Springe nei ynhâld

Breslau

Ut Wikipedy
Breslau (Wrocław)
De Grutte Merk (Rynek) fan Breslau
De Grutte Merk (Rynek) fan Breslau
Symboalen
Bestjoer
LânPoalen
WoiwodskipNeder-Sileezje
Sifers
Ynwennertal672.545 (2026)[1]
Oerflak293 km²
Befolkingsticht.2.300/km²
Hichte120 m
Oar
Stifting± 10e iuw
Postkoade50-001–54-705
Netnûmer+48 71
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Offisjele webside
www.wroclaw.pl
Kaart
Breslau (Poalen)
Breslau
Breslau yn Poalen

Breslau (Poalsk en offisjeel: Wrocław) is in stêd oan 'e Oder yn it súdwesten fan it hjoeddeiske Poalen. Breslau is de belangrykste histoaryske stêd fan Sileezje en leit oan de rivier de Oder. Breslau is de fjirde grutste stêd fan Poalen.

Histoarysk is de stêd bekend as Breslau om't it as part fan Sileezje oant 1945 in Dútske stêd wie.

De Dútske stêd (oant 1945)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Breslau yn 'e 17e iuw.

Breslau ûntjoech him yn 'e rin fan 'e iuwen as ien fan 'e wichtichste stêden yn Sintraal-Europa. Nei't it diel útmakke hie fan it Keninkryk Bohemen en de Habsburchske Monargy, kaam de stêd yn 1741 ûnder de kroan fan Prusen.

Yn 'e lette midsiuwen ûntjoech de stêd him ta in machtich hannelssintrum en wie it tusken 1387 en 1474 in wichtich lid fan it Hânzebûn. Troch syn lizzing op it krúspunt fan 'e rivier de Oder en de Via Regia koe de stêd rykdom sammelje troch de hannel yn produkten lykas lekken, nôt en metaal. Dizze hânze-histoarje lei de grûnslach foar de statige arsjitektuer en de ynternasjonale oriïntaasje dy't de stêd iuwenlang karakterisearje soe.

Troch de yndustriële revolúsje groeide Breslau yn 'e 19e iuw ekstreem hurd. Al yn 1840 kaam it ynwennertal boppe de 100.000, wêrtroch't Breslau ien fan 'e earste offisjele Großstädte fan Dútslân waard. Oan it begjin fan 'e 20ste iuw wie it in bloeiend sintrum fan hannel, wittenskip en keunst. De stêd stie yn dy tiid yn 'e top tsien fan grutste Dútske stêden, as in rivalisearjende metropoal foar Berlyn en München.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Twadde Wrâldkriich wie foar Breslau in tragyske kearpunt. De stêd, dy't fier yn it easten fan it Dútske Ryk lei, waard lange tiid sjoen as de "loftskûlkelder fan it Ryk" (de Reichsluftschutzkeller), om't de Alliearde bommesmiters it earst net berikke koene. Dat feroare lykwols folslein oan 'e ein fan 'e oarloch. Yn augustus 1944, doe't it Reade Leger tichterby kaam, ferklearre Adolf Hitler de stêd ta in Festung (fêsting). Dat betsjutte dat de stêd oant de lêste man ferdigene wurde moast en nea kapitulearje mocht. De Gauleiter fan Sileezje, Karl Hanke, krige de lieding en late de ferdigening mei izeren tucht.

Yn jannewaris 1945 waard de stêd folslein omsingele troch de Sovjets. Wat folge wie in ferskriklik belis dat hast trije moannen duorre. Breslau wie ien fan 'e lêste grutte Dútske stêden dy't opjoegen. Pas op 6 maaie 1945, fjouwer dagen nei't Berlyn al fallen wie en twa dagen foar de algemiene Dútske oerjefte, ûndertekenen de ferdigeners de kapitulaasje. De Gauleiter sels, Karl Hanke, wie de deis dêrfoar al mei in fleantúch útnaaid.

De flechtsjende befolking fan Breslau.

