Tineke Fopma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tineke Fopma (1979)

Tineke (Trijntje) Fopma (Húns, 12 july 1953) is in eardere hurdfytsster.

Foar it slagjen foar de HBS krige se fan har âlden in reesfyts. Op har njoggentjinde gie de boeredochter nei Grins om dêr Skiednis te studearjen. Al yn har fytstiid joech se skiednisles, earst op de jûn-Mavo yn Goes en op de Kristlike Pedagogyske Akademy yn Middelburg. Letter wurke se as amtner foar voor de gemeente Bergen-op-Zoom. Se troude met de hurdfytser Reinier Kole.

Tineke debutearre by De Friesche Leeuw yn 1973. Dêrfoar hie se in jier op frouljusfuotbal sitten. Letter ferhuze hja nei Seelân en wenne yn Middelharnis, Goes en Nisse. Yn 1975 waard de 22-jierrige studinte Skiednis ferrassend wrâldkampioene op'e dyk yn it Belgyske Mettet (in dei letter soe Henny Kuiper dêr wrâldkampioen wurde). Stâloarders fan de ploech dy't fierder bestie út Gré Knetemann, Bella Hage, Anne Riemersma en Truus van der Plaat dat Keetie Hage winne soe. Dy wie yn de jierren de keninginne fan de froulju. "Inkele kilometers foar de oankomst bin ik weisprongen. Nei in skoft seach ik efterom en seach dat der nimmen meisprong wie, mar dat woe my eins net oan, soks koe net.. Ik waard senuweftich en begûn hieltiten stadiger te fytsen. Ik tocht earst dat ik noch in rûntsje moast. Op de miet waard ik noch hast ynrûn, mar de foarsprong wie krekt genôch foar goud", ferklearre Tineke Fopma.

As bynamme hie se De Fop, optocht troch Gerrie Knetemann (De Kneet). Yn itselde jier helle hja in brûnzen medalje yn it nasjonale efterfolgingskampioenskip. Yn dat jier ried se foar de Batavus-fytsploech ûnder lieding fan de súksesfolle ploechlieder Piet Hoekstra. In sulveren medalje waard yn 1976 helle yn it Nederlânske weikampioenskip, wylst se op it wrâldkampioenskip 14e waard. In jier letter waard Fopma 5e op het WK en 3e op it NK omnium op winterbanen. Waard se yn 1978 noch 6e op de wei by it NK, yn 1979 grypte se de nasjonale weititel en waard 18e op it WK. Yn 1981 sluet se har karriêre ôf mei grutte súksessen, mei in twadde plak op it NK.

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1975

  • 1e Wrâldkampioenskip
  • 3e Nasjonaal kampioenskip efterfolging

1976

  • 2e Nasjonaal kampioenskip
  • 6e Batavus Lenterace

1977

  • 5e WK
  • 1e Batavus Lenterace

1978

  • 6e NK
  • 7e Batavus Lenterace

1979

  • 1e NK

1980

  • 4e NK

1981

  • 2e NK

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: