Kalûga
Kalûga
Калу́га | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Oblast | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 335.599 (2022) | |
Oerflak | 168,8 km² | |
Befolkingsticht. | 1988,15 ynw./km² | |
Hichte | 190 m | |
Oar | ||
Stifting | foar it earst neamd: 1371 | |
Tiidsône | (UTC+3) | |
Koördinaten | 54° 32' N 36° 16' E | |
Offisjele webside | ||
Side fan de stêd | ||
Kaart | ||
Kalûga (Russysk: Калу́га) is in stêd oan 'e Oka, op sa'n 190 km súdwestlik fan de Russyske haadstêd Moskou.
Kalûga is in rajonfrije bestjoerlike ienheid. Njonken it plak sels hearre noch 73 doarpen by de stêd Kalûga ('Gorod Kalûga').
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kalûga waard yn 1371 foar it earst neamd. It wie doe noch in fêsting tsjin Litouwen om Moskou te beskermjen. Nei 1500 hat it noch foar in hoart in ûnôfhinklik foarstedom west. Yn 'e jierren 1606-1607 wie Kalûga it sintrum fan 'e boeropstân ûnder Ivan Bolotnikov.
Sûnt de 17e iuw ûntwikkele Kalûga him tusken Moskou en de Oekraïne ta in hannelsstêd.

Peter I stifte oan it begjin fan 'e 18e iuw in sylfabryk en in papierfabryk yn 'e stêd. Kalûga wie sûnt ek in ferballingsoarde foar hege politike tsjinstanners fan Ruslân. Sa waard de lêste Krim-kahn Şahin Giray fan 1786 oant 1787 nei Kalûga ferballe. De ferballe Avarenlieder imam Schamil wenne fan 1870 oant 1869 yn Kalûga. Yn 1796 waard Kalûga de haadstêd fan it gûvernemint mei deselde namme, dat oant 1929 bestie.
De stêd makke namme yn 1812, doe't de yn Kalûga stasjonearre troepen fan Kûtûzov der yn slaggen om tefoarren te kommen dat de Frânske troepen harren nei it suden ta weromlutsen. Mei de stifting fan in natoerkundich ynstitút yn 1892 waard yn Kalûga de basis lein foar ûndersyksaktiviteiten. De stifter Konstantin Tsiolkovski wurdt as de pionier fan 'e Russyske romtefeart beskôge; syn hûs is hjoed-de-dei in museum. Kalûga wurdt ek wol de 'Widze fan 'e Kosmonautyk' neamd en hat sadwaande ek in romtefeartmuseum.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de stêd op 12 oktober 1941 by de Slach om Moskou troch de Wehrmacht beset. Neffens de Amerikaanske skiedkundige Timothy Snyder waarden nei Stalin's suverings de Dútsers troch in soad bewenners mei bôle en sâlt ferwolkomme. Foar de joadske mienskip waard in getto ynrjochte, mar de besetting duorre net lang en al op 30 desimber 1941 waard de stêd troch it Reade Leger befrijd. Foar de Dútske kriichsfinzenen waard yn 'e stêd kamp 107 ynrjochte.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kalûga is it bestjoerlike sintrum fan 'e oblast Kalûga, it in in wichtich yndustriëel en wittenskipssintrum.
Volkwagen hat in fabryk yn Kalûga, en Renault en Volvo meitsje der frachtweinen. PSA Peugeaot Citroën iepene yn 2010 mei Mitsubishi in fabryk yn Kalûga. It oanleverbedriuw Continental iepene yn 2014 in fêstiging.
De Turbinefabryk fan Kalûga boud enerzjymasjines.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Volkswagen Group RUS.
-
Tsiolkovski-monumint.
-
Sint-Joaristsjerke.
-
Teäter.
-
Wettertoer.
-
.Kosmas- en Damianustsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kaluga
|