Springe nei ynhâld

Steaten

Ut Wikipedy

De steaten of ek wol in gearkomst fan stannen (yn it Dútsk: Landstände) wie yn de lette midsiuwen en iermoderne tiid in polityk orgaan yn ferskate steaten en gewesten yn it Hillige Roomske Ryk as fertsjintwurdiger fan de oanbelangjende lânshear. Yn Fryslân kamen de steaten yn gebrûk nei de Fryske Frijheid, doe't de beskate Fryske gewesten in eigen lânshear krigen.

De gearstalling fan de steaten ferskilde de steat en it tiidrek. Mei it begryp steaten wurdt boppedat it âlde systeem (Ständeordnung), dêr't de steaten de trije maatskiplike stannen fan de befolking fertsjintwurdigen, allyk it nijere systeem mei ferstjintwurdigjende organen fan it folk mei ornearre. Foar beide de âlde en nije systemen wie it begryp lândei foar de gearkomsten fan de stannen yn gebrûk. Yn guon gewesten waarden de stannegearkomsten ek wol lânskip (Landschaft) neamd, lykas bygelyks it Eastfrysk Lânskip.

Neffens it âlde systeem bestiene de steaten út in gearkomste fan de geastlikheid, adel en de begoede boargers en boeren (op it plattelân). Letter kaam de begoede boargerij fan de stêden dêrby. Yn guon gewesten, lykas Tiroal, Meklenburch en Wuertemberch hiene frijboeren it rjocht en ferstjintwurdigje de boerestân. In opmerklike útsûndering wiene de steaten fan it Hodelerlân, dy't allinnich út grutboeren bestie

Op de lândei wiene de steaten ferparte yn ornaris trije besakte ôfdielings (curiae): de prelaten, it ridderskip en de stêden. Nettsjinsteande dat fertsjintwurdigen de iere steaten allinnich de rjochten fan harren eigen stân en koene allinnich deselde tiid ek sjoen wurde as in yndirekte fertsjintwurdiging fan de gânse befolking yn harren gebiet. Yn it eardere systeem koe de lânshear, ta tsjinstelling fan in absolute foarst, net samar belestings ferheegje of nije wetten oannimme sûnder it goedkarren fan de steaten. Yn guon gefallen hien de stannen ek it foech oer it bestjoer fan rjocht en oare iepenbiere saken. De grinzen fan harren macht wie ornaris net sekuer fêstlein.

Yn lettere tiden waarden de steaten in fertsjintwurdigjend orgaan fan nijere parlemintêre systemen, lykas yn Nederlân de Steaten-Generaal en Provinsjale en Deputearre Steaten.

De steaten ûntstiene yn de fjirtjinde iuw en komt nei alle gedachten fan it Frânske wurd états. It wie lykwols net in nij begryp. Neffens de Romeinske skriuwer Tasitus wie der yn de Aldheid al in meisizzenskip by wichtge iepenbiere kwestjes. En neffens Oergermaanske wetten, waarden folk- en rjochtsgearkomsten, de saneamde ding, yn de iepen loft holden. Ek yn it lettere Frankyske Ryk wie der, njonken de algemiene gearkomsten fan de adel en geastlikheid, de saneamde placita, in foarm fan folksfertsjintwurdiging. Ek yn de lettere stamhartochdommen, lykas Saksen en Beieren wiene der sokke gearkomsten, dochs fertsjintwurdigen sokke gearkomsten net de stannen sa't dy yn de fjirtjinde iuw ta stân kamen. Sels de hof- en ryksdagen fan de tolfde en trettjinde iuw dy't saken oangeande it wolwêzen fan it lân behannelen hiene noch net it karakter fan in selsstannich orgaan.

Untstean fan de steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de fjirtjinde iuw, mei it ûntjaan fan de sûvereiniteit en de territorialisearring, it proses dêr't politike macht ferbûn waard mei in beskate ienheid en de individuele hearskippij beheind waard, waarden de stannen foarme út de fêstige hearen, fazallen en ministerialen. Hja krigen fan de foarsten skriftlike garânsjes oer harren rjochten en frijheden te bemachtigjen en sleaten ferbûnen meiïnoar om harren eigen rjochten en frijheden te beskermjen.

Der wiene ferskate redens foar it foarmjen fan fêste organisaasjes. Oan ien kant easken de foarsten belestings en woene de grutbesitters dat de foarst mear konkrete tasizzings dwaan soe oer de takomstige ynvestearrings fan de belestings. Oan oare kant wiene skelen oer opfolging, oerdragen fan it lân oan in nije hear of it werienjen fan ôfsûnderlike parten fan it lân de reden foar it foarmjen fan in permaninte uny. Ut de op dy wize bemachtige privileezjes ûntstie stadichoan in rige frijheden fan de stannen foar de foarst oer.

