Unter den Linden

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Unter den Linden fanôf de Fernsehturm
Unter den Linden rûn 1900 hinne

Unter den Linden is ien fan de ferneamste strjitten yn de Dútske haadstêd Berlyn. De leane rint troch de wyk Mitte en rint fan de Brandenburger Tor yn it westen nei de Schloßbrücke, wêr fanôf dêr de strjitte fierder de Karl Liebknecht-Straße hyt oant de Alexanderplatz. Oan dit paad fan sa'n 2 km steane in soad ferneamde besjenswurdichheden fan Berlyn. Bewesten de Brandenburger Tor, wêr fan 1961 oant en mei 1989 de Berlynske Muorre stien hat, rint de leane fierder as de Straße des 17. Juni, Bismarckstraße, Kaiserdamm en Heerstraße. De totale lingte fan dit paad is 11,5 km.

Unter den Linden wie in praalwei fan de Prusyske keningen en de Dútske keizers en wie in flanearwei foar de rike boargerij. Ek wie it de leane foar de kommersjele Yndustriële Revolúsje. Neitiids waard de leane brûkt foar optochten fan it sosjalisme yn de DDR.

De leane late eartiids nei de keninklike jachtfjilden, wêr letter de Tiergarten oanlein waard. Yn de 17e iuw waarden der lindebeammen oanlein, wêr de namme weikomt. Yn 1658 waarden se der wer weihelle, en yn 1820 waarden se der yn 4 rigen wer plante. Yn de 18e iuw waard Unter den Linden de haadstrjitte fan de nei it westen útwreidzjende stêd. Nei de weriening fan Dútslân yn 1990 is der in ryk ferskaat oan kafee's, restaurants en moaie winkels iepene. Ek wurde der in soad iepenloft eveneminten organisearre. By de boekestaltsjes by de Humboldt Universiteit en de Staatsbibliotheek binne in soad stúdinten en toeristen te finen.

Ferneamde gebouwen oan Unter den Linden binne:

  • Russyske ambassade
  • Rutersstânbyld fan Freark de Grutte
  • Alte Palais, paleis fan keizer Wilhem I
  • Alte Bibliotheek
  • Humboldt Universiteit
  • Berliner Staatsopera
  • Staatsbibliotheek zu Berlin
  • Neue Wache, in 19e iuwsk neo-kassike styl wachthûs
  • Hotel Adlon