Springe nei ynhâld

Pommeren

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pommeren (streek))
De lizzing fan Pommeren (binnen de giele line) yn Poalen en Dútslân.
Dizze side giet oer de histoaryske lânstreek Pommeren. Foar oare betsjuttings, sjoch: Pommeren (betsjuttingsside).

Pommeren (Dútsk: Pommern; Poalsk: Pomorze; Kasjûbysk: Pòmòrskô) is in lânstreek oan 'e súdkust fan 'e Eastsee, dy't sûnt de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e grinskrite fan Dútslân en Poalen leit. Histoarysk makke it gebiet diel út fan Prusen. It part fan 'e streek bewesten de Oder-Neissegrins leit geografysk tichter by de eardere Prusyske haadstêd Berlyn, en wurdt dêrom Foarpommeren neamt. Dat gebiet heart tsjintwurdich ta de Dútske dielsteat Meklenburch-Foarpommeren. Yn it westen grinzget Foarpommeren oan it histoaryske Meklenburch, en yn it suden oan Brandenburch. It diel fan Pommeren eastlik fan 'e Oder-Neissegrins, dat histoarysk oantsjut waard as Efterpommeren, foarmet tsjintwurdich rûchwei it Poalske woiwodskip (provinsje) West-Pommeren (Zachodniopomorskie). It woiwodskip Pommeren, dat eins eastlik fan it histoaryske Pommeren leit, omfiemet it grutste part fan 'e histoaryske lânstreek Pomerellen ("Lyts-Pommeren"), dy't ornaris net ta Pommeren rekkene waard. In trêde Poalsk woidwodskip, Kûjaavje-Pommeren, bestiet út 'e histoaryske lânstreek Kûjaavje en de súdlike punt fan Pomerellen. De eilannen Rügen, Usedom en Wolin, yn 'e Eastsee, hearre ta Pommeren.

Oer it algemien is Pommeren, dat (sûnder Pomerellen) in oerflak hat fan 30.017 km², relatyf tinbefolke. It Dútske Foarpommeren hat in befolking fan 477.000 minsken, en yn it Poalske Efterpommeren wenje goed 1,7 miljoen minsken. De grutste stêd is Stettin, oan 'e Poalske kant fan 'e Oder-Neissegrins (of, as Pomerellen meirekkene wurdt, de Poalske havenstêd Gdańsk). Bûten de stêden wurdt Pommeren karakterisearre troch in relatyf flak plattelân bestruid mei doarpen, marren en wâlden. Der is net folle yndustry en de wichtichste pylder fan 'e ekonomy is yn it grutste part fan it gebiet noch altyd de lânbou. Histoarysk waard it gebiet benammen bewenne troch etnyske Dútsers, mei oan 'e eastgrins en fral yn Pomerellen it heitelân fan it lytse Slavyske folk fan 'e Kasjûben. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard Efterpommeren troch Poalen anneksearre en waarden de measte Dútsers ferdreaun, ynsafier't se net al út eigen beweging flechte wiene. Harren plak waard ynnommen troch etnyske Poalen en in eksklave fan etnyske Oekraïners (goed 2.800 yn 2002). De Oekraïners waarden troch it Poalske regear yn 1947 by Operaasje Weichsel út harren heitelân by de Poalske eastgrins wei nei Pommeren en oare westlike dielen fan Poalen ta deportearre. Dat waard dien sadat de eastgrins troch it ferfarren fan etnyske Poalen dêrhinne, stevich yn Poalske hannen komme soe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.