Springe nei ynhâld

Hans Asperger

Ut Wikipedy
Hans Asperger
Hans Asperger om en de by 1940
Hans Asperger om en de by 1940
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hans Asperger
nasjonaliteit Eastenryksk
berne 18 febrewaris 1906
berteplak Hausbrunn
stoarn 21 oktober 1980
stjerplak Wenen
wurkpaad
berop/amt bernedokter
reden
  bekendheid
publisearre as earste oer it syndroom fan Asperger

Hans Asperger (Hausbrunn, 18 febrewaris 1906Wenen, 21 oktober 1980) wie in Eastenryksk bernedokter dêr't it syndroom fan Asperger nei neamd is.

Asperger wie de earste dy't, yn 1944, in definysje publisearre oer it syndroom dat letter nei him neamd wurde soe. Hy murk yn fjouwer jonges in gedrachspatroan en in patroan fan bepaalde feardichheden op dy't hy omskreau mei de term "autistyske psychopaty (autistysk = "sels", psyche = "geast" en pathos = "lijen" of "sykte"). It patroan dat hy omskreau besloech ûnder oare "in gebrek oan ynlibbingsfermogen, bytsje feardichheden om freonskippen te sluten, iensidige konversaasje, enoarme belangstelling yn bepaalde saken en ûnhandige bewegings". Asperger neamde bern mei dit syndroom sels "lytse professors", omdat se tige detaillearre oer harren eigen favorite ûnderwerp prate koene (dit wurdt ûnder autisten "fiepen" neamd).

Hy wie derfan oertsjûge dat in soad fan dizze bern sadree't se folwoeksen wiene harren bysûndere talint ek brûke soene. Hy folge ien bern, Fritz V., duorjende syn libben. V. waard in professor yn de astronomy en korrizjearre in flater yn it wurk fan Newton dy't him as bern al opfallen wie.

De positive benadering fan Hans Asperger stiet yn skerp kontrast ta de omskriuwing dy't Leo Kanner fan autisme joech, wylst beiden yn essinsje deselde oandwaning omskreaune.

Nei't skynt fertoande Hans Asperger as bern it gedrach dat letter nei him neamd wurde soe. Hy waard omskreaun as in ienlik en ôfstanlik bern bern dat muoite hie mei om freonen te meitsjen. Hy wie ynteressearre yn taal, benammen yn de Eastenrykske dichter Franz Grillparzer, út waans wurk hy geregeldwei foar syn klasgenoaten sitearre, hoewol't dy dêr gjin belangstelling foar hiene.

Asperger ferstoar eardat it syndroom algemiene erkenning krige. Dit kaam benammen trochdat it grutste diel fan syn wurk yn it Dútsk wie en net folle oersetten wie. De earste dy't de term "syndroom fan Asperger" yn in publikaasje neamde wie de Britske ûndersykster Lorna Wing. Har ûndersyk Asperger's syndrome: a clinical account, waard yn 1981 publisearre en smiet in heul oar ljocht op it oant dan ta akseptearre model fan autisme omskreaun troch Leo Kanner yn 1943.

  • Asperger, H. (1944), Die 'Autistischen Psychopathen' im Kindesalter, Archiv fur Psychiatrie und Nervenkrankheiten, 117, siden 76-136.
  • Asperger, H. (1968), Zur Differentialdiagnose des Kindlichen Autismus, Acta paedopsychiatrica, 35, siden 136-145.
  • Asperger, H. (1979), Problems of Infantile Autism, Communication, 13, siden 45-52.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]