Petrus- en Pauluskatedraal (Sint-Petersburch)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Petrus- en Pauluskatedraal

De Petrus- en Pauluskatedraal (Russysk: Петропавловский собор) is in Russysk-otterdokske katedraal yn de fêsting fan Sint-Petersburch, Ruslân. It barokke monumint waard tusken 1712 en 1733 boud op it Zayachy-eilân oan de Neva en wie mei in toer fan in hichte fan 122,5 meter foar lange tiid it heechste bouwurk fan de stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tekening fan de earste houten tsjerke

Om de dominante posysje fan de jonge haadstêd fan it ryk tusken de stêden fan Ruslân fuort te sterkjen, joech tsaar Peter opdracht ta de bou fan in nije tsjerke dy't heger wurde moast as de toer fan Ivan de Grutte en de Mensjikovtoer fan de âlde haadstêd Moskou. De nije tsjerke moast it wichtichste bouwurk fan de haadstêd wurde en krige in plak yn it sintrum fan de fêsting.

Yn 1703 waard begûn mei de bou fan in tydlike, houten tsjerke, dy't op 1 april 1704 wijd waard oan de apostels Petrus en Paulus, de beskermhilligen fan de fêsting. Op 30 mei 1712 waard de earste stien lein foar de hjoeddeiske stiennen Petrus- en Pauluskatedraal, dy't neffens in ûntwerp fan Domenico Trezzini (om 1670-1736) boud waard. De spits is in ûntwerp fan de Nederlanner Harmen fan Boles, dy't in soar gearwurke mei Trezzini. De bou fan de klokketoer duorre fanwegen brek oan mankracht en boumaterjaal noch oant 1720. De hichte fan de toer waard 122,5 meter, 32 meter heger as de toer fan Ivan de Grutte yn it Kremlyn. De hiele katedraal waard net earder foltôge as yn 1733, doe't tsaar Peter I al ferstoarn wie.

De katedraal op in 19e-iuwsk ofbyld

Oant 1859 bleau de tsjerke de katedraal fan de stêd. Doe waard de funksje fan biskopstsjerke oernommen troch de Izaäk-tsjerke. Tsjintwurdich is de sit fan de biskop yn de Kazankatedraal oan de Nevsky Prospekt. Nei de Oktoberrevolúsje lieten de bolsjewiken de tsjerke yn 1919 slute. De tsjerke waard yn in museum feroare en offisjeel is dat noch jimmeroan sa. Sûnt it jier 2000 wurde der lykwols wer earetsjinsten fierd en yn 2008 waard foar it earst sûnt 1917 wer in Peasketsjinst fierd.

Yn de Twadde Wrâldkriich rekke it bouwurk swier skeind, mar nei de oarlich folge in restauraasje oant 1957.

Opfallend oan de otterdokske katedraal is de West-Jeropeeske arsjitektuer fan it bouwurk. De lingte fan de katedraal is 61 meter, wylst de breedte 27 meter mjit. Unotterdoksk is ek de bekroaning fan de spits fan in ingel dy't in Latynsk krús yn de hân hâldt.

Foar lange tiid húsfêste de katedraal de op fijannen ferovere militêre trofeeën. Yn it begjin fan de 20e iuw waarden dizze oerbrocht nei it museum. Tjintwurdich hingje allinnich noch in Turkske en Sweedske flagge.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ikonostase

De katedraal wurdt ferljochte troch fiif brûnzen kroanluchters fan kleurd Feneesjaansk glês en berchkristal. De ikonostase, in ûntwerp fan Trezzini, is ûngewoan foarmjûn en hat wat wei fan in triomfbôge. De preekstoel is fersierd mei houtsnijwurk en bylden fan de apostels Petrus en Paulus en de fjouwer evangelisten.

Yn de toer hingje 103 klokken, wêrfan't 31 út 1757 datearje. Ek waard der in klokkespul ynstallearre.

Grêftsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plattegrûn grêven yn de katedraal
Grêven

Foarhinne waarden de Russyske tsaren begroeven yn de Michaëlkatedraal yn it Kremlyn. Doe't Sint-Petersburch de nije haadstêd fan it ryk waard, wie ynearsten de Oankundigingstsjerke fan it Alexander Nevsky-kleaster de nije grêftsjerke foar leden fan it hôf. Yn de noch net foltôge katedraal waarden yn 1715 in twajierrich dochterke fan Peter I en syn frou Katarina en Charlotte Christine fan Braunschweig-Wolfenbüttel, de frou fan tsarevitsj Aleksej Petrovitsj, begroeven. Yn 1716 folge yn de katedraal de begraffenis fan tsarina Marfa Apraksina, de widdo fan tsaar Fjodor III, en yn 1718 dy fan tsaar Peter's soan Aleksej Petrovitsj.

Nei de dea fan tsaar Peter I krige de kiste mei syn oerskot tydlik in plak yn de kapel fan de katedraal, dy't noch jimmeroan yn oanbou wie. De begraffenis fûn plak op 29 maaie 1731. Utsein tsaar Peter II fan Ruslân, dy't byset waard yn de Michaëlkatedraal fan Moskou, en Ivan VI, fûnen neitiid alle tsaren en tsarina's fan it keizerryk harren lêste rêstplak yn de Sint-Petersburchse Petrus- en Pauluskatedraal. Yn 1865 krigen alle grêven deselde moarmeren sarkofagen mei brûnzen krusen.

Op 17 july 1998 waarden de oerbliuwsels fan de yn 1918 yn Jekaterinenburch fermoarde tsarenfamylje tegearre mei in tal persoanielsleden fan de tsaar yn de katedraal byset.

Op 28 september 2006 krige keizerin Maria Fjodorovna, de mem fan Ruslân's lêste tsaar Nikolaas II en dy't yn 1928 ferstoar yn Denemark in herbegraffenis yn de katedraal. Hja lei earder begroeven yn de dom fan it Deenske Roskilde en waard nei in seremoanje yn de Izaäkkatedraal 78 jier nei har dea neffens har lêste winsk te rêste lein njonken har man Alexander III.

Kariljon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kariljon

Doe't Peter de Grutte yn 1690 Nederlân oandie, kaam hy yn de kunde mei it kariljon. Yn 1720 joech de tsaar in opdracht oan Jan Albert de Grave om ek in kariljon foar de nije katedraal te jitten. Nei in brân yn 1767 gyng dit kariljon ferlern. Der waard in nijenien yn Nederlân besteld, mar de man dy't it kariljon ynstallearje soe ferstoar ear't de toer klear wie. Yn 1776 waard it kariljon ynstalearre, mar de klokkejitter hie de klokken noch net stimd en om't it net foldie waard it yn de 19e iuw diels ferfongen troch nije klokken dy't yn Ruslân getten waarden. Ek dit klokkespul wie net nei't sin.

Yn 2001 waard dêrom in folslein nij kariljon ynstallearre, getten troch de Brabânske firma Petit & Fritsen. It klokkespul wie in geskink fan it Flaamsk regear en 350 boargers út ferskate lannen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]