Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 17

Ut Wikipedy
It Igorliet, ien fan de âldst bekende literêre Russyske teksten.

It Russysk (русский язык,) is ien fan de grutste talen fan’e wrâld en de grutste kultuertaal yn Jeropa. It Russysk heart ta de Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Binnen dizze taalfamylje heart it ta de Slavyske talen. It Russysk foarmet tegearre mei it Oekraynsk en it Wyt-Russysk de East-Slavyske taalgroep.

It Russysk is de offisjele taal fan de Russyske Federaasje en ien fan de wurktalen fan de FN. Neist it Russysk wurdt yn Ruslân noch in hûnderttal oare talen sprutsen, wêrûnder Tsjetsjeensk, Tataarsk, Kirgizysk, Basjkiersk. Yn de Sovjet-Uny waard it Russysk as lingua franca brûkt; yn guon eardere Sovjetrepubliken hat de taal dy status noch altyd, mar net mear sa bot as doe.

Lês mear ...