Springe nei ynhâld

Mistral

Ut Wikipedy
De mistral wyn

De mistral is in kâlde wyn yn Súd-Jeropa. It is in bysûnder krêftige noarder- oant noardwestlike wyn, dy't wynkrêft 9 (stoarmkrêft) berikke kin en faak waait yn de delling fan de Rône yn it suden fan Frankryk. De wyn kin betiden wynkrêft 10 of 11 berikke mei trochsneed snelheden fan mear as 100 kilometer per oer en mei wynsteaten fan 150 kilometer per oer. By de Romeinen hie de wyn destiids safolle ûntsach ôftwongen dat sy him "magistralis" (masterlik) neamden. De wyn wurdt yn it Oksitaansk "mistrau", yn it Katalaansk "mestral" en yn it Italjaansk en Korsikaansk "Maestrale" neamd. Op de Mont Ventoux, in berch yn de Vaucluse, kin de mistral sels wynsnelheden oant 250 kilometer per oere helje.

De mistral stekt op as kâlde wyn ôfkomstich fan de noardpoal fier súdwaarts Jeropa yn blazen wurdt. De lucht wurdt dan feitlik nei it suden sûgen, omdat it wetter fan de Golf fan Genua folle waarmer is en de waarme lucht boppe de Golf omheech stiget. Dy opstigende lucht hat as gefolch dat in aktyf leechdrukgebiet ûntstiet, it Genua-leech. Dat leech makket dat de besteande luchtdrukferskillen grutter wurde wêrtroch it hurder waaien giet.

De lucht wurdt tusken de berchwanden fan de nauwe delling fan de Rône parse, dêr't in ekstra fersnelling troch ûntstiet. De wyn nimt hiel bot ta en kin inkele dagen oanhâlde. Oerdei is de wyn meastentiids sterker as nachts, omdat de temperatuerferskillen tusken de Rônefallei en de Middellânske See ûnder ynfloed fan de sinne dan it grutste binne. Lykwols is dat net altyd it gefal: ôfhinklik fan de waaromstannigens kin de mistral soms ek nachts fûl waaie bliuwe.

As de mistral waait is it meastentiids net bewolke yn it Rônedal, mar as de kâlde lucht boppe it waarme wetter fan de Midslânske See komt, ûntsteane dêr buien. Ek yn Nederlân kin it waar troch de mistral min wêze.