Rasselear
De rasselear is in teosofyske lear dy't diel útmakket fan de esotearyske wiisbegearte.
Betiizjend is de term "ras" dy't in folslein oare begrypsynhâld hat as yn it wenstige taalgebrûk. By de (teosofyske) rasselear wurdt mei ras de totaliteit fan minsken dy't de ierde befolkje yn in langere termyn fan evolúsje: yn de oarder fan grutte fan hûnderten miljoenen jierren. Der binne ek ûnderferdielings dy't woartelrassen neamd wurde; in woartelras soe etlike miljoenen jierren bestean. Mei minsken wurde net de lichaamlike ferskiningsfoarmen bedoeld, lykas yn it normale spraakgebrûk, mar de geastlike yndividualiteit. By de teosofy wurdt derfan útgien dat de geast de oarsprong is, dus primêr, wylst de stof foarme en konstruearre wurdt troch in hiërargy fan geastlike wêzens. Totaal oars dus as de hjoeddeiske wittenskip dy't der fanút giet dat de stof primêr bestiet en by in bepaalde (tafallige) struktureardens (lykas by de harsens) "bewustwêzen" of "geast" fertoanen giet.
It earste ras dat yn ús universum "ûntweitsje" soe tige fyn west hawwe en soe ek miljarden jierren lyn bestien hawwe.
Nei de Twadde Wrâldoarloch kamen de teosofen yn in kwea deiljocht te stean fanwege de skynbere oerienkomst mei de rasselear fan de nazy's. (Sjoch ek Arysk ras) Dy rasselear learde dat der superieure rassen en ynferieure rassen wêze soene, wat úteinlik late ta ferfolging fan "minderweardige" rassen, wêrûnder Roma en Joaden. De destiidske lieders fan de teosofyske organisaasjes hawwe tsjin dizze ideeën stelling nomd omdat rasisme as uteringsfoarm dêrfan hielendal yngiet tsjin it boadskip fan de teosofy, nammentlik dat alles wat bestiet yn essinsje ien is en der yn werklikheid dus in bruorskip bestiet.