Springe nei ynhâld

Antibioatikum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Antibiotikum)
Amoxycillinekapsules, in breedspektrumantibioatikum

It klassike begrip antibioatikum bestiet út stoffen fan organyske oarsprong dy't sykteferwekkers (benammen baktearjes yn it lichem) bestride, soks neist gemoterapeutika, stoffen dy't troch de mins op syntetyske wize makke binne. Tsjintwurdich wurdt dat ûnderskied net mear makke en wurdt by alle stoffen dy 't oan minsk en bist tatsjinne wurde kinne om bakteriële ynfeksjes te bestriden sprutsen oer antibioatika. Mei de term gemoterapeutika wurde tsjintwurdich spesifyk anty-kankermiddels bedoeld, de sytostatika. Middels dy't sykteferwekkers deadzje dy't net yn it lichem mar op de hûd of op bygelyks wurkblêden sitte, wurde desinfektantsia of antiseptika neamd.

Der binne twa wichtige groepen antibioatika: de bakteriside of baktearjedeadzjende, en de bakteriostatyske of baktearjeremjende, dy't de groei foarkomme. Foar in bakteriside wurking (bg. by penisillinen) is groei fan de baktearje soms needsaaklik. Soksoarte middels kinne, alteast teoretysk besjoen, better net mei in antibioatikum út de bakteriostatyske groep (lykas de tetrasyklinen) kombinearre wurde.

It earste antibioatikum penisilline waard yn 1928 troch Alexander Fleming[1] ûntdekt as de wurksume stof ôfskieden troch in bepaalde penseelskimmel, Penicillium notatum. Pas yn 1941 ferskynden de earste publikaasjes fan tapassing op minsken. Letter kaam dêr it streptomysine noch by, en ferskate ôflate middels.

De ûntdekking fan antibioatika as penisilline betsjutte in trochbrek yn de bestriding fan sykteferwekjende baktearjen, en der waard dan ek oer sprutsen as 'in wûndermiddel', dat in grutte effektiviteit kombinearre oan lytse bywurkings (yn de measte gefallen).

Resistinsje tsjin antibioatika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It brûken fan antibioatika kin resistinsje jaan, de baktearjes wurde minder gefoelich foar it middel. Resistinsjes trede foaral op wannear 't in soad baktearjes fan in beskate soarte mei it middel yn oanrekking komme, en benammen wannear 't it middel net heech genôch dosearre is, of as it antibioatikum net genôch op it plak fan de ynfeksje oankomt, bygelyks yn in abses.

By in te koarte behanneltiid ûntwikkelje guon mikro-organismen, bygelyks de soarte fan mykobaktearium tuberkuloasis en de MRSA, in ûngefoeligens foar in antibioatikum, nettsjinsteande dat se in effektive konsintraasjes fan it brûkte antibioatikum te fernearjen krije.

De moderne genêskunde is hieltyd tebekhâldender mei it foarskriuwen fan antibioatika, om dêrmei de kâns op ûntstean fan resistinsjes lytser te meitsjen.

Wrâldwiid gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De konsumpsje fan antibioatika ferskilt bot tusken lannen. It WHO-rapport oer surveillânse fan antibioatikagebrûk dat yn 2018 publisearre waard, analysearre gegevens út 2015 fan 65 lannen, metten yn definiearre deistige doases op 1.000 ynwenners op in dei. Mongoalië hie de heechste konsumpsje mei in persintaazje fan 64,4. Bûrûndy hie it leechste mei 4,4 persint. Amoksiilline en amoksiilline/klafulaansoer (© Augmentin) waarden it meast konsumearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://205.188.238.181/time/time100/scientist/profile/fleming.html