Peter II fan Ruslân
Peter II Aleksejevitsj (Russysk: Пётр II Алексеевич, Pjotr II Aleksejevitsj; berne op 23 oktober 1715 en ferstoarn op 30 jannewaris 1730) wie fan 1727 oan syn hommelse dea yn 1730 tsaar fan it Russyske Ryk. Hy wie iennichst soan fan tsarevitsj Aleksej Petrovitsj, de soan fan Peter de Grutte.
Bernetiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Peter Aleksejevitsj wie de pakesizzer fan tsaar Peter I. Syn heit en mem wiene de tsarevitsj Aleksej Petrovitsj en syn frou Charlotte Christine, dochter fan hartoch Ludwig Rudolf fan Braunschweig-Wolfenbüttel. Syn mem ferstoar al gau nei syn berte en syn heit waard troch syn pakke Peter de Grutte as ferrieder feroardiele en ferstoar trije jier letter yn de finzenis troch de gefolgen fan tamtaasje. Fral syn beppe Eudoksia Lopûchina brocht de jonge grut.
Regear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de dea fan Katarina I, de widdofrou fan Peter I, erfde Peter II op 17 maaie 1727 yn 'e âldens fan alve jier de troan. Katarina hie yn har testamint Aleksander Mensjikov en har beide dochters Anna en Elizabeth ta fâlden fan de jonge ornearre. Elizabeth hie gjin politike ambysjes en Anna ferliet ûnder druk fan Mensjikov Ruslân en gyng mei har man nei Kiel.
Mensjikov wie ien fan de rykste manlju yn it Russyske Ryk en besocht mei help fan de jonge tsaar syn macht noch grutter te meitsjen. Hy regele foar de tsaar in ferloving mei syn dochter, mar it ynfloedrike Dolgorûki-skaai hie it mier oan Mensjikov en makke in ein oan syn macht. Op 20 septimber 1727 waard er oppakt en tegearre mei syn hûshâlding nei Berjosov yn it doedestiidske gûvernemint Tobolsk ferballe.
Peter wie it slachtoffer fan de toutrekkerij tusken Mesjikov, Dolgorûki en Golitsin. Under ynfloed fan it Dolgorûki-skaai ferhûze Peter II it hôf nei Moskou en waard dêr op 7 maart 1728 kroand. Yn desimber 1729 ferloofde Peter him mei Jekaterina Dolgorûkova (1712–1745).
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It houlik fan Peter en Jekatarina soe op 2 febrewaris 1730 sletten wurde, mar ein jannewaris kaam de tsjaar siik fan de jacht werom en ferstoar in hoart letter oan de pokken. Hy hie meiïnoar twa jier en njoggen moannen op de russyske troan sitten. Peter en Ivan VI binne dêrmnei de iennige tsaren dy't nei de stifting fan Sint-Petersburch net yn de Petrus- en Pauluskatedraal byset binne.
Mei de dea fan Peter II stoar it Romanov-skaai oer de manlike liny út. It slagge de Geheim Ried net om it iens te wurden oer in manlike opfolger. Lang om let foel de kar op Anna Ivanova, in nicht fan Peter de Grutte en de hartoginne fan Koerlân en Semgallen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Peter II. (Russland)
|