Aleksander Nevski-kleaster
Aleksander Nevski-kleaster | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
Loftfoto fan it lavra | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | ![]() | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | Benammen 18e en 19e iuw | |
arsjitekt | Ferskate arsjitekten | |
boustyl | Barok | |
offisjele webside | ||
Side fan it kleaster |
It Aleksander Nevski Lavra (Russysk: Александро-Невская лавра) is in russysk-otterdoks kleaster yn Sint-Petersburch, Ruslân. It kleaster stiet oan it ein fan de Nevski-Prospekt oan de kant fan de Neva. Yn it kleaster is it grêf fan de grutfoarst Aleksander Nevski. Dêrnjonken binne der op it terrein fan it kleaster meardere begraafplakken en grêven fan wichtige persoanen te finen. It kleaster is de sit fan de metropolyt en krige de status fan in lavra, de heechste status dy't in russysk-otterdoks kleaster hawwe kin.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn oerwinning op de Sweden by Poltava yn 1709 joech Peter de Grutte op 20 febrewaris 1712 de opdracht om op it plak in kleaster te bouwen. Peter de Grutte tocht dat op ditselde stee yn 1240 de russyske hillige Aleksander Nevski ek in oerwinning op de Sweden behelle hie, mar dat gefjocht fûn lykwols sa'n 19 kilometer fierder plak.
Op 25 maart 1713 waard in earste houten tsjerke ynwijd. It kompleks waard yn der jierren 1715 oant 1722 ûnder lieding fan de Switserks-Italjaanske arsjitekt Domenico Trezzini fierder útboud. Yn maaie 1723 feroardene tsaar Peter it oerbringen fan it omskot fan Aleksander Nevski nei it kleaster. Op 30 augustus 1724, op de kop ôf trije jier nei de frede fan Nystad, folge yn oanwêzigens fan de tsaar de bysetting fan de hillige yn it kleaster. Dy dei waard, ynstee fan 23 novimber, tenei ek de offisjele feestdei fan Ruslân's nasjonale hillige.
Tusken 1742 en 1750 waard de bou fan it kleaster fuortset troch de soan fan Trezzini. Noch ûnder tsaar Peter waard yn 1721 in skoalle stifte foar de bern fan de preesters, dat in pear jier letter feroare yn in Slavysk-Gryksk-Latynsk seminarium. Under Katarina II ûntjoech it seminarium him ta ien fan de wichtichste fan it lân en ûnder Paul I lang om let ta in teologyske hegeskoalle.
De status fan lavra folge yn 1797 en tenei wie it kleaster ek de residinsje fan de lieding fan de Tsjerke fan de haadstêd. Boppedat tsjinne it kleaster as beafeartsplak foar de tsjarenfamylje, om't yn de yn 1715 boude Marije-Ferkundigingstsjerke leden fan de famylje byset waarden.
Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Noch ear't it dekreet om steat en tsjerke te skieden ofroppen waard besochten de bolsjewiken al beslach te lizzen op de wearden fan it lavra. Op 13 jannewaris 1918 arrivearre in delegaasje yn it kleaster, beselskippe fan in groep lju mei wapens. De delegaasje joech in dokumint ôf mei de opdracht om alle eigendommen fan it lavra te oerhandigjen. Nei't alle besit registrearre wie gyng de delegaasje wer fuort, mar op 19 jannewaris kaam in bewapene detasjemint om in tal geastliken te arrestearjen. It waard op 'e tiid ûntdutsen, minsken rôppen inoar op en der briek ferset út; de Reade Garde waard ûntwapene mar in preester rekke deadlik ferwûne, itjinge grutte opskuor feroarsake ûnder it folk. De Reade Garde moast meitsje dat it fuortkaam en op 21 jannewaris kundige de metropolyt fan Petrograd in grutte religieuze prosesje ôf, dêr't sa'n 500.000 minsken oan dielnamen. Ein jannewaris waard de Aleksander Nevski-bruorskip stifte om de belangen fan it kleaster en it eigendom fan de Tsjerke te ferdigenjen. Dy gebeurtenissen wiene de earste iepenlike konfrontaasje tusken it nije bolsjewistyske bewâld en de Russyske Tsjerke en yn dat gefal slagge de Tsjerke der yn om de bolsjewistyske oerheid de baas te bliuwen.
Mar dat slagge net foar lang want op 5 febrewaris 1918 waard it dekreet fan skieding fan tsjerke en steat fan krêft. Tenei mochten religieuze organisaasjes ek gjin besit mear ha en de Tsjerke rekke har rjochten as rjochtspersoan kwyt. Yn 1919 wie lykwols noch altiten in diel fan it kleasterbesit yn eigendom fan it lavra.
Op 12 maaie 1922 waard de skryn fan Aleksander Nevski iepene as in part fan de oerheidkampanje om alle wearden fan de tsjerke ôf te nimmen om dêrmei saneamd de hongersneed yn it lân te bestriden. De sulveren sarkofaach fan Aleksander Nevski ferdwûn mei de skryn as artistyk weardefol objekt nei de Hermitaazje, wylst de reliken fan de hillige sels oerbrocht waarden nei it Nasjonale Museum fan Religy en Ateïsme.
It kleaster bleau noch aktyf oant febrewaris 1932, doe't yn de nacht fan 17 op 18 febrewaris alle muontsen fan Leningrad arrestearre waarden. Tsjin it ein fan 1933 waard it Moskouse Patriargaat twongen de sluting fan it kleaster de legalisearjen. De tsjerken waarden ien foar ien sletten en wol 17 ferskillende organisaasjes namen it kleaster yn gebrûk. De Ferkundigingstsjerke waard ûnder de Sovjet-tiid as byldenmuseum ynrjochte. De meiwurkers fan it museum sammelden weardefolle en unike grêfstiennen fan tsjerkhôven dy't útkeazen wiene om te ferdwinen en brochten de monuminten nei it kleasterkompleks.
Yn 1957 waard de Trije-ienheidkatedraal wer as parochytsjerke iepene foar de earetsjinst. Op 3 juny 1989 kaam de sarkofaach mei dêryn de reliken fan Aleksander Nevski werom yn de katedraal. It by de skryn hearrende monumint wurdt lykwols noch jimmeroan yn it Heritaazje bewarre.
It kleaster hjoeddedei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1996 libbe it kleasterlibben binnen de muorren fan it lavra wer op. De Trije-ienheidskatedraal krige op 3 novimber 1997 de status fan katedraal werom. Alle gebouwen wiene op 18 april 2000 wer yn it besit fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. Tagelyk mei de weroplibbing fan it monastike en it liturgyske libben makken ek de tradisjonele ambachten wer in renêssânse troch. De pylgers witte tsjintwurdich harren wei wer nei it kleaster te finen. Yn de simmer fan 2007 wie de restauraasje fan de koepel fan de katedraal en it fergulden fan it 14 meter hege krús foltôge. It kleaster is foar it publyk tagonglik.
Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op it kompleks steane in grut tal tsjerken. It neamen wurdich binne:
De Trije-ienheidskatedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Opmerking: Sint-Petersburch hat twa katedralen mei deselde namme. Foar de garnisoenstsjerke fan it Izmailovski-rezjimint sjoch: Trije-ienheidskatedraal (Sint-Petersburch)
De boumaster Ivan Jegorovitsj Starov liet tusken 1775 en 1790 de Trije-ienheidskatedraal bouwe. It heechklassisistyske gebou hat it grûnplan fan in latynsk krús mei in trijeskepige tsjerke. De tagong wurdt foarme troch in portikus mei seis pylders. Net sa passend by de otterdokske arsjitektuer binne de twa klokketuorren. De katedraal hat in rike ynrjochting. De fresko's yn it ferwulft en de koepel binne neffens tekenings fan Giacomo Quarenghi makke. De ikonostase fan wyt moarmer en reade agaat is net opfolle mei de wênstige ikoanen, mar mei reproduksjes fan Antoon van Dyck, Peter Paul Rubens, Leandro Bassano en Guido Reni en wurken fan Russyske skilders. In skilderij fan de Ferkundiging achter de ikonostaze is orizjineel en makke troch Anton Raphael Mengs.
De Marije-Ferkundigingstsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
As earste grutte bouwurk fan it kleaster liet Trezzini yn de jierren 1717-1722 de Marije-Ferkundigingstsjerke op de noardlike hoeke fan it fjouwerfleugelige kleasterhôf bouwe. Yn de tsjerke binne ferskate grêfmonuminten fan de tsarenfamylje ûnderbrocht. De tsjerke is ien fan de âldste stiennen tsjerken fan Sint-Petersburch.
-
Trije-ienheidskatedraal
-
Poartetsjerke
-
Ferkundigingstsjerke
-
Fedorovskajatsjerke
Begraafplakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- It Tichvinbegraafplak (sûnt 1823, it is it lêste rêstplak fan in soad Russyske keunstners en komponisten)
- It Nikolaastsjerkhôf (sûnt 1861, oanlein foar muontsen, geastliken en letter ek leken)
- It Lazarustsjerkhôf (sûnt 1717, oanlein foar minsken út de hegere lagen fan it Russyske Ryk, lykas meiwurkers fan de tsaar, hege amtners, arsjitekten en leden fan de adel).
- It Kozakkentsjerkhôf (sûnt 1919, de lêste begraffenis fûn plak yn 1970. It tsjerkhof krige yn de jierren 1930 de namme Kommunistysk tsjerkhôf, om't in soad revolúsjonêren op it hôf beïerdige waarden. Dochs foarmje de partijleden mar in minderheid op it hôf en yn 2009 krige it de âlde namme werom.)
-
Grêfmonumint Pjotr Iljitsj Tsjaikovski op it Tichvintsjerkhôf
-
Nikolaastsjerke (1869-1871) op it Nikolaastsjerkhôf
-
Lazarustsjerkhôf
-
Kozakkentsjerkhôf
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Александро-Невская лавра en de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Alexander-Newski-Kloster
|