Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 26

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Keizer Karel V

Karel V (Gent, 24 febrewaris 1500San Yuste, 21 septimber 1558), foar syn mûlichferklearring Karel fan Lúksemburch neamd, út it Hûs Habsburch, wie sûnt 1506 foarst fan de measte Nederlânske gewesten, fan 1516 oant 1556 as Karel I kening fan Spanje en fan 1519 oant 1556 as Karel V keizer fan it Hillige Roomske Ryk, yn de Nederlannen algemien bekend as Keizer Karel.

Karel wie de soan fan Filips de Moaie en Johanna fan Kastylje, dy't de skiednis yngean soe as Johanna de Dwylsinnige. Hy waard grutbrocht yn de Nederlannen troch syn muoike Margareta fan Eastenryk en syn tutor, Adriaan fan Utert, de lettere Paus Adrianus VI. Yn 1506, doe't syn heit Filips de Moaie stoar, erfde hy de Nederlannen en it Frijgreefskip Bourgonje (Franche Comté). Syn pake Maksimiliaan I soe oant 1515 it regintskip waarnimme foar de minderjierrige Karel.

Lês mear ...