CN Tower

Ut Wikipedy
CN Tower út it stadion wei sjoen.
Trochsnee fan it middenplatfoarm.
Hichteferliking
1. Burj Khalifa
2. CN Tower
3. Willis Tower

De CN Tower is in toer yn Toronto, Kanada.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei trije jier bouwen wie de toer yn 1976 klear. De toer waard boud troch de Kanadeeske nasjonale spoardykmaatskappij Canadian National Railway (ôfkoarte CN) om sjen te litten wat de yndustry yn Kanada allegear koe. Yn 1995 waard besletten om CN te privatisearjen en tenei inkeld noch mei frachttreinen te riden. CN ferkocht de toer oan in bedriuw dat steatseigendom yn 't behear hat. De TrizecHahn Corporation hie de toer tusken 1997 en 2004 yn behear en fernijde de toer mei aardichheden foar toeristen. Der kamen twa nije liften en in nij treppehûs yn de toer. Nei de ferkeap is de namme CN Tower bleaun, no stiet de ôfkoarting lykwols foar 'Canada's National Tower'.

Hichte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De toer is 553 meter grut. Mei de iepening fan de Burj Khalifa op 4 jannewaris 2010 ferlear de CN Tower syn status as heechste bouwurk op ierde. Yn 2003 waard in nije antenne op de Ostankino toer yn Moskou set, dêrtroch soe dy toer heger as de CN Tower wêze, mar de hichte fan de Ostankino toer (557 meter) is net offisjeel fêststeld. Dêrneist binne der noch hegere mêsten, mar dy wurde mei kabels yn balâns holden.

Eigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars as de measte tuorren is de CN Tower gjin rûne mêst mar hat in heksigonale foarm (Y-foarm). By hurde wyn kin de toer oan de top wol 3 meter hin-en-wer bewege. Der komme sa'n 2 miljoen toeristen yn 't jier. De toer wurdt ek brûkt troch in protte radio en telefyzjestjoerders.

Platfoarmen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De toer hat trije platfoarmen:

  1. De toer hat fjouwer trochsichtige liften dy't yn minder as ien minuut by it earste platfoarm binne. Op it earste platfoarm is in binnen- en bûtendek, in nachtklup en in restaurant foar 400 gasten.
  2. Op 342 meter hichte is in platfoarm mei glêsboaiem (Glass Floor). It glês dêr't minsken op stean kinne is 6 meter tsjok.
  3. It heechste platfoarm, ek wol Sky-Deck neamd, is op 447 meter hichte boud.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: CN Tower – foto, fideo en harktriemmen