Uerdingen
Uerdingen | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Gemeente | Krefeld |
Sifers | |
Ynwennertal | 18.056 (2018) |
Hichte | 31 m |
Oar | |
Koördinaten | 51° 21′ NB, 6° 39′ EL |
Uerdingen [ˈyːɐ̯.dɪŋ.ən] is in stedsdiel yn de kringfrije stêd Krefeld yn Noardryn-Westfalen yn Dútslân. It plak wie oant 1929 in selsstannige stêd en gemeente dy't yn 1255 stedsrjochten krige. It plak hat likernôch 18.000 ynwenners en is ferneamd om de Uerdinger liny.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierste fynsten dy't fûn waarden yn Uerdingen komme fan de earste iuw n.Kr. en binne no yn it Britsk Museum yn Londen te sjen. Der moat op it plak fan Uerdingen in Romeinsk kamp stien hawwe. Oerleverings út 89 n.Kr. neame in befelhawwer Markus Hordeonius Flakkus, dy't as bynamme Castra Ordeonii hie. Der wurdt tocht dat de namme "Uerdingen" dêr fan ôflaat waard.
De ierste ferwizing nei in permaninte delsetting yn de omkriten komt út 809 en wurdt Urdingi yn in oarkonde neamd. Yn it midden fan de trettjinde iuw wie Uerdingen in bloeiende havenstêd oan de Ryn dy't doe de noardlikste ekslklave wie fan it Karfoarstendom Keulen. Yn 1255 krige it plak stedsrjochten. De stêd krige in stedsmuorre, fersterke mei in boarch tsjin de Ryn oan, en in binnenhaven en waard in tolplak foar skippen dy't nei Keulen ta fearen. It Amt Uerdingen waard yn dy tiid stifte en de stêd waard yn de lette midsiuwen oan ferskate eallju yn lien jûn.
Yn de iere moderne tiid wie Uerdingen it slachfjild fan ferskate krigen. De stêd waard stikmannich kearen skeind, it earst yn de Keulske Kriich, dêr't der in heksejacht by folge, en letter yn de Tritichjierrige Kriich. Yn de Njoggenjierrige Kriich fûn de Slach by Uerdingen plak. It plak bleau ûnskeind yn de Spaanske Súksesjekriich en waard yn de rest fan de achttjinde iuw wer opholpen. De hjoeddeistige riedshûs komt fan 1714-1725.
De stêd strûpte yn 1783/84 ûnder it Rynwetter en rekke dêrtroch skansearre. Yn de Frânske tiid waard de stêd fierhinne mei it oanswettende Krefeld yntegrearre. By de yndustrialisaasje rekken de twa stêden hieltyd mear mei-inoar ferbûn. Yn 1929 waarden, ûnder ynfloed fan de Prusyske minister fan Ynlânske Saken, Uerdingen en Krefeld mei-inoar feriene yn in bysûndere dûbele gemeente dy't bekend waard as "Krefeld-Uerdingen oan de Ryn". Beide gemeenten krigen gelikense rjochten. Yn april 1940 feroare it Nazy-bewâld de namme ta "Krefeld". Nei de Twadde Wrâldkriich waard de beslissing fan de nazys net wer weromdraaid, ta argewaasje fan de befolking fan Uerdingen. Nettsjinsteande dat hold Uerdingen in spesjale status yn de gemeente Krefeld. It wapen fan Uerdingen is yn it wapen fan Krefeld bewurke.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De meast ferneamde wurkjouwer yn Uerdingen, en Krefeld, foar de lêste fyftich jier wie Bayer. De twadgrutste fabryk fan dat bedriuw wie fêstige yn Uerdingen. Yn 2004 waard it grutste part fan de produksje yn de fabryk troch Bay erôfstjitten, en is de fabryk it thús fan ferskate oare gemyske bedriuwen. Ek railreaufabrikant Waggonfabrik Uerdingen, oprjochte yn 1898, letter Düwag, en hjoed-de-dei part fan Siemens Mobility, is fêstige yn Uerdingen. De distillearderij fan Melchers produsearret de jenevermerk "Uerdinger".
Uerdingen is ek bekend om syn fuotbalklup KFC Uerdingen 05.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Uerdingen wurdt yn it westen begrinzge troch oare stedsdielen fan Krefeld: Bockum, Gartenstadt, en Elfrath; yn it noardeasten troch Traar, yn it noarden troch Duisburg-Rumeln-Kaldenhausen; yn it noardeasten troch Hohenbudtberg; yn it easten troch de Ryn, dêr't Duisburg-Mündelheim oan de oare kant fan leit; yn it suden troch it stedsdiel Linn.
De brêge oer de Ryn yn Uerdingen waard yn 1936 boud en is sûnt 1987 in nasjonaal monumint.
It stasjon Krefeld-Uerdingen leit oan it spoar fan Duisburg nei Mönchengladbach.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In dialekt fan it Limburchsk wurdt noch hieltyd sprutsen yn Uerdingen, dat pleatslik Oedingsch Platt neamd wurdt. Oedisch Platt is lykwols net itselde as Krieewelsch Platt, dat it Limburchske dialekt fan Krefeld is, alhoewol't de ferskillen net grut binne. In ferneamd liet út Uerdingen is Oeding blievt Oeding (os Städtche an Rhein) (Uerdingen sil Uerdingen bliuwe, ús stedsje oan de Ryn) yn it pleatslik dialekt.
Oan de noardeastlike igge fan Uerdingen rint de isoglosse dy't bekend stiet as de Uerdinger liny. Benoarden dy liny wurdt ik sein, en besuden dêrfan wurdt ich sein.