Springe nei ynhâld

Marten van der Leest

Ut Wikipedy
Marten van der Leest
keatser
persoanlike bysûnderheden
bynammeit kanon fan Stiens
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum6 april 1923
berteplakStiens
stjerdatum10 maart 2008
stjerplakStiens
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sportKeatsen
funksjeOpslagger
PC1948,
1950,
1956
debút1945
karriêre-ein1957
ekstra2× PC kening (1948, 1950)

Marten van der Leest (Stiens, 6 april 1923 - dêre, 10 maart 2008) wie in keatser út Stiens. As bynammen de ‘grimmyt’ en it kanon fan Stiens’’ keatste fan 1945 - 1957 en wûn trijeris de PC te winnen. Mei 111 finales, tritich keningskippen helle er 344 punten foar it Ivich keatsklassemint.

As soan fan de grienteboer wûn er yn syn jeugd net folle prizen. Ek troch de oarloch hat er net folle keatse kind. Syn heit wie in keatsleafhawwer en 25 jierbestjoerslid fan de pleatslike keatsferiening De Boer. Hy sloech ôfgryslike hurd op, mar de rjochting wiksele noch wolris. Syn draaiende opslachballen wienen foar in soad perkspilers min werom te slaan.

Yn 1948 wûn er syn earste PC mei Theun de Bruin en Sjouke Helfrich. Yn 1950 en mocht er de keningsbal op’e nij meinimme. Yn 1956 wûn er de partij op it Sjûkelân tsjin it partoer fan syn tsjinpoal Hotze Schuil. Letter wie Van der Leest lid fan de technyske Kommisje en waard Lid fan Fertsjinste fan de KNKB. Hy wie in hielûnthâlder dy't fûl wie yn it keatsen. Troch de hege jildprizen dy't der wûn wurde koenen kaam er letter lykwols minder by it keatsen te sjen. Hy wie fûl op de ‘nap’ tsjin, omdat er fûn dat dêrtroch it tuskenspul ferdwûn. Syn soan, Durk van der Leest en pakesizzer Marten van der Leest jr. wiene ek keatser.

Marten van der Leest ferstoar op 10 maart 2008, yn 'e âldens fan 84 jier.

  • 1948 - PC PC 1e priis +kening
  • 1950 - PC PC 1e priis +kening
  • 1952 - PC 2e priis
  • 1953 - PC 3e priis
  • 1954 - de Bond 4e priis
  • 1955 - PC 4e priis
  • 1956 - de Bond 7e priis
  • 1956 - PC 1e priis
  • 1957 - de Bond 7e priis
  • 1960 - de Bond 6e priis
Boarnen, noaten en/as referinsjes: