Springe nei ynhâld

Grutte Stean oan de Ugra

Ut Wikipedy
Grutte Stean oan de Ugra

16e-iuwske foarstelling
datum: 8 oktober – 28 novimber 1480
plak: kant fan de Ugra (hjoededei yn'e oblast Kalûga, Ruslân)
útkomst: Russyske oerwinning
konfliktpartijen
Grutfoarstedom Moskou Gouden Horde
befelhawwers
Ivan III fan Ruslân
Ivan Ivanovitsj de Jonge
Andrei Vasiljevitsj Меntsjoj
Akhmat Khan
ferliezen
minimaal minimaal

Mei it Grutte Stean oan de Ugra (Russysk: Великое стояние на реке Угре) wurdt de slachopstelling yn 1480 tusken de Gouden Horde ûnder lieding fan Akhmat Khan en it Russyske leger fan Ivan III ornearre. Beide legers stienen ferskate wiken lang foar inoar oer oan de rivier de Ugra, sûnder dat ien it oandoarde om de oanfal te begjinnen. It leger fan de Gouden Horde loek him lang om let sûnder slach werom. De reden dêrfoar is hjoed-de-dei net mear te efterheljen.

Yn de Russyske skiednis wurdt it foarfal as it begjin fan de ein fan de Mongoalske terreur oer de Russyske lannen beskôge. Njonken de Slach by Kûlikovo yn it jier 1380 wurdt it Grutte Stean oan de Ugra as it begjin fan de opkomst fan it Russyke Ryk sjoen.

Oanlieding wie de wegering fan Ivan III yn 1476 langer tribút te beteljen oan de Gouden Horde. Dy heften de Mongoalen al sûnt de earste helte fan de 13e iuw yn de tiid fan Batû Kahn. Om't Akhmat Kahn earst striid hie mei it Krim-kanaat, hied er it him net earder oan tiid om pas yn 1480 de dôfhûdigens fan de Russyske grutfoarst ôf te straffen.

As maatregel gyng Akhmat Kahn in bûn oan mei Kasimir IV Jagiello, kening fan Poalen en grutfoarst fan Litouwen. Om't tagelyk Ivan III it mei syn bruorren Boris Volotski en Andrej Bolsjoj spul krige, betocht Akhmat Kahn dat hy no hannelje moast en stjoerde der ferkenners op ôf om de Oka as mooglik striidfjild te ûndersykjen. Yn 'e hjerst teach er oer it gebiet fan syn bûnsmaat Kasimir en naam stelling op de Litouske kant fan de Ugra. Oan de Russyske kant wied der skeel tusken de bojaren. In diel woe de striid net oangean, wylst in oar diel de oanfal woe. Neffens de Russyske 19e-iuwske skiedkundige Nikolai Kostomarov soe de grutfoart ek net in soad foar striid fiele, mar wie it syn mem mei de tsjerke dy't him oantrune om him by syn troepen te jaan.

It Stean oan de Ugra

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Monumint ta oantinken fan it Grutte Stean oan de Ugra

Op 8 oktober 1480 soene de troepen Akhmat Khan mei de troepen fan Kasimir IV tegearre komme. Foar dat doel woed er de Oka oerstekke om troepen tefoarren te kommen dat stasjonearre troepen yn Kostroma, Serpûchov en Tarûsa harren oanslute koene. De Russyske striidkrêften wisten dêr in stokje foar te stekken en namen stelling mei it leger oan de oare kant fan de rivier. Yn in striid fan fjouwer dagen soarge it leger der foar dat de Mongoalske troepen net de rivier oerstekke koene.

Akmat Khan seach dat it Russyske leger groeide en wacht noch altiten op berjocht fan syn bûnsmaat Kasimir. Dy hie lykwols yn de tuskentiid swierrichheden yn eigen lân en oarloch mei it Krim-kanaat. De Mongoalen bleaune noch oant 11 novimber 1480 wachtsjen, mar doe't de winter oanbriek moast der in beslút nommen wurde en mei't ek sykte útbriek loek de Gouden Horde him werom nei it suden.

It Grutte Stean oan de Ugra wie it lêste militêre treffen tusken Ruslân en Akhmat Khan. Mar in pear wike letter, op 6 jannewaris 1481, waard Akhmat Khan yn in gefjocht mei it leger fan it Sibir-kanaat deade. It treffen oan de Ugra waard al gau moaier makke as dat it wie en taskreaun oan de militêre krêft fan Ivan III, dy't lang om let lykwols wol in ein makke oan de Mongoalske hearskippij oer de Russyske lannen. Fanwegen it ûntbrekken fan de relevante boarnen kin der tsjintwurdich allinne mar grute wurde wat de oarsaak fan de hastige ôftocht fan de Mongoalen wie. Nei alle gedachten hie dat mear te meitsjen mei de Mongoalske tsjinstanners fan Akhmat Khan as mei de militêre krêft fan Moskou. Syn opfolger Siah Ahmen waard yn 1502 as lêste hearsker fan de Gouden Horde yn Litouwen eksekútearre. Wol is it sûnder twifel dat it ferfal fan de Gouden Horde foar it Grutfoarstedom Moskou in grutte stap betsjutte op wei nei de hearskippij fan it gebiet. Yn 1547 ûntstie under Ivan's pakesizzer, Ivan de Grousume, it tsaardom fan Ruslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Ипатьевский монастырь