Trije-ienheidskatedraal (Sint-Petersburch)

Ut Wikipedy
Trije-ienheidskatedraal (Sint-Petersburch)

De Katedraal fan de Trije-ienheid (Russysk: Троицкий собор) is in yn empirestyl boude Russysk-otterdokske katedraal yn Sint-Petersburch. De monumintale tsjerke waard tusken 1828 en 1835 boud troch de arsjitekt Vassily Stassov.

Skiednis en beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard tusken 1828 en 1835 yn de grûnfoarm fan in Gryksk krús boud en bekroand mei in grutte koepel yn it midden en fjouwer lytsere boppe de earms fan it bouwurk, dy't yn in blauwe kleur mei gouden stjerren útfierd binne. De bekroaning fan de fiif koepels is in typysk Russyske tradysje yn de tsjerkebou en symbolisearret Kristus en de fjouwer evangelisten. De fjouwer portiko's binne klassisistyske tafoegings.

Doedestiids hie elk rezjimint fan de keizerlike garde in eigen katedraal. Foar it Izmailovski-rezjimint waard dat de Trije-ienheidskatedraal. In grutte floed yn 1824 soarge foar sa'n soad skea, dat de earste Trije-ienheidskatedraal ferfongen wurde moast troch in nije. Tsaar Nikolaas I joech opdracht ta de bou hjirfan.

De brân op 24 augustus 2006

Nei de oktoberrevolúsje waard yn 1922 yn it ramt fan de konfiskaasje fan tsjerklike guod de katedraal plondere fan alle rykdom. De katedraal kaam doe yn hannen fan de Libbene Tsjerke, in ôfsplitsing fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke, dy't gearwurke mei de bolsjewistyske oerheid en op underdielen ôfwykte fan de otterdokske lear. Tidens Stalin's Grutte Terreur waard de katedraal yn 1938 dochs noch sletten. Nei de Twadde Wrâldoarloch moast de katedraal renovearre wurde. It gebou waard doe brûkt troch it Ministearje fan Post en Telekommunikaasje.

Yn de simmer fan 1990 waard it gebou werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Brân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om de katedraal werom te bringen yn de steat fan foar de revolúsje, waard der yn 2004 úteinset mei in restauraasje. Tidens dizze restauraasje ûntstie op 25 augustus 2006 op ien fan de stellings om de grutte koepel brân. De brân krige al gau grip op de grutte koepel, dy't ta de grutste houten koepels fan Jeropa heart. Ien fan de lytsere koepels stoartte yn en de trije oaren waarden troch it fjoer oantaaste.

De skatten yn de tsjerke koene gelokkich op 'e tiid feilich steld wurde, net yn 't lêste plak troch passanten dy't de mouwen opstrûpten. De skea oan de katedraal wie lykwols grut en waard op meardere miljoenen euro's rûsd. Tsjin it ein fan it jier 2007 wie de skea wer ferholpen. De folsleine restauraasje fan de katedraal waard yn 2010 foltôge.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]