Springe nei ynhâld

Rjoerikiden

Ut Wikipedy
Rurik, stamheit fan de Rurikiden

De Rjoerikiden of Rjoeriken is in Russyske dynasty, dy't oan it ein fan de 9e iuw troch de heal-legindaryske Rjoerik stifte waard.

Foarstedommen fan de Kiëvske Rûs 1220-1240

Neffens de bûten Ruslân gongbere teory stie Rjoerik, in Varjaach (Wytsing), oan 'e widze fan it Kiëvske Ryk (Kiëvske Rûs). Sûnt de 8e iuw krongen Wytsings de kontrijen fan Ruslân yn en oer de Wolga dreaune hja hannel mei Arabieren en Perzen. Mar oer it ûnstean fan de Rûs, it iermidsiuwske folk fan Ruslân, wurdt in soad yn it tsjuster taaste. Guon Russyske skiedkundigen swakke de rol fan de Varjagen by it ûnstean fan it Ryk wat ôf. Neffens har wenne de Rûs al lang op de steppen fan de Oekraïne en Súd-Ruslân foar't de Varjagen kamen. Hja soene neffens dy teory fan de Anten ôfstamme. Ienriedigens bestiet der wol oer it feit dat der lytsere of gruttere oantallen Skandinaavjers harren yn it gebiet fêstigen en sûnder de wenstige plonderings harren mei de Slaven fermongen.[1]

Healwei de 12e iuw foel it Kiëvske Ryk út inoar yn in groep foarstedommen, dy't troch ferskillende ôfstammelingen fan de Rjoerikiden bestjoerd waarden. It foarstedom Moskou soe tsjin 'e ein fan de 15e iuw lang om let alle oare foarstedommen oermânsk wurde en tafoegje ûnder ien Moskousk bewâld.

De hearskers fan it Kiëvske Ryk droegen de titels knjaz en letter vjeliki knjaz (oer te setten as 'foarst' resp. 'grutfoarst'). Under Ivan III naam it Moskouse staach fan de dynasty de titel 'Prins fan hiel Ruslân' oan. Dat staach hearske oer de steat Moskoovje. De titel 'Tsaar fan hiel Ruslân' waard ûnder Ivan IV ynfierd.

De Rjoerikiden leveren efter inoar fan 862 oant 1598 de foarsten fan it Kiëvske Ryk, it grutfoarstedom Moskou en it tsaardom Ruslân. Vasili IV wie nei in koarte ûnderbrekking yn de Tiid fan Unstjoer de lêste regearjende foarst fan it skaai. Al gau dêrnei bestjoerden de Romanov's it lân.

In tal aadlike famyljes yn Ruslân (Dolgorûkov, Repnin, Gorchakov, Gagarin) en oare lannen dy't eartiids ûnder it Poalsk-Litouske Mienebest (Ostrogski, Wareg-Massalski, Czetwertyński) foelen, stamme ôf fan de Rjoerikiden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Atlas van Rusland, Robin Milner-Gulland en Nikolay Dejevsky ISBN 9789051570687, siden 34-42