Visotski-kleaster

Ut Wikipedy
Visotski-kleaster

Высоцкий монастырь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Moskou
plak Serpûchov
koördinaten 54° 54' N 37° 25' E
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 15e iuw of earder
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 501520398070006
offisjele webside
visotskymonastir.ru

It Kleaster fan Visotski (Russysk: Высоцкий монастырь) is in otterdoksk manljuskleaster yn Serpûchov, ien fan de âldste stêden fan de oblast Moskou, Ruslân. Yn it kleaster wurdt it "Ikoan fan de ûnútputlike Tsjelk" fereare.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fresko fan de stifter fan it kleaster, prins Vladimir de Dappere

It kleaster waard mei de segen fan de Russyske nasjonale hillige Sergius fan Radonezj stifte troch prins Vladimir de Dappere, in neef fan Dmitri Donskoi. Dat soe bard wêze yn 1373. De bou fûn plak op in hege heuvel oan de igge fan de rivier de Nara, tichteby it gearrinnen mei de Oka. It Visotski-kleaster wurdt foar it earst neamd yn 15e-iuwske kroniken.

Under de Tartaarske ynvaazjes yn de 16e iuw waard it kleaster ferneatige, mar nei't de rêst yn de kontreien werom kearde waard it kleaster op gruttere skaal wer opboud. Ut die tiid stamt ek de fiifkoepelige katedraal, wêrfan't de bou troch Ivan de Ferskriklike finansierd waard. It is hast mei wissichheid te sizzen dat de katedraal in kalkstiennen foargonger hie.

Yn it midden fan de 17e iuw krige it kleaster stiennen muorren en fjouwer hoektuorren om it better ferdigenje te kinnen. It rivalisearre mei it Vladinitsjni-kleaster, it âldste kleaster fan Serpûchov en ferwolkomme rike begeunstigers dy't mar wat graach binnen de muorren fan it kleaster begroeven wurde woene. Dêrûnder wienen bygelyks Gavriil Ivanovitsj Golvokin, de kânselier fan Peter de Grutte, en Fjodor Soimonov, de goeverneur fan Sibearje.

It kleaster fierde it 500-jierrich bestean mei de bou fan de Alderheljentsjerke, dy't neffens Roman Klein neffens de doe jildende moade yn neo-byzantynske styl boud waard. De tsjerke waard ferneatige nei de Oktoberrevolúsje, doe it kleaster oan Letske troepen oerdroegen waard om as kazerne te tsjinjen. Tsjin de ein fan de Sovjet-tiid wie it kleaster tige ferfallen en wie der noch mar in part fan de oarspronklike bemuorring yntakt.

Nei de weromjefte oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke yn 1991 waard fuortendaliks út ein set mei de restauraasje fan it kompleks. Ek de ûntbrekkende dielen fan de bemuorring binne wer rekonstruearre.

Ikoan fan de Unútputlike Tsjelk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster wurdt in soad troch pylgers besocht fanwegen it Ikoan fan de Unútputlike Tsjelk. De ûnútputlike tsjelk stiet foar de ûneinige genede fan de Hear en it ikoan soe helpe by it bestriden fan alkoholisme. It orizjinele ikoan gyng nei de Oktoberrevolúsje ferlern, mar ek de replika út 1992 lûkt in soad pylgers. Is soe net allinne helpe tsjin drankferslaving, mar ek tsjin smoken en oare ferkearde oanwênsten.

Tsjerken [1][bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbyld Namme en beskriuwing Foltôge yn
De Katedraal fan de Untfinzenis fan de hillige Anna stamt út de 16e iuw en waard boud op it plak fan in âldere stiennen tsjerke. De katedraal mei fiif blauwe koepels waard sletten yn de jierren 1920 en renovearre yn 1970 en oan de Tsjerke werom jûn. 16e iuw
De Tsjerke fan Sergius fan Radonezj (op it ôfbyld lofts fan de fiifkoepelige katedraal) is in trije ferdjippings tellende tsjerke út de 17e iuw, dy't súdeastlik oan de katedraal grinzget. De tsjerke waard boud op it plak fan in âldere oan Nikolaas wijde kapel fan de katedraal en is yn de jierren 1990 fasearre wer yn gebrûk nommen. 17e iuw
De Tsjerke fan de trije hillige Hiërargen boppe de westlike poarte fan it kleaster waard tusken 1831 en 1840 boud op it plak fan in âlder gebou fan 1727. It neoklassisistyske gebou waard yn 1920 sletten, mar yn de jierren 1970 renovearre. Yn 1991 wie der foar it earst wer in tsjinst. 1840
De Tsjerke fan de Foarbea stiet westlik fan de katedraal. Oan de yn de neoklassisistyske styl boude tsjerke slút de refter oanboud. It oansjen fan de hjoeddeiske tsjerke stamt út de ferbouwing fan 1834-1835. De tsjerke waard yn 1931 sletten foar de earetsjinst en is yn 1991 werom jûn oan de Tsjerke. 1835
De eklektyske Alderheljentsjerke is in tintfoarmich bouwurk op it tsjerkhôf achter de eastlike muorre fan it kleaster. De tsjerke is boud yn de jierren 1893-1896 as de grêftsjerke fan in lokale keapman. Yn de jierren 1920 is de tsjerke sletten en ûnder Sovjettiid in boufal woarn; de tsjerke is koartlyn restaurearre. 1896
De Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods fan de ûnútputlike Tsjelk is in ienkoepelige tsjerke, dy't om de iuwwikseling hinne boud waard yn it gastenferbliuw fan it kleaster en grinzget súdeastlik oan it kleasterkompleks. Ein 20e iuw/Begjin 21e iuw

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Vysotsky Monastery