Springe nei ynhâld

Ivan III fan Moskou

Ut Wikipedy
Ivan III fan Moskou
aadlik persoan en/of hearsker
bynamme Ivan de Grutte
nasjonaliteit Moskovysk
bertedatum 22 jannewaris 1440
berteplak Moskou
stjerdatum 27 oktober 1505
stjerplak Moskou
dynasty Rjoerikiden
etnisiteit Russysk
grutfoarst fan Moskou
regear 14621505
foargonger Vasili II fan Moskou
opfolger Vasili III fan Moskou

Ivan III Vasilevitsj (Russysk: Иван III Васильевич; berne op 22 jannewaris 1440 yn Moskou - ferstoarn op 27 oktober 1505 yn Moskou), ek Ivan de Grutte, wie fan 1462 oant 1505 grutfoarst fan it Grutfoarstedom Moskou.

Lieder fan de Easterske Otterdoksy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Osmanen Byzantium yn 1453 oermasteren, flechten in soad otterdoksen nei Ruslân. Yn dy tiid wie Ruslân de iennige kristlik-otterdokse grutmacht, dy't net troch de moslims oermastere wie. De flechtlings, dy't graach yn de geunsten fan Ivan dielden, stipen al gau it Russyske stribjen om de taak fan Byzantium as 'hoeder fan de Otterdoksy' oer te nimmen. Ruslân soe it 'Tredde Rome' wurde moatte, nei 't earder it Earste Rome him fanút it otterdokse perspektyf fan it rjochte paad ôfkeard hie en it 'Twadde Rome', Byzantium, dy funksje net mear wiermeitsje koe om't it yn 'e hope op help tsjin de Turken it roomsk-katolike pausdom yn 1439 dochs noch erkend hie en it lang om let belies jaan moast yn de striid tsjin de Turken.

Dêrom troude Ivan III yn 1472 mei Sofia (Zoe) Palaiologos (1448–1503; Gryksk: Ζωή (Σοφία) Παλαιολόγου, Russysk Софья Палеолог), in nicht fan de lêste Byzantynske keizer Konstantyn XI Palaiologos. Om't de patriarch fan Konstantinopel troch de omstannichheden de kroaning net útfiere koe, naam Ivan III as earste Russyske grutfoarst de titel fan tsaar oan. Ivan en syn neiteam droegen tenei de titel "hoeder fan de byzantynske troan". Tsaar is fan Caesar resp. it Grykske Kaisar (keizer) ôflaat en waard oer de Súdslavyske talen yn it Russysk oernommen. De earst kroande tsaar soe lykwols syn pakesizzer Ivan IV "de Ferskriklike" wurde.

Ivan III ymportearre it autokratyske liederskip en guon bestjoersstrukturen út Byzantium. De grutfoarst seach syn Ryk net allinne as opfolger fan Byzantium, mar ek fan de Kiëvske Rus. Under Ivan III waard ek de twakoppige earnas machtssymboal ynfierd.

Ivan III skoddet it Tataarske jok fan him ôf, ferskuort de brief fan de Khan en hjit syn minsken de ambassadeurs de deadzjen (N.S. Sjûstov, 1862)

Sûnt 1472 wegere Ivan III de iuwenâlde tribútbetellings oan de Tataren ôf te dragen. De Gouden Heap wie yn ferskillende steaten opdield, werfan't de Grutte Heap de grutste steat wie. Yn 1480 stiene it Russyske leger en de troepen fan de Grutte Heap wikenlang by de Ugra-rivier foar inoar oer om definityf mei inoar ôf te rekkenjen, mar de Tataren joegen it op en sûnder slach loeken hja harren werom.

Ekspânsjepolityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ivan III brocht de Russyske lannen ûnder sintraal bestjoer fan Moskou. Nei't Ivan oant twa kear ta de troepen fan Novgorod ferslein hie moast de stêd frede mei Moskou slute, in grut part fan har noardlike gebieten oan Moskou ôfstean en 15.500 rûbel betelje as kriichsfergoeding. Ek it foarstendom Tver en oare oanbuorjende Russyske lannen waarden by syn Ryk foege. Ynearsten bleaune de republyk Pskov en it foarstedom Rjazan noch selsstannich, mar wol yn in sterke ôfhinklikens fan de Moskouse grutfoarsten.

Ivan III late mei súkses ferskillende krigen tsjin it Grutfoarstedom Litouwen. Fral nei de Slach oan de Vedrosja moast Litouwen in grut part fan fral de Russyske gebieten ôfstean oan Moskou. It Moskouske Ryk waard nei it suden ta in stik grutter oant Tsjernigov en de Dnjepr. Yn 1494 houlikte Ivan syn dochter út oan de grutfoarst Aleksander fan Litouen.

Fort Ivangorod

Yn 1481 hie Ivan III militêre súksessen tsjin de Liiflânske Konfederaasje. Ivan liet yn 1494 it hânzekantoar yn Novgorod slute en it fort Ivangorod moast de strategyske tagong nei de see feilich stelle en de ambysjes fan Ivan oangeande Liiflân befêstigje.

Nei de fjildtocht tsjin it kanaat Kazan yn 1487 waard Kazan in fazalsteat fan Moskou. Kazan wie earder in ûnderdiel fan de Goude Heap, dy't Ruslân jimmeroan wer mei ynfallen bedrige. Mei it Krimkanaat ûnderhold Ivan freonskiplike bannen en in strategysk bûn tsjin it Grutfoarstedom Litouwen en de Grutte Horde.

By syn ferstjerren liet Ivan III in ryk efter dat fjouwer kear sa grut woarn wie.

Ivan III hat twaris troud west. Sûnt 1452 wied er troud mei Maria Borissovna fan Tver (1442–1467), mei wa't er syn soan Ivan Ivanovitsj (1458–1490, ek Ivan de Jonge) krige. Sûnt 1472 wied er mei Sofia Palaiologos troud. Mei hja krige er syn soan en lettere opfolger Vasili Ivanovitsj. Ivan de Jonge ferstoar yn 1490 oan in riedseleftich sykte oan 'e foet. Neffens in net te bewizen téory soe Sofia ferantwurdlik west ha foar syn dea om sa de troan foar har soan Vasili feilich te stellen.

Tsjin it ein fan syn bewâld wie Ivan twifelrieding oer wa't him opfolgje moast. Ynearsten foel de kar op syn pakesizzer Dmitri Ivanovitsj, de soan fan Ivan de Jonge. Hy liet yn 1498 sels in kroaningsplechtichheid ta tsaar tariede. Sofia en Vasili spanden dêr tsjin gear, rekken út de graasje en krigen hûsarrest. In pear jier letter feroare Ivan III syn earder beslút en liet er Dmitri yn de finzenis smite, wylst er Vasili as opfolger beneamde. Nei de dea fan Ivan III regearre Vasili as Vasili III 28 jier lang sûnder feroarings yn de polityk fan syn heit troch te fieren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Iwan III. (Russland)