Man

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ellan Vannin
Isle of Man
Flagge fan Man Wapen fan Man
Flagge Wapen
Lokaasje fan Man
Offisjele taal Ingelsk en Manksk
Haadstêd Douglas (Doolish)
Steatsfoarm selsbestjoerend gebiet ôfhinklik fan 'e Britske Kroan
Gebiet
% wetter
572 km²
0­%
Ynwenners (2005) 75.049
Munt Mankske pûn (IOMP)
Nasjonale feestdei 5 july
Lânkoade GBM
Ynternet .im
Tillefoan 44 (algemien Britsk)

Man is in eilân yn ’e Ierske See, yn it geografyske mulpunt fan ’e Britske Eilannen, op likernôch gelikense ôfstân fan noardlik Ingelân, yn it easten, Noard-Ierlân, yn it westen, en Skotlân, yn it noarden, ôf. Wales, yn it suden, en Ierlân, yn it súdwesten, lizze der wat fierder fanôf. Man is in selsbestjoerend gebiet dat ôfhinklik is fan ’e Britske Kroan, mar gjin diel útmakket fan it Feriene Keninkryk. Ek sit Man net by de Jeropeeske Uny.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Lânkaart fan man.gif

Man leit tusken 54º en 55º noarderbreedte en tusken 4º en 5º westerlingte. It is likernôch 48 km lang fan noard nei súd en fan 13 oant 24 km breed fan west nei east. It grûnoerflak fan it eilân is likernôch 572 km².

Yn it súdwesten en it noarden fan it eilân lizze twa heuvelrêgen. De iennichste berch op it eilân is de 621 meter hege Snaefell, yn it noardeasten. Neffens in âlde Mankske siswize kin men fan ’e top dêrfan sân keninkriken lizzen sjen: Man, Skotlân, Ingelân, Ierlân, Wales, de Himel en dat fan Neptunus. Tusken de beide heuvelrêgen troch rint in sintrale delling fan ’e westkust oant ’e eastkust. Oan ’e eastlike ein dêrfan, leit Douglas (Manksk: Doolish), de haadstêd fan Man. It uterste noarden fan it eilân bestiet út in marine sedimintaasjeflakte.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Man.
De Braaid yn it sintrum fan it eilân, mei de oerbliuwsels fan âlde beskavings op it eilân.

Man waard nei gedachten net earder as de fyfde ieu nei Kristus kolonisearre troch Gealsktalige stammen út Ierlân. Der binne guon argeologyske oanwizings fûn dat it eilân foar dy tiid troch Welsktalige minsken bewenne west hawwe kin. De namme fan Man is ôflaat fan Mannanan, de Keltyske god fan ’e see.

Oer de skiednis oant likernôch 800 is net in protte bekend. Mûglik is it in pear kear troch buorlannen oermastere. Yn de 9e ieu begûnen de ynfallen fan de Wysingen. Om 850 hinne wie harren ynfloed op Man sa sterk wurden, dat se it bestjoer oernamen en Man losmeitsje koenen fan ’e Skotske Hebriden. Yn 1266 waard it Ferdrach fan Perth sletten tusken Noarwegen en Skotlân. Dêrby waard Man mei alle oare Noarske eilannen, útsein de Orkaden en Sjetlân ferkocht oan Skotlân. De Ingelske kening Edward I bemastere Man yn 1290, doe’t yn Skotlân ferskate eallju om ’e (lege) troan fochten, mar yn 1313 kaam it wer by Skotlân te hearren, doe’t de Skotske kening Robert I nei in belis fan fiif wiken it kastiel fan Rushen ynnaam. Fan likernôch 1320 ôf bestie der in wat betize tastân en wie Man noris yn Ingelske en dan wer yn Skotske hannen.

Nei't Man yn 1333 foargoed Ingelsk besit waard, waard it yn 1405 besit fan de Stanley-famylje. De tiid dat it Hûs Stanley oer Man hearske (1405-1736), wie ien fan ’e bettere snuorjes út ’e Mankske skiednis. Nei de dea fan James II Stanley, yn 1736, kaam Man yn it besit fan de famylje Murray, en yn 1765 koft it Britske regear it eilân om it smokkeljen tsjingean te kinnen. Goed in ieu lang, fan 1765 oant 1866, stie Man dêrnei streekrjocht ûnder Britsk bestjoer. Yn 1866 krige Man selsbestjoer en ûntstie de steatkundige sitewaasje sa’t dy hjoed de dei noch is, mei Man los fan it Grut-Brittanje. Hoewol’t dat selsbestjoer yn ’t earstoan yn ’e praktyk noch net in soad foarstelde, boeken de Manksen sûnt dy tiid in opmerklike foarútgong. Yn de rin fan de 20e ieu hawwe der oplibbings west fan de Mankske kultuer en de Mankske Taal.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Neffens in rûzing út july 2005 hat Man goed 75.000 ynwenners, dêr’t likernôch in trêde part fan, goed 25.000 minsken, yn ’e haadstêd Douglas wennet. Dêrmei hat it eilân in befolkingstichtens fan 133 minsken de km².

