Serpûchov

Ut Wikipedy
Serpûchov
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Moskou
Sifers
Ynwennertal 124.998 (2022)
Oerflak 32,1 km²
Befolkingstichtens 3.894 ynw. /km²
Hichte 140 m boppe seenivo (sintrum)
Oar
Stifting 1339
Tiidsône UTC +3
Koördinaten 54° 54' N 37° 24' E
Webside Webstee Serpûchov

Serpûchov (Russysk: Се́рпухов) is in stêd oan de Oka yn de oblast Moskou fan de Russyske Federaasje. De stêd leit likernôch 99 kilometer súdlik fan it sintrum fan Moskou en likernôch 80 kilometer fan Tûla en Kalûga.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd yn 1885

De stêd bestiet al sûnt de 14e iuw en hat in skoft de haadstêd fan in prinsdom west. Al ûnder Ivan III wie it plak in bolwurk fan it Grutfoarstendom Moskou. De stêd krige yn 1374 stedsrjochten en om Moskou fanút it suden te beskermjen waard de stêd yn de 16e iuw fierder fersterke. Yn de rin fan de tiid ûntjoech Serpûchov him ta in hannels- en religieus sintrum. Twa grutte kleasters droegen dêroan by: it yn de 14e iuw stifte Vladytsjny- en it ek oarspronklik 14e-iuwske Visotski-kleaster. Sûnt de 19e iuw waard fral de tekstylyndustry wichtich. Yn de Sovjet-tiid waard de yndustry fierder ûntwikkele mei masjine, meubel- en kleanfabriken. It kremlyn fan de stêd waard yn de jierren 1930 ôfbrutsen; de frijkommen stiennen waarden brûkt foar de oanlis fan de metro yn Moskou.

Yn de Twadde Wrâldkriich kaam yn oktober 1941 it front tichteby de stêd te lizzen. Der waard fûl fochten op de liny Drakino-Kremenka-Pavlovka en masjines fan bedriuwen, wurknimmers, froulju en bern waarden evakuëarre. De stêd makke him op foar de striid en skûlkelders waarden oanlein, antytankgrêften groeven en barrikades opsmiten en gebouwen waarden ynrjochte as sikehûzen. Tjin it ein fan novimber 1941 slagge it leger der yn om it Dútske offinsyf te stopjen. Op 16 desimber gongen Sovjet-troepen yn it offinsyf en it slagge it Reade Leger in trochbraak ôf te twingen. Yn jannewaris 1942 wie it front al wer mear as 150 kilometer fan de stêd ferwidere en der waard dat jier in begjin makke fan de weropbou fan de yndustry. In soad gebouwen fan de eardere tekstylfabriken yn de stêd waarden no brûkt troch metaalferwurkjende fabriken. Yn 1944 siet de yndustriële produksje al wer 80% op it foaroarlochske nivo. Yn de kriich waarden yn Serpûchov 597 gebouwen ferneatige of skeind, 202 boargers deade en 317 ferwûne.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keunsthistoarysk Museum

Alhoewol't in soad tsjerken fan Serpûchov yn de Sovjet-tiid fernield en faak ta fabryk of apparteminten ferboud binne, hat de stêd noch in pear otterdokse tsjerken dy't it besjen wurdich binne, lykas de 19e-iuwske Nikolaaskatedraal, de Trije-ienheidskatedraal (1696), de Elíatsjerke (1748), de Untsliepenistsjerke (1846-1854) de Alderheljentsjerke (1859-1871) en de Ferlossertsjerke (1893-1896). In soad tsjerken wachtsje (2022) lykwols noch op in rekonstruksje en restauraasje. Dêrnjonken binne der noch twa wichtige kleasterkompleksen: it Vladytsjny- en it Visotski-kleaster, oarspronklik beide út de 14e iuw. Fan it 17e-iuwske Raspjatski-kleaster binne in pear gebouwen yn brekfallige steat bewarre bleaun.

De kolleksje fan it Keunsthistoarysk Museum fan Serpûchov waard fral tanksij de tekstylbarones Anna Vasilievna Maraeva (1845-1928) byinoar brocht. Yn de jierren 1920 en 1930 waard de kolleksje oanfolle mei keunst út de troch de kommunisten ûnteigene lânhûzen. De kolleksje is ûnderbrocht yn it monumintale gebou dat yn opdracht fan Anna Vasilievna Maraeva yn 1894-1896 neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Roman Ivanovitsj Klein boud waard.

Fan de eardere kremlynmuorren binne in pear stikken stean bleaun. De stêd hat noch tal fabriken út it ein fan de 19e en begjin fan de 20e iuw. Dêrnjonken is de stêd ryk oan konstruktivistyske arsjtektuer.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1562 1770 1866 1900 1923 1931 1956 1967 1979 1989 2000 2010 2020 2022
Ynwenners 3.000 5.540 15.500 30.000 36.600 73.400 102.000 121.000 139.717 143.618 132.000 127.041 126.273 124.998

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Серпухов