn de wiere Dreyfus-affêre. [1]Dat is him net slagge, mar de Hogerhuissaak hat him wol in protte omtinken yn Fryslân opsmiten.

De Hogerhuissaak hat minsken noch lang ferdield yn foar- en tsjinstanners fan it leauwe yn de ûnskuld fan de bruorren.

Douwe Tamminga skreau yn 1950 in Frysk toanielstik oer de saak.

De hogerhuissaak is ferfilme troch Pieter Verhoeff yn 1985: De Dream.

  • Pieter Jelles Troelstra, Gedenkschriften. Deel II. Groei. Em. Querido's Uitgevers-Maatschappij, Amsterdam 1928. Hjir [1] te lêzen.
  • A.P. Staalman, Zijn de gebroeders Hogerhuis werkelijk onschuldig veroordeeld? (Aalsmeer 1899);
  • P. van der Molen, De Hogerhuis-tragedie (Drachten 1954);
  • U.D. Hannema, De Hogerhuis-zaak (Drachten 1964, dissertaasje);
  • G. Harmsen, De juridische, politieke en menselijke kanten van de zaak Hogerhuis yn: De Nieuwe Stem, 1964, 726-733
  • J. Frieswijk en Hans Sleurink, De zaak Hogerhuis: eene gerechtelijke misdaad. Ljouwert 1984.
  • Santema, Pier Abe, Vooruitstrevende journalistiek in Fryslân. Jacob Hepkema en de Hogerhuiszaak. Yn: It Beaken. 2004

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Hogerhuis.

  • [2] Biografysk Wurdboek fan it Sosjalisme en de Arbeidersbeweging yn Nederlân.
  • Wikipedia nl:, Hogerhuis-zaak
  1. Het laatste woord: zes opstellen over verdediging in strafzaken, Ties Prakken.