Yn 2000 wie 18% fan ’e befolking fan Man jonger as fyftjin jier en 17% âlder as 65. Neffens in rûzing út 2005 leit it persintaazje fan ’e befolkingsgroei op 0,52%, mei 5,47 migranten, 11,69 berten en 11,98 stjergefallen per tûzen ynwenners. De poppestjerte is 5,93 per tûzen berten (2005) en yn 2000 wie de libbensferwachting 74,98 jier foar manlju en 81,87 jier foar froulju. It totale fruchtberenspersintaazje wie 1,65 bern de frou.

Godstsjinst[bewurkje seksje | edit source]

It eilân Man hat gjin offisjele religy en de measte Manksen dogge net in protte of hielendal neat oan godstsjinst. As foarkommende libbensbeskôgings soenen yn it foarste plak ateïsme en agnostisisme neamd wurde moatte. Kristlike denominaasjes dy’t oanhing hawwe op it eilân binne de anglikanen, rooms-katoliken, metodisten, baptisten, presbyterianen, quakers en Jehovah’s tsjûgen. Dêrfan nimt de Anglikaanske Tsjerke fanâlds de sterkste posysje yn. Man hat in eigen anglikaanske biskop, dy’t de titel Lord Bishop of Sodor and Man (“hear-biskop fan Sodor en Man”) draacht.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

Man hat gjin wetlik fêstleine, offisjele taal, mar de taal dy’t it Mankske regear brûkt is it Ingelsk, dat dêrom as offisjele taal beskôge wurde kin. It Manksk, de oarspronklike taal fan Man, genietet in beskate erkenning yn ’e wet en wurdt by spesjale gelegenheden noch brûkt yn it Mankske parlemint.

It Manksk[bewurkje seksje | edit source]

It Manksk, dat yn ’e eigen taal Gaelg of Gailck neamd wurdt, is in Keltyske taal. Mei it Gealsk en it Iersk heart it ta de Gealske subgroep fan ’e Keltyske taalfamylje.

Troch de ieuwen hinne hat it oan sterke ynfloeden fan benammen it Noarsk en it Ingelsk bleatstien. Lykwols bleau it oan ’e njoggentjinde ieu ta yn gebrûk as sprektaal èn as bestjoerstaal. Dat it Manksk fan likernôch 1830 ôf hieltyd mear terrein priisjaan moast, lei net oan druk fan boppe-ôf troch in Ingelsktalich regear, mar oan it gefoel dat in protte Manksen sels hienen, dat se allinne mar mei koenen yn ’e wrâld as se Ingelsk sprutsen. Dêrtroch waard der sa op it Manksk delsjoen, dat de âlden it harren bern net mear learden. Om 1910 hinne wie it hielendal út it iepenbier ferdwûn en waard it allinne noch mar yn it húslike fermidden sprutsen en, iroanysk genôch, yn guon offisjele ynstellings dêr’t stevich yn tradysjes ferankere wie, lykas de tsjerke en rjochtspraak.

It djiptepunt kaam foar it Manksk yn ’e santiger jierren. Yn 1974 stoar Ned Maddrell, dy’t neffens taalkundigen de lêste wie dy’t it Manksk as memmetaal hie. Sûnt ’e jierren tachtich makket de taal lykwols in opmerklike oplibbing troch, eat dat foar in grut part te tankjen wie oan in lytse hurde kearn fan lju dy’t it Manksk as twadde taal fan harren pakes en beppes leard hienen. Neffens de folkstelling fan 1991 hienen doe 650 ynwenners fan Man kennis fan it Manksk, al moat oannommen wurde dat der grutte ferskillen bestienen tusken de nivo’s fan dy kennis. Yn 1992 waard it Manksk wer ynfierd as skoalfak en der is no sels in skoalle dêr’t al it ûnderwiis yn it Manksk bart. Neffens de folkstelling fan 2001 sprutsen doe 1.689 minsken it Manksk as twadde taal, wylst der ek foar it earst yn jierren wer bern (27, om krekt te wêzen) wienen dy’t it Manksk as memmetaal hienen.

