Aleksej Petrovitsj fan Ruslân

Ut Wikipedy
Tsarevitsj Aleksej Petrovitsj

Tsarevitsj Aleksej Petrovitsj Romanov (Russysk: Алексе́й Петро́вич Рома́нов; berne yn Moskou, 28 februaris 1690 — ferstoarn op 7 juli 1718 yn Sint-Petersburch) wie as âldste soan fan Peter de Grutte en syn earste frou tsaritsa Eudoksia Lopûchina de troanopfolger fan it Russyske Ryk.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aleksej en syn heit tsaar Peter I hiene harren hiele libben politike mieningsferskillen. Wylts Peter de ferlochting en West-Europa heech hie, stie syn soan ûnder ynfloed fan syn konservative mem Eudoksia, dielen fan de âlde Bojaren-klyk en fertsjintwurdigers fan de Otterdokse Tsjerke. Dy fersetten harren tsjin it iepenjen fan Ruslân foar Europa.

Charlotte Christine Braunschweig-Wolfenbüttel

Om syn soan yn 'e kunde te bringen mei de West-Europeeske kultuer, mar ek om it Romanov-skaai te ferienjen mei de Dútske aristokrasy, woe Peter foar syn soan in houlik mei in Dútske prinsesse. Al gau foel it each op Charlotte Christine, de dochter fan hartoch Ludwig Rudolf fan Braunschweig-Wolfenbüttel. Nei't hja troch har âlders oan de Saksyske karfoarstinne en Poalske titulêre keninginne Christiane Eberhardine tabetroud wie foar underrjocht, besocht hja mei har pleechmem yn 1710 it Boheemske kuerplak Schlackenwerth (it tsjintwurdige Ostrov). In twadde moeting waard regele yn Torgau. Om't it der op like dat Peter en Charlotte inoar wol lije mochten, sette karfoarst August II útein om út namme fan de âlders fan de breid mei tsaar Peter oer de houliksbetingsten te ûnderhanneljen. Op 25 oktober 1710 fûn it sluten fan it houlik yn it Slot Hartenfels yn Torgau plak. Njonken de famylje fan de breid wie ek tsaar Peter mei in grut gefolch fan de partij.

Wylst de jonge frou it wol fine koe mei har skoanheit, krige har opljeppen en alkoholistyske man losse hannen. Al gau begûn hy har te slaan en it houlik waard dus hiel ûngelokkich, neffens guon skiedkundigen steurde de tsarevitsj him fral oan it bûtenlânske en net otterdokse karakter fan syn frou. Nei de berte fan harren dochter yn 1714 brocht Aleksej in soad tiid yn it paleis troch mei de Finske liifeigen Afrosinia. Nei de berte fan har twadde bern yn 1715 stoar de prinses, noch mar 21 jier âld.

Flecht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarch Ehrenberg

De lêste opdracht dy't syn heit oan Aleksej tabetroude wie de ynspeksje fan de bou fan nije skippen yn Staraja Rûssa. Peter wie tige ûntefreden hoe't Aleksej him as tsarevitsj foardie en besocht noch ienris syn soan oan 'e leie te krijen. Op de begraffenis fan prinses Charlotte stjoerde Peter de Grutte in earnstige brief, wêryn't er syn soan hiet om mear ynteresse yn steatssaken op te bringen. Peter drige him as troanopfolger ôf te setten as er Peter's belied net stypje soe. Aleksej stjoerde in brief werom en stelde de tsaar út om as troanopfolger plak te meitsjen foar syn soan Peter. Peter de Grutte woe dêr wol yn mei gean, ûnder betingst dat Aleksej him fan it hôf ôfsûndere en muonts waard.

Wylst Aleksej neitocht skreau Peter op 26 augustus 1716 fanút it bûtenlân noch in brief, no mei it boadskip dat, as er tsarevitsj bliuwe woe, hy fuortendaliks komme moast om te tsjinjen yn it leger. Yn stee oan de winsken fan syn heit te foldwaan pykte Aleksekj lykwols út nei Wenen om beskerming te sykjen by Karel VI, de man fan de suster fan syn ferstoarne frou Charlotte. Ynearsten waard de tsarevitsj foar de feiligens nei it fort Ehrenberg (by Reutte, Tirol) brocht en letter nei it kastiel fan Sant'Elmo yn Napels. De keizer hie it oprjocht te dwaan mei Aleksej en fertocht Peter der fan plannen te meitsjen om syn eigen soan te fermoardzjen. Dat docht bliken út in fertroulike brief oan George I fan Grut-Brittanje, dy't er oer de kwestje om ried frege. Peter wie slim misledige; de flecht fan de tsarevitsj nei in bûtenlânske potintaat wie in grut skandaal. Aleksej moast hoe dan ek werom nei Ruslân komme en dy drege opdracht waard útfierd troch de betûfte en wrede greve Peter Tolstoj.

Feroardieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peter de Grutte ûnderfreget tsarevitsj Aleksej Petrovitsj

Aleksej wie allinne ree werom te kommen as syn heit plechtich swarde dat er net straft wurde soe, dat syn heit him fierder gewurde liet en tastie om op syn lângoed te wenjen en mei Afrosinia te trouwen. Op 31 jannewaris 1718 kaam de tsarevitsj wer yn Moskou. Peter hie al in ynstitút ynsteld om it mystearje fan de flecht oant op de boaiem út te sykjen. Op 18 febrewaris waard fan Aleksej in bekentenis ûntfytmanne, wêrby't de measte nammen fan syn freonen fallen wiene. De tsarevitsj die fuort dêrnei yn it iepenbier ôfstân fan de troanopfolging yn it foardiel fan de lytse gruthartoch Peter Petrovitsj, de soan dy't Peter de Grutte út syn houlik mei syn twadde frou Katarina hie.

Wat folge wie in skrikbewâld en sels de ta non feroardiele earste frou fan Peter de Grutte, Eudoksia, waard út har kleaster sleept en yn it iepenbier beskuldige fan troubrek, wylst elkenien dy't him mei Aleksej ôfjûn hie spytst of op it rêd lein waard. Om de tsarevitsj folslein te isolearjen waarden syn freonen de tonge útlutsen of ûnthalze. Yn april 1718 waarden nije bekentenissen ôftwongen. Dêrûnder wiene ek wurden fan Afrosinia. Neffens har hie Aleksej har tabetroud dat hy as tsaar de âlde minsken werom bringe soe. Aleksej soe ek tenei yn Moskou residearje en Sint-Petersburch degradearje ta in gewoane stêd. Hy soe in ein meitsje oan de skipsbou en troepen allinne ynsette foar de ferdigening fan it lân. Njonken dizze en oare praatsjes waarden der gjin nije feiten op it kleed lein en it slimste dêr Peter him fan beskuldigje koe wie dat er syn heit dea winske hie.

Foar Peter de Grutte wie dat genôch; syn soan hie him neffens de tsaar sels feroardiele en wie in tige gefaarlike ferrieder, syn libben wie ôfskreaun. Bleau lykwols noch altiten it ûnthjit stean dat Peter syn soan graasje tasein hie en him net deadzje soe as er nei Ruslân werom kaam. De hiele saak waard op 13 juny 1718 oan in ried fan prelaten, senatoren, ministers en oare pommeranten foarlein. De Russysk-Otterdokse Tsjerke oardiele dat it net in tsjerklike saak wie en wegere in oardiel oer de saak te jaan.

Op 24 juny om 12:00 oer waard Aleksej troch de rjochtbank skuldich ferklearre en ta de dea feroardiele. Mar Peter wie noch net tefreden en it marteljen gyng troch om noch mear mooglike ynformaasje nei boppe te heljen. Op 19 juny hie de swakke tsarevitsj al 25 kletsen mei de swipe krige en op 24 juny waarden nochris 15 tatsjinne. Op 26 juny, twa dagen nei't de rjochtbank him feroardiele hie ta de dea, ferstoar de tsarevitsj yn de Petrus- en Paulusfêsting. Nei alle gedachten fanwegen de gefolgen fan it marteljen, mar der binne ek boarnen dat er fermoarde is. Aleksej waard yn oanwêzigens fan syn heit begroeven yn de Petrus- en Pauluskatedraal fan it fort yn Sint-Petersburch.

Neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Natalja (* 12 july 1714; † 22 novimber 1728), grutfoarstinne fan Ruslân
  • Peter II (* 23 oktober 1715; † 29 jannewaris 1730), tsaar fan Ruslân

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige en Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Alexei von Russland en en:Alexei Petrovich, Tsarevich of Russia