Yn de fyftjinde en sechtjinde iuw woeks de ynfloed fan de steaten. Om't de foarsten gauris in tekoart oan eigen middels hiene, wiene se ôfhinklik fan it ûnderstypjen fan harren steaten, dêr't se hieltyd wichtiger troch waarden. Dêrtroch waard de hannelswize fan de steaten fan de fyftjinde en sechtjinde iuw ôf as wiere meihearskers en behannelen se alle wichtige saken, sels dy't ynearsten allinnich de foarstlike famyljes oanbelangen. Ut de oarspronklike ferplichting fan de fazallen om harren lienhear yn beskate gefallen mei spesiale tsjinsten te ûnderhâlden, ûntjoech him it rjocht fan de steaten goedkarring te jaan foar it heffen fan belestings. Dat waard folge troch it oprjochtsjen fan harren eigen steate- of lânskipskas, dêr't earst de goedkarde belestings yn betelle waarden en fan dêrút allinnich ei de foarstlike skatkiste oermakke waarden. Foar it foltôgjen rjochten de steaten gauris kommisjes op dy't permanint byinoar kamen (kollegium, kommisje, kommissariaat, ordonânsje) en bouden gebouwen dy't de fertsjintwurdiging húsmannen.

Ein fan de steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de santjinde iuw begûn, troch de Tritichjierrige Kriich, stadichoan de ein fan de steaten. Dat proses sette him yn de achttjinde iuw troch. Troch de waaksende macht fan de foarstedommen, neffens de ideeën fan it absolutisme, en it ûntjaan fan in foarstlik amtnersapparaat, naam de macht fan de steaten ôf, dy't yn in soad gewesten al net folle mear betsjutten, mar yn oare gewesten yn de achttjinde iuw noch in soad ynfloed op it steatsbestjoer hiene. Dêrta droech de folsleine feroaring yn kriichsfieren by, dêr't de macht yn hannen fan de lanshearen fan lei. Boppedat beheinde de rykswetjouwing de ûnôfhinklikens fan de steaten.

Yn Wuertemberch holden de steaten harren funksje oant 1805. Yn it keninkryk Saksen oant it ynfieren fan de grûnwet yn 1831 Yn Meklenburch koene de steaten harren macht sels oant 1918 hâlde. Yn Nedersaksen bleaune der "lânskippen", dy't harren op kultureel mêd en identiteit dwaande hâlde, oant hjoed-de-dei bestean.

Westerlauwersk Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Steaten fan Fryslân.

Fryslân hie yn de midsiuwen, yn de snuorje fan de Fryske Frijheid gjin lânshearlik gesach en dus gjin sintraal bestjoer hie. De grytmannen fan de ûnderskate gebieten, mank mei meirjochters oefenen it bestjoer en de legere rjochtspraak út. Yn de stêden oefenen de âlderman, skepenen en rjocht en ried it bestjoer en rjochtspraak út. Der wiene wol bopperegionale gearkomsten mar men koe him dêr wol reedlik maklik fan ûntlûke. Sokke bestjoersgearkomsten dy't harren yn de fyftjinde iuw ûntjoegen, waarden lândagen neamd, dêr't twa of trije of mear goaen harren by oansleaten. sa sleaten de trije goaen yn Westerlauwersk Fryslân yn 1473 in ferbûn tsjin de Boergondyske hartoch Karel de Stoute dy't Fryslân by syn ryk foegje woe. It plak fan de gearkomsten wie eltse kear op in oar plak.

Dy lândagen kinne as de foarrinner sjoen wurde fan de Saksyske lândagen, dy't yn 1498 de kontrôle oer Westerlauwersk Fryslân krigen. Yn de Saksyske tiid (1498-1515) waard yn Fryslân in stannegearkomste ûntwikkele. Dêr kamen de ferskate stannen of steaten op fersyk fan de lânshear byinoar en jou him oanrekommandaasje of om harren te bûgen oar fersyken (bede) fan de lânshear. Nei't de Habsburgers it gesach oer Fryslân yn 1523 bemachtigen waard de Saksyske bestjoersfoarm oernommen.

De stannegearkomste, of steaten, besochten yn 1532 sterker te stean troch deputearren oan te wizen, ornearre as permanint kolleezje. Fan 1558 ôf bestie it kolleezje fan Deputearre Steaten permanint.

De steaten wiene ynearsten in stannegearkomste dy't út geastliken, eallju, eigenierden en boargers as ôffurdigen fan harren stân. Nei't by de Opstân de kalvinisten oan 'e macht kamen waard de gearstalling fan de Steategearkomste feroare en de wize dêr't dy ta stân kaam. Op de Lândei fan 25 juny 1579 wiene de geastliken út de gearkomste weihelle en waard de yndieling nei stannen feroare troch in territoriale yndieling nei goaen: Westergoa, Eastergoa en de Sânwâlden. De stêden foarmen sûnt 1584 it fjirde kertier, wylst de trije goaen de trije plattelânskertieren foarmen.