It Manksk-Ingelsk[bewurkje seksje | edit source]

De meast sprutsen taalfoarm op Man is hjoed de dei it Manksk-Ingelsk, dat net betize wurde moat mei it Manksk. It Manksk-Ingelsk is it Ingelsk sa’t him dat troch de ieuwen hinne op Man ûntjûn hat ûnder sterke ynfloed fan it Keltyske Manksk en ek fan it Noardingelske dialekt fan Lancashire, dêr’t in protte kontakten mei wienen. It wykt frij sterk ôf fan ’e Ingelske standerttaal (it saneamde Oxford-Ingelsk) en fan alle oare Ingelske dialekten, ynklusyf dy dy’t harren ûnder ferlykbere omstannichheden ûntwikkele hawwe yn oare Keltyske gebieten, lykas Skotlân, Ierlân en Wales.

Bestjoer en Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Bestjoer[bewurkje seksje | edit source]

It eilân Man is in selsbestjoerend gebiet ôfhinklik fan ’e Britske Kroan. It steatshaad is keninginne Elizabeth II, dy’t de histoaryske titel Lord of Mann (“Hear fan Mann” - tink om ’e âlderwetske stavering fan ’e namme fan it eilân) draacht. Op Man wurdt sy fertsjintwurdige troch de luitenant-gûverneur, dy’t in amtstermyn fan fiif jier hat. Yn oktober 2005 karde it Mankske parlemint in útstel goed om dy titel te feroarjen yn it Manksktalige Barrantagh y Chrooin (“kommissaris fan ’e Kroan”). Dit foarstel is no foar goedkarring nei Londen stjoerd, mar it Britske Ministearje fan Grûnwetlike Saken hat al tasein dat it nei alle gedachten gewoan trochgean kin.

It regear fan Man wurdt foarme troch de saneamde Council of Ministers (“Rie fan Ministers”), dy’t foarsitten wurdt troch in minister-presidint mei de titel Chief Minister (“haadminister”). Dit regear hat foech yn frijwol alle bestjoerssaken, útsein definsje en bûtenlânske saken, dêr’t it Britske regear ferantwurdlik foar is.

Aktyf en passyf kiesrjocht is op Man universeel foar alle ynwenners fan achttjin jier en âlder. De grûnwet fan Man is in net-skreaunenien. Tink derom dat de Isle of Man Constitution Act (“Mankske Wet op ’e Grûnwet”), út 1961 net de Mankske grûnwet is.

It Tynwald[bewurkje seksje | edit source]

It parlemint fan Man is it Tynwald (Manksk: Tinvaal), dat it âldste ûnûnderbrutsen funksjonearjende parlemint fan ’e wrâld is. It is oprjochte yn it jier 979 en hoewol’t de parleminten fan sawol Yslân as de Faeröer fan foar dy tiid datearje, hawwe dy yn ’e njoggentjinde ieu beide inkelde tsientallen jierren lang opheft west.

De flagge fan it Tynwald, it Mankske parlemint.

It Tynwald is in twakeamerich parlemint, mei in legerhûs, it saneamde House of Keys (“Hûs fan ’e Kaaien”), en in hegerhûs, de Legislative Council (“Wetjaande Rie”). It House of Keys hat 24 sitten en de leden derfan wurde ienris yn ’e fiif jier by algemiene ferkiezings keazen troch de Mankske befolking. De Legislative Council hat tsien sitten; acht dêrfan wurde keazen troch de leden fan it House of Keys, wylst de oare beide yn ’e hannen binne fan ’e anglikaanske biskop fan Sodor en Man en fan ’e prokureur-generaal, dy’t gjin stimrjocht hat. Sûnt 2005 besteane der plannen om fan ’e Legislative Council ek in streekrjocht keazen lichem te meitsjen, krekt sa’t men dat yn Londen mei it Britske Hegerhûs dwaan wol.

Alle jierren op 5 july, Tynwalddei, wurde fanâlds de wetten fan it eilân troch de wetsprekker foarlêzen op ’e Tynwaldheuvel. Dêr wapperet dan de eigen flagge fan it Tynwald, dy’t blau is, mei yn goud in Wytsingskip derop. De wetsprekker wurdt yn it Manksk Yn Lhaihder neamd, dat “de lêzer” betsjut. It foarlêzen fan ’e wetten bart yn it Manksk.

