Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 43

Ut Wikipedy
De fersoarging fan pasjinten fan de Spaanske gryp yn in sikehûs yn Washington D.C.

De Spaanske gryp wie in gryppandemy dy’t oer de heule wrâld ferspraat rekke yn 1918 oant 1920. It is net wis wêr’t de sykte ûntstien is, al wurdt oannaam dat de boarne fan de Spaanske gryp yn Aazje leit. De measte slachtoffers wienen sûne jongfolwoeksenen, wat oars is as by oare grypútbraken, wêrby't de measte slachtoffers jonge bern, âlderen en swakke pasjinten binne.

De pandemy duorre fan maart 1918 oant juny 1920 en fersprate him sels nei de noardpoal en ôfhandige eilannen yn de Stille Oseaan. It totaal tal deaden nei oanlieding fan de sykte is net wis, rûzings rinne op oant 100 miljoen deaden, de meast hoedene rûzings lizze om en de by de 20 miljoen minsken. In rûze 500 miljoen minsken hawwe de sykte hân, wat delkomt op 1/3 fan de wrâldbefolking fan dy tiid.

Lês mear ...