Piet Hoekstra
Piet Hoekstra | ||
sporter | ||
Hoekstra as Nederlânsk kampioen efterfolging foar amateurs yn 1969 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Piet Hoekstra | |
bynamme | De Liuw fan Dokkum, Grutte Pier | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 24 maart 1947 | |
berteplak | Moarrewâld | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Baanhurdfytsen, Dykhurdfytsen | |
O.S. | Meksiko-stêd 1968 |
Piet Hoekstra (Moarrewâld, 24 maart 1947) wie in Frysk hurdfytser fan 1970 o/m 1972. Piet helle syn grutste súksessen yn Olympia's Tour. Hy wie mar 3 jier amateurkampioen fan Fryslân, mar hy hie dochs twa bynammen: De Liuw fan Dokkum (omdat hy ferskuorrende sterk wie) en Grutte Pier. Hoekstra die ek mei oan de Olympyske Simmerspullen 1968 yn Meksiko yn de ploegenefterfolging.
In jier letter waard er Nederlânsk kampioen efterfolging. Yn 1970 waard er professjonal en fytste foar de ploegen Caballero, Gazelle, Gan-Mercier en Novy Dubble Bubble. Yn 1973 waard er wer amateur en woe doe noch sa'n 170 wedstriden. Oant en mei 1978 wie dat by de ploech fan Batavus, dêr't er nei syn karriêre ploechlieder waard (1978-1986). Nei noch twa jierren Koga Myata waard Piet yn 1989 bûnscoach fan de frouljusseleksje. Hjirby wurke er ûnder oaren mei Leontine van Moorsel, Monique Knol en Ingrid Haringa.
Nei syn perioade by it bûn waard Piet Hoekstra yn 1998 adviseur fan manager Arend Scheppink. Tegearre steane se oan de widze fan de Batavus-BankGiroLotterij-Bigstartformaasje. Nei in fúzje mei de Japanske profformaasje Shimano ûnstiet yn 2005 Skil-Shimano.
Oerwinnings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1969
- 1e en 6de etappe Olympia's Tour
- 1970
- Yrseke
- 1976
Ploegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1970: Caballero - Laurens
- 1971: Gazelle
- 1972: Novy - Dubble Bubble
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|