Bestjoerlike Yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Man bestiet út seis bestjoerlike distrikten, dy’t sheadings neamd wurde. Wêr’t dy namme weikomt en wat er oarspronklik betsjutte is net alhiel mear dúdlik. Wierskynlik is it in wurd fan Noarske komôf en wie it de beneaming foar in gebiet dat ferantwurdlik wie foar it leverjen fan in fêststeld tal oarlochsskippen yn it gefal fan oarloch. Mar it kin ek fan Keltyske oarsprong wêze en “sechsdepart” betsjutte. Hoe’t it ek sij, de seis sheadings fan Man binne: Ayre, Glenfaba, Garff, Michael, Rushen en Middle. Alle sheadings binne ûnderferdield yn trije gemeenten (parishes), útsein Glenfaba, dat út twa gemeenten bestiet. Alle sheadings en gemeenten hawwe in eigen rie, dy’t keazen wurdt troch de ynwenners. En datselde jildt ek foar de stêden Douglas, Castletown, Peel en Ramsey en de doarpen Laxey, Port Erin en Port St Mary.

Relaasje mei it Feriene Keninkryk[bewurkje seksje | edit source]

It is in tige algemien misferstân dat Man in ûnderdiel foarmet fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân. Dat is net sa, ek al fersoarget it Britske regear foar Man saken as definsje en bûtenlânske betrekkings.

Alle net-Manksen, ynklusyf Britten, binne ferplichte om in wurkfergunning oan te freegjen foar’t se op Man wurkje meie. Oarsom jildt dat net, want om’t Man gjin eigen steatsboargerskip hat en Manksen dêrom Britske paspoarten hawwe, jilde se foar de Britske wet as Britske steatsboargers en kinne se dus frij yn it Feriene Keninkryk reizgje, wurkje of wenje.

Relaasje mei de Jeropeeske Uny[bewurkje seksje | edit source]

Oars as it Feriene Keninkryk is Man net lid fan ’e Jeropeeske Uny, en ek is it der net mei assossearre. Fierders leit Man bûten it gebiet fan ’e Jeropeeske Ekonomyske Romte. Dochs stiet Protokol 3 fan it talittingsferdrach fan it Feriene Keninkryk ta wat doe noch de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip hiet, de ynfier fan Manksk guod ta sûnder dat dêr heffings oer betelle hoecht te wurden. Tegearre mei de Britsk-Mankske Dûane- en Aksynze-oerienkomst makket dat frijhannel mei it Feriene Keninkryk mooglik.

Lykwols, ek al is frij ferkear fan guod dus tastien, frij ferkear fan minsken, jild en tsjinsten is dat net. Hoewol’t Manksen Britske paspoarten brûke, hawwe se dêr in spesjale oantekening yn dy’t tsjinkeart dat se frij libje en wurkje kinne yn ’e oare lidsteaten fan ’e Jeropeeske Uny.

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Partijpolityk spilet op Man net in grutte rol, mei’t de measte Mankske politisy ûnôfhinklik binne. Dat wol lykwols net sizze dat der hielendal gjin partijen binne. De grutsten binne de rjochtse Alliance for Progressive Government (it “Ferbûn foar Progressyf Regear”) en de loftse Manx Labour Party (“Mankske Arbeidspartij”), dy’t trouwens gjin bannen hat mei de Britske Labour Party.

In oare opmerklike partij is Mec Vannin (“Soannen fan Man”), dy’t yn 1962 troch in groep Mankske nasjonalisten oprjochte waard mei as doel om fan Man in folslein ûnôfhinklike, soevereine republyk te meitsjen. It iennichste lid fan Mec Vannin dat ea ta parlemintslid keazen waard, wie Peter Craine, yn ’e ferkiezing fan 1976. Lykwols hawwe der ferskate oare parlemintsleden west, dy’t foartiid of neitiid lid fan Mec Vannin wienen of waarden of dy’t iepenlik mei de doelstellings fan ’e partij sympatisearren.

Foarhinne bestienen der op Man ek in Manx National Party (“Mankske Nasjonale Partij”) en in Manx Communist Party (“Mankske Kommunistyske Partij”).

Op ’t heden (ein 2005) is de Mankske minister-presidint Donald Gelling. De luitenant-gûverneur is fise-admiraal Sir Paul Haddacks. Fan ’e 24 sitten yn it House of Keys binne op dit stuit njoggentjin yn ’e hannen fan ûnôfhinklike parlemintsleden, wylst de Alliance for Progressive Government trije beset en de Manx Labour Party der twa hat. De earstfolgjende ferkiezings binne plend foar 2006.