De lêste faze fan 'e oarloch en de oername troch it Reade Leger yn maaie 1945 gie mank mei grutskalich geweld tsjin de Dútske boargerbefolking. Njonken plonderingen en massale ferkrêftings fûnen der op ferskate plakken stânrjochtlike moardpartijen plak troch Sovjet-soldaten as wraak foar de Dútske misdieden yn 'e Sovjet-Uny. Dêrnjonken kamen tûzenen ynwenners om troch útputting en geweld by de gaoatyske flecht nei it westen of yn 'e Poalske ynternearingskampen dy't flak nei de oarloch ynsteld waarden. De oerlibjende befolking, dy't it belis en it geweld trochstien hie, waard yn 'e jierren dêrnei massaal ferdreaun.

De Poalske perioade (sûnt 1945)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de kapitulaasje fan 'e stêd yn maaie 1945 en de ôfspraken fan 'e Konferinsje fan Potsdam, waard Sileezje en dêrmei ek de stêd Breslau oan Poalen tawiisd. De stêd krige de Poalske namme Wrocław.

Yn harren plak kamen nije Poalske ynwenners. In grut part fan 'e nije 'kolonisten' wie sels ek ûnder twang ferdreaun út de eastlike gebieten fan Poalen dy't troch de Sovjet-Uny ynliifd wienen, benammen út de stêd Lemberch (Lviv). De nije ynwenners begûnen mei de massive werbou fan 'e histoaryske binnenstêd, wêrby't de âlde merk (de Rynek) yn syn folsleine gloarje wersteld waard. Sûnt 1999 is de stêd de haadstêd fan it woiwodskip Neder-Sileezje. It hat him sûnt it fallen fan it Izeren Gerdyn yn 1989 ûntwikkele ta ien fan 'e meast dynamyske en moderne stêden fan it hjoeddeiske Poalen.

Bestjoer en Kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed-de-dei is de stêd wer in kultureel en wittenskiplik knooppunt. Breslau fungearret as residinsje fan in roomske aartsbiskop en in evangelyske biskop. Mei ferskate universiteiten, teaters en museums is it it kulturele hert fan de hiele regio Sileezje. De stêd is ek ekonomysk fan grut belang, benammen op it gebiet fan masinebou en metaalyndustry, en profitearret fan de lân- en mynbou yn it omlizzende woiwodskip.

Befolkingsûntwikkeling fan Breslau (1526–2023)
Jier 15261710184918711890190019101939
Ynwennertal 22.00040.890110.702207.997335.186422.709512.105629.565
Groei +85,9%+170,7%+87,9%+61,1%+26,1%+21,1%+22,9%
Jier 194619701990200020102023
Ynwennertal 170.656526.000640.571633.857632.996674.132
Groei -72,9%+208,2%+21,8%-1,0%-0,1%+6,5%

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich en yn 'e neitiid dêrfan wie 70 prosint fan 'e histoaryske bebouwing fan Breslau ferneatige. De wichtichste monuminten binne sûnt dy tiid restaurearre of folslein op 'e nij opboud. Dochs makke it nije Poalske bestjoer doe ek de kar om guon histoaryske pânen ôf te brekken dy't te nau ferbûn wienen mei de Prusyske skiednis fan 'e stêd, om't dy net pasten yn it winske Poalsk-nasjonale byld.

Goatysk stedhûs.

It hert fan 'e stêd wurdt foarme troch de Grutte Ring (Rynek), dêr't it goatyske Riedshûs (Stary Ratusz) út 'e jierren 1471–1504 midden op it plein stiet, dat omfieme wurdt troch karakteristike gevels fan patrisiërshuzen. In oar markant bestjoerlik gebou is it Nije Riedshûs (Nowy Ratusz), dat tusken 1858 en 1864 ûntwurpen waard troch Friedrich August Stüler. Spitigernôch waard it Keninklik Slot út 1845 (Zamek Królowiecki), ek in ûntwurp fan Stüler, yn 1970 noch ôfbrutsen. Wol bewarre bleaun is it 18e-iuwske Keninklik Paleis (Pałac Królewski) fan 'e Prusyske kening Freark de Grutte, dêr't no it histoarysk museum ûnderbrocht is, en it klassisistyske Wallenberg-Pachaly-paleis (Pałac Wallenberg-Pachaly).

Katedraal.

