Jan Rodenhuis
| Jan Rodenhuis | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertedatum | 9 desimber 1917 | |
| berteplak | Húns | |
| stjerdatum | 21 febrewaris 1987 | |
| stjerplak | Ljouwert | |
| sportive ynfo | ||
| sport | Keatsen | |
| PC | 1942 | |
| debút | 1938 | |
| karriêre-ein | 1959 | |
| ekstra | 1× PC kening 1942 Foarsitter KNKB (1966-1982) | |
Jan Rodenhuis (Húns, 9 desimber 1917 - Ljouwert, 21 febrewaris 1987) wie sosjalistysk steatelid, haadûnderwizer, keatser en sportbestjoerder út Ljouwert. Syn heit wie boere-arbeider en koster yn Húns. Hy wenne letter yn Sint Anne en Ljouwert.
Rodenhuis krige de Fryske Sportpriis yn 1981 fan mr. Hedzer Rijpstra útrikt foar syn fertsjinsten fan 25 jier aktyf keatser, keats- en fuotbalbestjoerder.
Keatste 25 jier lang en wûn yn dat skoft tiid 62 earste prizen, 42 twadde en 49 trede en fjirde prizen. Mei de ôfdieling Húns fan de KNKB wûn hy yn it partoer fan de Ljouwerter Keats Klup foar de fjirde en lêste kear de Bûnswedstriid. Yn 1942 waard hy kening op de 91ste PC yn Frjentsjer mei Feite de Jager en Frans Helfrich, yn oranje shirts. Helle 339 punten yn it Ivich keatsklassemint en waard 20 kear kening.
Yn 1940 kaam er yn it bestjoer fan de Feriening fan Keatsers en wie dêr oant 1953 ponghâlder en foarsitter. Yn 1966 waard Rodenhuis foarsitter fan de KNKB en soe dat bliuwe oant 1982. De op it alderlêste momint mislearre fúzje tusken KNKB en CFK hat him lang dwers sitten.
Fierders wie Jan Rodenhuis lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de Partij fan de Arbeid en mei-oprjochter, lid en foarsitter fan de Provinsjale Sportrie. Ek wie hy foarsitter fan Sportklup Ljouwert en hied er sit in ferskate kommisjes.
Keatsprizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1934 Freulepartij 3e priis
- 1941 de Bond 6e priis
- 1941 PC 4e priis
- 1942 PC 1e priis
- 1945 PC 3e priis
- 1946 PC 2e priis
- 1947 de Bond 8e priis
- 1947 PC 2e priis
- 1948 PC 3e priis
- 1949 de Bond 6e priis
- 1949 PC 2e priis
- 1950 de Bond 8e priis
- 1950 PC 4e priis
- 1952 de Bond 1e priis
- 1952 PC 4e priis
- 1953 de Bond 1e priis
- 1954 PC 4e priis
- 1955 de Bond 3e priis
- 1957 de Bond 1e priis
- 1958 de Bond 2e priis
- 1959 de Bond 1e priis
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|