Bolsjewisme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gearkomste fan Bolsjewiken, mei Lenin hielendal rjochts

It Bolsjewisme is in rjochting yn de Russyske sosjaal-demokrasy dy't letter bekend waard as Kommunisme. De namme is ûntliend oan de splitsing yn de Russyske Sosjaal-Demokratyske Arbeiderspartij yn 1903, doe't de mearderheid (Russysk: bolsjinstvó) op it Twadde Partijkongres Lenin folge. (Syn tsjinstanners krigen op dezelde manier de namme fan mensjewiky, foar mindertal.) Yn 1917, by de Russyske Revolúsje, griepen de Bolsjewiken de macht yn Ruslân. Oant en mei 1952 bleaunen oanhingers harren partij dy fan de "bolsjeviki" neamen.