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Fan ’e jierren sechtich fan ’e tweintichste ieu ôf binne lânbou en fiskerij, dy’t foar dy tiid de foarnaamste ynkommensboarnen op Man wienen, minder wichtich wurden. It geunstige belestingklimaat op it eilân en it belied fan it regear om belienings te jaan oan finansjele en high-tech-bedriuwen dy’t har op it eilân fêstigen, hat derfoar soarge dat tsjintwurdich banken en oare tsjinstferlienende ynstellings en ek high-tech-bedriuwen de wichtichste pylders fan ’e Mankske ekonomy foarmje. In oare wichtige, sij it seizoensbûne sektor is it toerisme.

Yn 2000 wurke 86% fan ’e Mankske befolking yn ’e tsjinstesektor, 13% yn ’e yndustry en 1% yn ’e lânbou en de fiskerij. Yn 2003 wie it bruto nasjonaal produkt fan Man wie $28.500,- per ynwenner.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

De Triskelion[bewurkje seksje | edit source]

De triskelion is it nasjonale symboal fan Man, besteande út trije bûgde skonken, elts mei in spoar en wapenrêsting oan, dy’t oaninoar sitte by it bil. It is in stokâld symboal, dat nei alle gedachten weromgiet op ’e Keltyske tiid fan Man en dat al mear as trijehûndert jier op ’e Mankske flagge stiet. It wurdt ek wol de trinacria of de ‘skonken fan Man’ neamd.

Der is gjin offisjele foarm fan ’e triskelion, sadat der withoefolle ferskillende farianten besteane en brûkt wurde. By de measten steane de fuotten deselde kant út - d.w.s. mei de teannen nei lofts - mar net by allegear. In oar ferskil is de bûgingsgraad fan ’e knibbels. Op ’e Mankske flagge is dy 90º, mar by oare foarmen fan ’e triskelion kin er oeral tusken 60º en 120º sitte. Fierders kin ek de fersiering fan ’e wapenrêsting en de spoaren gâns ferkille.

De wapenspreuk fan Man - Quocunque jeceris stabit (“Wêr’t jo it ek smite, sil it stean”) - slacht op ’e triskelion mei syn trije skonken. Ut ’e ynterpretaasje fan wapenspreuk en triskelion tegearre wurdt it Mankske folk stânfêstens en robústens tatocht.

Sport[bewurkje seksje | edit source]

Man is ûnder sportleafhawwers wierskynlik fral bekend fan ’e TT-moterwedstriden, dy’t der elts jier oan ’e ein fan maaie en it begjin fan juny holden wurde. Dit barren is yn 1904 begûn as in autowedstrydevenemint.

Oare sporten dy’t op Man beoefene wurde, binne bygelyks fuotbal, rugby, basketbal, hockey en fansels cricket. De Isle of Man Football Association (it “Mankske Fuotbalbûn”) hat it tafersjoch oer in fuotbalkompetysje dêr’t 27 klubs, ferdield oer twa divyzjes, oan meidogge. Fierders is der in ôfsûnderlike kompetysje foar de reservetiims fan ’e klubs fan ’e haadkompetysje. Der is ek in nasjonaal Manksk fuotbalalvetal, mar om ûnferklearbere redens docht dat net mei oan UEFA- of FIFA-kampioenskippen. De Isle of Man Cricket Association (it “Mankske Cricketbûn”), lykwols, docht sûnt 2004 wol mei oan ynternasjonale kampioenskippen.

De Mankske Kat[bewurkje seksje | edit source]

In sturtleaze Mankske kat.

Eat oars dêr’t it eilân in beskate bekendheid fan krigen hat, is de Mankske kat (Manksk: kayt Manninagh). Dat is in katteras mei in natoerlik foarkommende mutaasje oan ’e rêchbonke, dy’t de sturt ferkoartet. De Mankske kat wurdt wol sturtleas neamd, mar dat is net alhiel krekt; hy kin sturtleas wêze mar dat hoecht net. Feitliks komt er foar mei alle lingten sturten fan hast like lang as by oare katterassen, oant sturtleas. It is wol sa dat sturtleaze of hast sturtleaze bisten mear foarkomme as katten mei langere sturten.

De Mankske kat ûnderskiedt him fierders fan oare katterassen, troch syn efterpoaten, dy’t langer binne as syn foarpoaten. Dêrtroch drave Mankske katten mei in wat hippende beweging, dy’t mear wei hat fan ’e gong fan in knyn as fan dy fan oare katten.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

Eksterne keppelings (meastal yn Ingelsk)[bewurkje seksje | edit source]

Symbol support vote.svg