Tippen

Ut Wikipedy

Tippen is in histoaryske Fryske sport. De sport waard foar it earst neamd yn 1775. Jorwert is it middelpunt fan it hjoeddeiske tippen.

Tippen wurdt bûten spile. In tal tuollen (assen fan weintsjillen) mei noch mar twa speaken wurde op ien line set. Op elke tuolle wurdt mei in stik klaai in aaifoarmich baltsje (koaike ) plakt. Op 5 meter ôfstân fan de line leit in oare lykstrekige line oer de grûn spand. Efter dy line steane twa koppels per tuolle opsteld dy't tsjin elkoar spylje. Om bar smite se in houten kneppel dêr't se it koaike safier mooglik mei fan de tuolle besykje te slaan. It partoer mei de fierste slach krijt ien punt. Wa't as earste fjouwer punten hellet hat wûn.

Yn 1999 waard yn Jorwert it Iepen Nederlânsk Kampioenskip Tippen (ONTK) hâlden. By Simmer 2000 waard troch tipklub Reitsje Him út Jorwert it WK tippen organisearre.

Bûten it NK Tippen binne yn Jorwert ek noch seis wedstriden: de gewoane partij, de Rients Boonstrapartij, de Boermûspartij, de bekerpartij, de Hallemapartij en de Merkepartij hâlden. As prizen wurde appels, jirpels, gebak of oare nuttige saken beskikber steld, soks ôfhinklik fan de sponsors.