Oerlis:Breslau

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Op hokker wize skriuwe wy Syleesje, moat dit net Sileesje weze?--Geoffrey 30 jun 2007, 20.42 (CEST)[beäntwurdzje]

It is bêst mooglik dat it sa skreaun wurd.

Ik haw der al sileezje fan makke, krekt as op de siden Katowice en Warnen. Ik haw de side ek werneam't nei de poalske namme om't it no in Poalske stêd is. Fansels stiet yn de ynlieding dat de stêd yn de histoarje better bekend is as Breslau. Theun 30 jun 2007, 21.45 (CEST)[beäntwurdzje]
Is dat wol in goed idee? Ik leau net dat in Frysk faak "Wrocław" skriuwe sil. Dy "ł" is ommers gjin Fryske letter, in probleem wat "Breslau" net hat. Ik soe ek net witte hoe't ik "Wrocław" sizze moast, of yntikke moast (ik haw it no oernaam fan de titel). Dat ik soe it sels net brûke, en as it al moast dan soe ik it mei Fryske letters staverje. Mysha

Neffens myn ANWB-boekje wurd de "ł" útsprutsen as de w yn it ingelske well.

Bedoele se dêr net de earste letter fan de namme mei? Vroklav of soksawat? As wurdt de c yn it poalsk as 's' útsprutsen dan soene je tinke dat "Wrocław" de poalske stavering fan Breslau is. Sille we it wêr tebeksette?
Hielendal dúdlik fyn ik it net foaral Esperanto eo:Vroklavo, Litousk lt:Vroclavas en Letsk lv:Vroclava jouwe oan dat je aardich oars útsprekke as Breslau. Theun 2 jul 2007, 22.04 (CEST)[beäntwurdzje]

As wy it tebeksette krije wy dan net safolle miljoenen Poalen oer ús hinne ? Eigentlik moatte der rigels foar wêse. Ynearsten de Fryske nammen brûke. Dan út talen dy't it meast op it Frysk lykje. Mar dan komt men der wierskynlik ek net út. In oare manier kin wêse: As der in Fryske namme is: yn it Frysk en oars sa as de hjoeddeiske namme is.