Kontinintaal stelsel
Appearance
It Kontinintaal stelsel of de Kontinintale blokkade (Frânsk: Blocus continental) wie part fan de útlânske polityk fan de Frânske keizer Napoleon I. It wie Napoleon syn antwurd op de blokkade fan de Frânske kust troch de Britske marine. De maatregel ferbea alle hannel tusken it Europeesk kontinint en Grut-Brittanje. Dy ekonomyske blokkade bestie fan 21 novimber 1806 oant 11 april 1814 en betsjutte in embargo op alle Britske produkten.