Monique Knol
Monique Knol | ||
sporter | ||
Monique Knol mei Bart de Graaff ein jierren '90 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 31 maart 1964 | |
berteplak | Wolvegea | |
etnisiteit | Frysk | |
lingte | 168 sm | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytser | |
earste titel | Nederlânsk Kampioen 1988 | |
O.S. | Seoel 1988, Barselona 1992 | |
debút | 1988 | |
karriêre-ein | 1996 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1988 |
Monique Knol (Wolvegea, 31 maart 1964) is in eardere Frysk hurdfytster.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hja bruts troch yn 1988 doe't se Nederlânsk kampioene op de dyk waard. Dochs wie hja noch in relative ûnbekende, de ferrassing en de blydskip wiene dan ek grut doe't se by de Olympyske Spullen yn Seoel de dykwedstriid wûn. Yn in lange sprint fersloech hja de Dútske Jutta Niehaus en Laima Zilpirìte út de Sowjetuny. Knol wie de earste Nederlânske medaljewinner by it hurdfytsen foar froulju, dat yn 1988 pas foar de twadde kear op it Olympysk program stie.
Twa jier letter waard Monique Knol yn Utsunomiya (Japan) wrâldkampioen mei de Nederlânske ploech op de 50 km ploegetiidrit. Fan dy ploech makke ek in nij talint diel út: Leontien van Moorsel. Dy soe yn lettere jierren Knol efter har litte en soe der in sekere rivaliteit tusken beiden ûntstean. Yn 1992 like Van Moorsel, dy't doe wrâldkampioene wie en krekt de Tour Féminin wûn hie, de favorite by de dykwedstriid fan de Spullen yn Barselona. De gearwurking yn de Nederlânske ploech woe net echt en úteinlik wie it Knol dy't der mei in brûnzen medalje derfan troch gie.
Monique Knol wûn tolve etappes yn de Tour Féminin. De koers dy't har it bêste lei wie dy fan Tjejtrampet yn Sweden, dy't hja fjouwerris wûn. Hja hâlde op mei har hurdfytskarriêre yn 1996, hja makke in koarte comeback yn 2002 en wie ûnder oare trainer fan de Najonale Junior-froulju seleksje. Tsjintwurdich beöefenet hja de dressuersport.
Op 15 july 2008 liet Knol yn it AVRO-tv-programma Vinger aan de Pols witte dat se harsels hast letterlik stikken trainde om meidwaan te kinnen oan de Olympyske Spullen.[1]
Yn 2010 die Knol mei oan it AVRO-programma Eeuwige roem. Hja wie dêryn yn de earste ôflevering útskeakele.
Knol wennet tegearre mei har eardere trainer/ploechlieder Wim Kruis. Hja hawwe in dochter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|