Yn 1795 waard de Steategearkomste opheft, doe't Fryslân part fan de Bataafske Republyk waard.

Yn de Ommelannen spile de Fryske Frijheid ek in grutte rôl. Dêr wie lykas yn Westerlauwersk Fryslân it bestjoer ek op regionaal mêd útfierd. Fan 1558 ôf giene de Ommelanner goaen fierder meiïnoar oparbeidzjen, dy't yn 1561 in offisjeel ferbûn sleaten. Der waarden eigen bestjoersorganen foarme, mei in kolleezje fan njoggen deputearren, in eigen kas, en fêste amtners. De fertsjintwurdigers fan de Ommelannen foarmen de Ommelanner Steategearkomste en bestie út 36 leden. Yn 1594 waarden de Ommelannen mei de stêd Grins gearfoege ta it gewest Stêd en Lân. De Steaten fan Stêd en Lân bestie foar de helte út Ommelanner steateleden. De Ommelanner steaten bleaune dêrnei lykwols bestean en hiene sels rjocht op it barren fan belestings. Yn 1795 waarden de Ommelannen part fan d eBataafske Republyk en waarden de steaten opheft.

De Wikipedy hat ek in side Eastfryske Lânskip.

Ek yn East-Fryslân wie de sitewaasje itselde as yn Westerlauwersk en de Ommelannen. Yn de fjirtjinde iuw brutsen der yn dit part fan Fryslân al skelen út tusken ynfloedrike famyljes. Ek oare foarfallen, lykas it útbrekken fan de pest en stoarmfloedrampen destabilisearre de sitewaasje fierder. Guon fan dy ynfloedrike famyljes makken gebrûk fan d etastân en kreëarren in systeem fan hearskippij dêr't se de macht as haadlingen grypten oer ferskate goaen. Yn de haadlingetiid is der lykwols net folle oer in stannegearkomste bekend.

Yn 1464 ferhefte keizer Freark III ien fan dy haadlingefamyljes, de Sirksena's ta keizerlike greven oer in gebiet dy't ferskate eastlike Fryske gebieten besloech, ta in keizerlik greefskip Eastfryslân. De keizerlike oarkonde joech de garânsje dat de Eastfriezen alle rjochten en frijheden, dy't se yn it ferline hiene befêstige waarden. Dat waard beskôge as de oarsprong fan de Eastfryske stannegearkomsten. It is ek mooglik dat ien fan de oarsprongen fan de Eastfryske steaten yn de dyk- en sylsystemen leit, itjinge altyd as koöperaasje organisearre west hie.

De stannegearkomste fan Eastfryslân bestie sûnt 1507 út "riedshearen, prelaten en ridders". Yn 1537 bestien de stannen út "prelaten, jonkers en ynwenners" fan it greefskip Eastfryslân. Dêrnei ferdwûn de geastlikheid út de stannen wei en fan de twadde helte fan d esechtjinde iuw ôf foarmen it ridderskip, stêden en boeren de stannegearkomste.

Op grûnwurk fan dy trije stannen ûntjoech him it Eastfryske Lânskip, sa't de stannegearkomste tenei hiet. Nei it útstjerren fan de foarstlike famylje Sirksena namend e Prusen yn 1744 de hearskippij yn Eastfryslân oer. Ynearsten feroare dêr net folle oan de bestjoersstruktuer, mar nei ferrin fan tiid waard de ynfloed fan de stannen minder op it bestjoer. De bestjoerstruktuer yn Eastfryslân bleau lykwols ferskillen fan oare Prusyske provinsjes.

Nei de Frânske tiid kaam Eastfryslân ûnder it Keninkryk Hannover. It Eastfryske Lânskip kaam fannijs byinoar op de lândei, mar ferlear in soad foech. Doe't Eastfryslân yn 1866 fannijs by Prusen kaam, rekke it Lânskip noch mear foech. As wetjouwend orgaan en de rjochten om belaestings te barren waarden nei in wetsferoaring ôfskaft.

Nei de Twadde Wrâldkriich is it Lânskip ferantwurdlik foar kulturele, wittenskiplike en ûnderwiiskundige saken. It Eastfryske Lânskip hat dêrmei mear foech en selsstannigens as de oare regionale lânskippen yn Nedersaksen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Karl-Ernst Behre, Hajo van Lengen, Ostfriesische Landschaft, Niedersächsisches Institut für Historische Küstenforschung: Ostfriesland. Geschichte und Gestalt einer Kulturlandschaft. Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1995, ISBN 3-925365-85-0, S. 140.