Peter III fan Ruslân

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Peter III fan Ruslân

Peter III Fjodorovitsj (Russysk: Пётр III Фёдорович, Pjotr III Fjodorovitsj; berne as Karel Peter Ulrich op 21 febrewaris 1728 yn Kiel, Dútslân, ferstoarn op 17 july 1762 yn Sint-Petersburch) folge yn 1762 tsarina Elizabeth op as hearsker oer it Russyske Ryk. Yn it koarte skoft dat er tsaar wie, makke er troch syn pro-prusyske polityk yn Ruslân in soad fijannen en al yn in heal jier tiid kaam der in ein oan syn bewâld. Oannommen wurdt dat Peter III, dy't hast gjin Russysk prate, fermoarde waard nei't er earder twongen waard de troan op te jaan. Peter III waard opfolge troch syn frou, dy't bekend waard as Katarina de Grutte.

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peter Fjodorovitsj wie it iennich bern fan hartoch Karel Freark fan Sleeswyk-Holsein-Gottorp en Anna Petrovna, dochter fan tsaar Peter de Grutte en de âldere suster fan Elizabeth Petrovna. Syn âlders ferhûzen yn 1727 fan Sint-Petersburch nei it Dútske Kiel. Dêr ferstoar syn mem al trije moanne nei de berte fan har soan oan tuberkuloaze. Nei't ek syn heit yn 1739 ferstoar waard de alvejierrige wees hartoch fan Holstein-Gottorf, dat fanwegen it ferlies fan Sleeswyk oan de Deenske Kroan sûnt 1713 net in soad mear foarstelde.

Om't syn muoike Elizabeth sels gjin bern hie wiisde hja op 18 novimber 1742 Peter oan as troanopfolger. De keizerin liet har Dútske muoikesizzer út Kiel helje; hy gyng oer op it russysk-otterdokse leauwe en waard yn de âldens fan 14 jier kening fan Finlân, nei't russyske troepen yn de Russysk-Sweedske Kriich fan 1741-1743 Finlân oermasteren.

Houlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peter III en Katarina II

Keizerin Elizabeth regele foar Peter in houlik mei Sophia Augusta Frederica (de lettere Katarina de Grutte), dochter fan Christian August, prins fan Anhalt-Zerbst, en prinses Joanna Elizabeth fan Holstein-Gottorp. De jonge prinses gyng op it otterdokse leauwe oer en naam de namme Ekaterina Aleksejevna oan. Hja trouden op 21 augustus 1745, mar it houlik wie niet goed. Tegearre krigen se in soan, de lettere keizer Paul, en in dochter, Anna Petrovna (1757–1759). Letter ornearre Katarina dat Paul net in ferwekt wie troch har man en dat hja nea mienskip meiïnoar hân hiene. Katarina beskreau har man as in "idioat", de "dronkelap fan Holstein" dy't "goed foar neat" wie, ensafuorthinne. Yn de sechtjin jier dat se yn Oranienbaum residearre hie, Katarina in grut tal frijers. Peter hie in ferhâlding mei grevinne Elizabeth Vorontsova en soe fan doel west ha om nei syn kroaning Katarina te fermoardzjen en dan syn mêtresse ta tsarina te kroanen.

Bûtenlânske polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peter waard tsaar op in stuit dat Ruslân yn de Sânjierrige Oarloch ferwikkele wie. De oarloch ferrûn ûnder keizerin Elizabeth foar Ruslân goed, mar op it stuit dat de striid tsjin Prusen hast beslist wie, ferstoar Elizabeth. Troanopfolger Peter wie in grut bewûnderer fan Freark II fan Prusen en hy liet nei de troansoerdracht fuort de troepen werom lûke; de pro-Prusyske keizer soarge foar in fredesferdrach en it grûngebiet dat Ruslân op Prusen ferovere hie joech er werom sûnder dêr wat foar werom te freegjen. De eardere fijân fan Ruslân krige fan tsaar Peter it útstel om in alliânsje te foarmjen en sa waard Prusen ûnder de nije tsaar ynienen in bûnsmaat. Dêrmei feroaren de ferhâldings yn Europa dramatysk. Tagelyk makke de "Dútske" tsaar mei dat ferspyljen fan russyske belangen fijannen yn it Ryk.

Fuort dêrnei besocht er as hartoch fan Holstein-Gottorp Denemark de oarloch te ferklearjen om sa ferlerne dielen fan Sleeswyk wer by it hartochdom te foegjen. Yn Ruslân waard dy kriich troch mannichein as ûnpatriotysk sjoen, want wat wie it russyske belang yn in kriich mei Denemark? De Russyske troepen waarden yn Pommeren al mobilisearre, ree om de kriich tsjin Denemark te begjinnen as it lân him de gebieten net werom joech op de op 1 july 1762 te hâlden konferinsje yn Berlyn. Peter ferlear lykwols de troan, noch ear't de konferinsje oer de kwestje Sleeswyk yn Berlyn behannele wurde koe.

Ynlânske polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn syn koarte bewâld liet Peter 220 nije wetten ynstelle, dêr't er oan wurke hie doe't er noch kroanprins wie. Hy woe religieuze frijheid, in revolúsjonêre stap dy't sels yn it ûntwikkele West-Europa noch net bestie. Hy gyng de striid oan mei korrupsje yn it regear en stelde iepenbiere prosesfiering yn. Hy skafte de geheime plysje ôf, dy't Katarina letter wer op 'e nij ynstelde. Peter makke it ûnderwiis foar de aristokrasy ferplicht; alle aristokraten moasten harren bern tenei ûnderwize litte. Fierder krigen guon stêden technyske skoallen foar bern út de midden- en legere stannen. Ek it russyske leger waard modernisearre en reorganisearre. Prusen wie foar Peter III it grutte foarbyld en hy liet syn garderezjimint yn prusyske unifoarmen klaaie.

Ien fan syn meast populêre herfoamings wie it manifest fan februaris 1762, dat de adel frijstelde fan ferplichte steats- en militêre tsjinst (ynfierd troch Peter de Grutte) en harren de frijheid joech om nei it bûtenlân te reizgjen. Doe't Peter it manifest presintearre wie it parlemint sa optein, dat se útstelde om in stânbyld fan suver goud foar him te meitsjen, mar Peter wegere en sei dat der wol bettere doelen wiene dêr't it goud foar brûkt wurde koe.

De ekonomyske polityk fan Peter wjerspegele de tanimmende ynfloed fan it westerske kapitalisme en it ûntstean fan de "Tredde Klasse", de keaplju, dy't dêr mank mei gie. Hy stifte de earste steatsbank fan Ruslân en wiisde it monopoly op hannel fan de adel ôf en befoardere it merkantilisme troch de útfier fan nôt te fergrutsjen en de ynfier fan sûker en oare saken dy't Ruslân sels produsearre te ferbieden.

Foar it earst waard it deadzjen fan in liifeigene troch in lâneigner in strafber delikt. Ek de Russysk-Otterdokse Tsjerke krige mei herfoarmings te meitsjen. Peter makke in begjin oan it plan fan Peter de Grutte om de tsjerke en kleasterbesitting te sekularisearjen.

De fal en dea fan Peter III[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Paleis fan Ropsja

Op 28 juny 1762 waard Peter mei help fan twa garde-rezjiminten oppakt en twongen om de troan op te jaan. Dêrnei waard de ôfsette tsaar oerbrocht nei Ropsja, dêr't er op 17 july 1762 ferstoar. In autopsy nei syn dea joech as offisjele oarsaak in tige slimme oanfal fan in aambeikolyk en in ynwindige blieding. Peter III waard op 3 augustus 1762 byset yn it Aleksander Nevski-kleaster yn Sint-Petersburch. Syn soan Paul I liet him wer opgrave om it oerskot yn de Petrus- en Pauluskatedraal by te setten.

Der binne ek boarnen dy't de broer fan de minnaar fan Katarina II, Aleksej Grigorjevitj Orlov, oanwize as de moardner fan Peter III. Dêrfan soe in brief fan Orlov oan Katarina II tsjûge ha. Fan dy brief bleau lykwols it orizjineel net bewarre en nei resint ûndersyk fan it wol bewarre ôfskrift wurdt dy brief as in ferfalsking beskôge. In oare teory is dat hy ferstoar nei in dronken gefjocht mei syn liifwacht, doe't er finzen siet nei Katarina's machtsgreep.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Peter III of Russia