Springe nei ynhâld

Frijfammefeest

Ut Wikipedy
Freondinnen op in frijfammefeest.

In frijfammefeest is in feest dat troch freondinnen en/of froulike famyljeleden foar in frou holden wurdt koart foar't hja trouwe sil. Sa'n barren is bedoeld om ôfskie te nimmen fan har eardere libben as frijfaam, dat yn dizze kontekst ôfset wurdt tsjin it houlik. Foar de oansteande brêgeman wurdt troch syn freonen en/of bruorren in soartgelikens feest holden, it frijfeintefeest. Oars as sokke frijfeintefeesten, dy't in skiednis hawwe dy't weromgiet oant djip yn 'e Aldheid, waarden de earste frijfammefeesten ynsafier bekend oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw holden.

Heal ûntklaaide butlers betsjinje in frijfammefeest yn it Ingelske Bristol.

In oar ferskil mei it frijfeintefeest is dat it frijfammefeest ornaris gjin lêste útspatting foar it houlik is, mar in kâns foar de oansteande breid om in nauwere bân oan te gean mei har freondinnen. Dêrfoar nimme frijfammefeesten faak de foarm oan fan cocktailpartys dy't de dielnimsters yn alle noflikens de mooglikheid biede om oer rûchkâlt te praten of om yntime advizen oan 'e breid ta jaan. Ek kin it wêze dat it hiele selskip in dei nei in kueroard giet, dêr't se harrensels alhiel fersoargje litte. Nettsjinsteande dat komt it wol deeglik foar dat frijfammefeesten like lûdroftich en mei drank oergetten binne as frijfeintefeesten. Yn Noard-Amearika is it foar de 'frijere' frijfammefeesten wenst om in manlike stripper út te nûgjen, wylst yn it Feriene Keninkryk it ynhieren fan in neakene butler net ûngebrûklik is.

Krekt as by frijfeintefeesten it gefal is, wurde frijfammefeesten ornaris bûten de persoan yn kwestje om organisearre. Lokaasje, tiid en sels it antwurd op 'e fraach oft der wol in feest holden wurde sil, wurdt it leafst oant it lêste momint foar de oansteande breid geheim holden. It doel dêrfan is om har oer it mad te kommen. Faak is in grut part fan it frijfammeefeest bedoeld om 'e gek mei de oansteande breid te hawwen. Dêrta wurdt har dan faak in breidswale op 'e holle set of in opfallend en gauris ek beskamsum stik klean oandien, sadat se dúdlik werom te kennen is foar it omsteand laach. It komt ek foar dat de oansteande breid ien of mear sjenante opdrachten útfiere moat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.