Op religieus mêd hat de stêd in rykdom oan goatyske tsjerken, wêrûnder de Sint-Jehanneskatedraal (Archikatedrała św. Jana Chrzciciela), de Sint-Elisabethtsjerke (Bazylika św. Elżbiety), de Maria Magdalenakatedraal (Katedra św. Marii Magdaleny) en de 15e-iuwske Kollegiale Krústsjerke (Kolegiata Świętego Krzyża i św. Bartłomieja). In hichtepunt fan 'e barokke arsjitektuer is de Aula Leopoldina, dy't diel útmakket fan it haadgebou fan de Universiteit fan Wrocław (Uniwersytet Wrocławski).

Kultuer en Moderne Tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jahrhunderthalle.

Foar leafhawwers fan teäter en modernisme biedt de stêd it Stedsteäter (Opera Wrocławska), yn 1841 yn Prusyske klassisistyske styl boud, en it yn 1911 troch Hans Poelzig ûntwurpen Firmahûs (Biurowiec Hansa Poelziga). In wrâldferneamd ikoan fan it modernisme is de Hala Stulecia (yn it Dútsk: Jahrhunderthalle) út 1913, in ûntwerp fan Max Berg dat sûnt 2006 op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO stiet. Ek it Hûs Kameleon (Dom Handlowy Kameleon) út 1929 is in wichtich foarbyld fan 'e moderne boukeunst. Sels it neogoatyske sintraal stasjon, Dworzec Główny, is op himsels al in besite wurdich.

Rekreaasje en Attraksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare trekpleisters fan Breslau it Panorama fan Racławice (Panorama Racławicka) en de dieretún (ZOO Wrocław), de âldste en grutste fan Poalen. Fierder is de Hortus botanicus (Ogród Botaniczny), de Japanske tún (Ogród Japoński) en it Aquapark it neamen wurdich. Op jûntiid wurde de Wrocławska Fontanna (in grutte fontyn by de Hala Stulecia) en de histoaryske Wettertoer (Wieża ciśnień) in soad besocht.

Kabouterke.

In bysûndere en populêre attraksje yn 'e binnenstêd binne de kabouterkes fan Breslau (Wrocławskie Krasnale). Wat yn 'e jierren 1980 as in ludyk protest fan 'e fersetsbeweging "Oranje Alternatyf" tsjin it kommunistyske rezjym útein sette, is útgroeid ta in symboal fan de stêd. Intusken steane der mear as 600 lytse brûnzen kabouterbyldsjes ferspraat oer de hiele stêd, elk mei in eigen namme en berop. In soad toeristen dogge in kabouter-speurtocht.

Sintraal Stasjon.

Breslau is in wichtich ferkearsbestjoerlik knooppunt yn Súdwest-Poalen mei in eigen ynternasjonaal fleanfjild, Wrocław-Copernicus (WRO), dat de stêd ferbynt mei oare Europeeske metropoalen. It iepenbier ferfier yn 'e stêd wurdt karakterisearre troch in wiidweidich en modern tramnetwurk, oanfolle troch in ticht net fan stedsbussen dy't ek de bûtenwiken berikke. Fan it neogoatyske sintraal stasjon (Wrocław Główny) út fertrekke treinen nei alle grutte Poalske stêden en oer de grins rjochting Berlyn en Praach. De stêd leit boppedat strategysk oan 'e snelwei A4, de wichtichste east-westferbinning fan Súd-Poalen.

It ferljochte Stadion Wrocław.

De grutste fuotbalklub is Śląsk Wrocław, dy't meardere kearen lânskampioen fan Poalen wurden is. Hja spylje harren thúswedstriden yn it moderne Stadion Wrocław (ek wol de Tarczyński Arena neamd), dat boud waard foar it Europeesk Kampioenskip fan 2012 en plak jout oan mear as 45.000 taskôgers.

In sport dy't yn Poalen en spesifyk yn Breslau enoarm populêr is, is speedway. De klub Sparta Wrocław heart by de top fan 'e Poalske liga en spilet yn it histoaryske Olympysk Stadion (Stadion Olimpijski), in unyk bouwurk út 'e jierren 1920 dat folslein renovearre is.

Op it mêd fan basketbal is Śląsk Wrocław de meast súksesfolle klub yn 'e Poalske skiednis, mei in rekordtal oan nasjonale titels.

De stêd mocht yn 2017 de Wrâldspullen te organisearjen, in grut ynternasjonaal sportevenemint foar sporten dy't net op it programma fan 'e Olympyske Spullen steane.

Breslau
Boarnen, noaten en/as referinsjes: